‘Friezen zijn honkvast en gelukkig’ melde de Ljouwerter Krante op 29 maart op de foarside. It wie de útkomst fan in enkête fan de Grinzer universiteit. De enkête hjit ‘Barometer van het Noorden’ en wurdt elk jier holden. It is fansels wol nijsgjirrich te witten hoe’t de minsken yn Fryslân, Grinslân en Drinte tinke, en as jo soks mei in represintative enkête te witten komme is moai fansels.
Kerst Huisman
Mar doe’t ik it stik fierder lies, foel my in nijsgjirrich ferskil op. Der steane nammentlik fierderop yn it stik útkomsten dy’t derop wize, dat der dochs ûnder de Friezen ek oare dingen libje as tefredenens. Hiele oare dingen sels. Sa is ien fan de útkomsten dat mear as fjirtich persint fan de Friezen himsels yn it foarste plak Fries fielt, en dêrnei Nederlanner. Dêrtsjinoer stiet dat Grinslanners en Drinten har foaral Nederlanner fiele.
Der is dus ûnder Friezen in frij sterk gefoel in eigen naasje te foarmjen. Dat hat ek by eardere enkêten bliken dien. Ik sil se net allegearre neame. Mar ien moat wol efkes omtinken oan jûn wurde. Út in ein jierren tachtich troch de Kanadeeske ûndersykster Janet Mary Penrose holden enkête die bliken dat fan de ynwenners fan Fryslân 63 persint de Friezen beskôge as in fan oare naasjes te ûnderskieden folk. Fan de befolking fan de provinsje fûn 37 persint it Frysk-wêzen wichtiger as it Nederlannerskip.
In noch nijsgjirriger útkomst fan de Grinzer enkête is dat it Fryske gefoel in eigen naasje te foarmjen him ek polityk fertaalt. Mear as in fjirde part fan de Friezen soe wol ûnder it Haachske bestjoer wei wolle. Dat korrespondearret wer mei in oare útkomst, nammentlik dat in fiifde oant in seisde part fan de Friezen foarstanners is fan in noardlik lânsdiel. Mear as in tredde part fan de Friezen fynt, dat se ekonomysk eftersteld wurde troch it regear. Dat gefoel is yn Grinslân noch sterker.
Sokke útkomsten lykje my, ek sjoernalistyk sjoen, folle nijsgjirriger as wat der yn de neatsizzende kop boppe it stik stiet. Mar dy folle nijsgjirrigers útkomsten wurde efkes sa kwânskwiis meidield, fierderop yn it stik. It liket der wol wat op as wolle se sokke útkomsten by de krante mar leafst ûnder it kleed feie. It wurdt wol melden, want oars soene kritisy dêr ris oer falle kinne. No kin de krante sizze dat se it ommers wol publisearre hawwe. Mar it moat foaral net op in opfallend plak stean. Jo soene hast it idee krije dat de ideology hjir foarrang krige hat boppe de sjoernalistyk.
Boarne: Lytse Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVII, nû 2, s.18