Carys, 18-07-2008 (P-LC)

Berjocht út Baskelân
“Ast se ien kear te pakken hast, dan slagget it. En ik krij se eins altyd op gong.” Oan it wurd is juf Carys Lake. Sy is de liedster fan it sintrum Canolfan Iaith dêr’t se bern fan in jier as alve yn acht wike klearmakket foar it folgjen fan Welsktalich fuortset ûnderwiis. It binne de saneamde ‘lette ynstreamers’, bern fan Ingelsktalige âlders dy’t nei Wales ferhúzje of fan bûtenlânske komôf. Alle muorren fan har klaslokaal hingje grôtfol mei materiaal, oant de sinne (haul) oan it plafond ta. Der hingje handige wurdsjes lykas wa? (pwy?) wêr? (ble?) of wêrom? (pam?). Carys hat 14 dagen ferlyn de priis wûn foar de bêste learkrêft fan it jier fan Wales. Der stie in stik oer har yn de regionale krante mei in grutte foto derby. Se kin fol fjoer fertelle oer hoe’t it har slagget om bern dy’t gjin wurd Welsk kenne as se komme, yn koarte tiid sa fier te krijen dat se nei in Welsktalige skoalle kinne.

Yn it ramt fan in stúdzjeferbliuw bin ik in moanne yn it nije sintrum foar ûndersyk nei twataligens fan de universiteit yn Bangor yn Wales. Se dogge hjir [= dêr] ûndersyk op it mêd fan twatalich ûnderwiis en it brûken fan twa talen yn petearen, it oanlearen fan twa talen troch jonge bern en de prosessen yn ús harsens as wy twa talen brûke. De bedoeling fan myn ferbliuw is om mei de ûndersikers te kommen ta mienskiplike publikaasjes of it mei-inoar dwaan fan ûndersyk. Om mear te witten oer it ûnderwiis yn Wales binne de earste dagen beset mei skoallebesites [= skoallebesiten]. Der is in soad kontakt mei ûnderwizers op basisskoallen, yn it fuortset ûnderwiis en de folwoeksene-edukaasje.

It taalbelied en it ûnderwiis yn Wales binne al hiel lang in foarbyld foar Fryslân. Mr. F.A. Gerbens neamt it al yn de Ljouwerter fan 9 jannewaris 1930. Ik hie wol earder yn Wales west en der aardich wat oer lêzen, mar it falt alle kearen wer op hoe bot motivearre [oft] de minsken hjir binne foar har eigen taal. It wurket ynspirearjend as men immen gloedfol praten  heart oer syn wurk. Sa rekket Ken Hughes, it haad fan de basisskoalle yn Porthmadog, net útpraten oer syn nije skoalletún en hoe fijn [= moai] [oft] de bern it fine om dêr te learen en te wurkjen. Der steane buordsjes yn it Welsk by de planten, lykas de [= it] slaad (letys) en de prei (cenin). Hy krige der subsydzje foar fan de lokale supermerk.

It útgongspunt fan de Welsktalige skoallen is dat de bern ûnderwiis krije yn oerienstimming mei de winsken fan de âlders. Yn Fryslân soe dat ta aardich mear Fryske les liede[,] want âlders wolle folle mear Frysk as dat ûnderwizeres tinke. It stiet yn in rapport fan de ynspeksje en dizze [= fan ’t] maaitiid hat in ûndersyk yn opdracht fan de Ljouwerter dat nochris befêstige.

Alle bern yn Wales krije Welske les fan 5 oant 16 jier, want it is in ûnderdiel fan it nasjonale kurrikulum. In treddepart fan alle 1.527 basisskoallen yn Wale jout boppedat de helte of mear fan alle fakken yn it Welsk op de saneamde Welsktalige skoallen. Underwiis yn it Welsk wie yn it begjin allinne foar bern dy’t thús Welsk prate. It gie derom de slim bedrige taal te behâlden foar de mienskip. No is it grutste part ûnderdompeling foar de bern dêr’t it Welsk de twadde taal foar is. De skoallen stypje ek de earste taal fan der bern, it Ingelsk. It giet om mearderjende twataligens en der is gjin ferlies fan feardichheden yn it Ingelsk. Mei it fuortset ûnderwiis is der in trochgeande line. Dêr is it Welsk de lêste jierren sterk tanommen. Fryske skoallen soene dêr in foarbyld oan nimme kinne, want de ûntjouwings yn Fryslân geane sa stadich dat it betiden  [= bytiden] liket as stiet it stil.

De ferskillen tusken it Welsk en it Ingelsk as talen binne folle grutter as dy tusken it Frysk en it Nederlânsk. Se komme der yn Wales hieltyd mear efter dat alle wiken in pear oerkes Welsk oanbiede net bot helpt. Mei dy metoade fan druppel [= drip] foar druppel [= drip] kinst de taal net leare, al krigest him 11 jier oanbean. De resultaten binne oan de ein teloarstellend en de bern fine der neat oan. Neffens ûndersikers Gwen Lewis is de bêste oerbringer fan in taal en in kultuer in goede ûnderwizer. It libbene foarbyld is juf Carys Lake mei har energike [= enerzjike] en entûsjaste oanpak.

DURK GORTER

Boarne: Leeuwarder Courant, 18-07-2008

FFU: De ûntjouwings foar it Frysk geane ús yn Fryslân ek te stadich. Wy binne oergeunstich op Wales. Sjoch ek ris ús ‘Oanfalsplan’ (bgl. by Brieven, útgien 2007 en by Publikaasjes, rapporten en noata’s) en by ‘Aktueel 2008’, Rijk laat Fries taal bungelen. Tien jaar handvest bracht het Fries weinig, 15/16-07-2008 (A-LC).

En fansels, lid wurde fan de FFU kinne jo troch in e-postberjocht te stjoeren nei: ffupost@hotmail.com mei dêryn jo efternamme, foarletters, strjitte en húsnûmer, postkoade en wenplak, lân en e-postadres. Wy binne wiis mei jo, want wy kinne jo stipe skoan brûke.

<< Werom nei 'Poadium 2008'