Ivich en erflik spul om it Frysk, 18-07-2008 (P-LC)

DWERS

It ryk stekt gjin poat út foar it Frysk. Dat wie gjin nijs. Dat it no swart op wyt stiet yn it ferslach fan de Ried fan Europa, is moai en dat it Konsultatyf Orgaan dêr minister fan ynlânske saken Guusje ter Horst op fergje sil, heart ta de opdracht fan dit [= dat] advysorgaan. Ien fan de taken is ta te sjen op de útfiering, mei in djoer wurd ymplemintaasje, fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen.

Wat kin it mear dwaan as tasjen? Oanstean op maatregels en de minister leauwe op har moaie blauwe eagen as dy betterskip belooft. Dat soe dan fia de Twadde Keamer moatte, Joop Atsma hat alwer fragen steld. Och heare, dêr ha je Joop wer, gau yn de heechste beam, mar like gau wer his master’s voice. In liuw, sa’t de eardere Keamerfoarsitter Vondeling ha woe, wol er mar net wurde. Doe’t syn CDA ûnder Pears yn de opposysje siet, koe er omraak brinzgje, sûnt se yn it kabinet sitte, is er sa mak as in laam.

Wat kinne se ek ôftwinge? Rykstsjinsten lykas de belestingtsjinst opdrage yn de kommunikaasje mei Fryske kliïnten it Frysk te brûken? Dat wie altyd al in oanbefelling. Om dat ôf te twingen, soe der in sanksje op stean moatte, mar hokker dan? Dat wurdt in loaze gjalp. Sels yn it eigen bestjoerlik ferkear fan de provinsje wurde de doelstellings lykas oerienkommen yn it konvenant mei it ryk, net helle.

Mei it Frysk op ’e skoallen itselde ferhaal. As de provinsje op ûnderwiismêd alle foech krije soe, der binnen tekenen [= tekens] dy’t dêrop wize, dan soe it better wurde is de ferwachting. Soe it? Sels as oan alle betingsten foldien is, alle fasiliteiten foarhannen binne en alle moderne lesmetoaden beskikber, dan noch hinget it fan de minsken ôf dy’t it trochfiere moatte.

Pommeranten fan de Fryske beweging hawwe ferline jier in ‘oanfalsplan’ foar it Frysk opsteld, bedoeld as in soarte fan ynhelslach om de taal in effektiver plak te jaan. Dat hat neffens har allinnich kâns fan slagjen as it Frysk mear taalmacht krijt en it Hollânsk syn feitlike dominante plak kwytrekket. It Frysk moat neffens har de earste taal wurde yn domeinen dêr’t de oerheid ynfloed op hat. It moat funksje- en beneamingseask wurde foar al dyjingen dy’t dêr wurkje. Dêrby tinkie se net allinnich oan it iepenbier bestjoer en it ûnderwiis, mar ek oan bygelyks plysjes, rjochters en ofsieren fan justysje, advokaten en notarissen en finzenispersoniel.

Dy easken stim ik graach mei as it derom giet de mûnlinge kommunikaasje te tsjinjen. Yn in ôfhinklike posysje is it allinnich mar goed as jo yn de taal dy’t jo it bêste leit, te reden stien wurde. Sokke easken hearre ek te jilden foar dokters, sike- en ferpleechhûspersoniel, foar it personiel fan de Spoarwegen, foar bus- en taksysjauffeurs, ja folle net genôch. It Frysk hat  foar de measte Frysktaligen allinnich de funksje fan sprektaal. Dat ideaal te ferwêzentlikjen, is al yngewikkeld genôch.

Mar wat komt fan it ideaal op ’e hispel as it ek de ferplichte earste skriuwtaal wurde moat? Men soe ferwachtsje dat dit yn it bestjoerlik ferkear fan de oerheid al fierhinne praktyk is, ek tusken de oerheden ûnderinoar. Mar sels mei de kultuernotysje fan de provinsje kealle it noch swier (sjoch Dwers 4-7). Op plakken yn it apparaat dêr’t it om folslein oare deskundichheden giet, spilet it Frysk yn de kommunikaasje minder in, of alhiel gjin rol. Amtners, dy’t it Frysk skriuwen en lêzen net mei de brijleppel yngetten krigen ha, hawwe yn ’e regel wol op kursus west en ek mei goed gefolch eksamen dien, mar linich fan it Hollânsk op it Frysk oerskeakelje, dat slagget har net sa gau, temear net om’t se yn har wurk faktermen brûke dêr’t it Frysk gjin of op syn bêst keunstmjittich nijmakke wurden foar hat.

Om in Fryske brief ta de doar út te krijen, moat der dus earst immen fûn wurde om it oer te setten. Dan komt dy brief op it buro fan in amtner by de iene of oare gemeente en dy wachtet deselde wrakseling. Op syn slimst moat er it earst troch in betûfte Fries yn it gemeentehûs ‘fertale’ litte, wol er it lêze kinne. It antwurd moat dan fansels ek wer oerset wurde ear’t  dat nei de provinsje giet.

Hjir [= Dêr] helpt kursus noch bonus tsjin, noch oantrún fan hegerhân, lit stean sanksjes. De praktyk is dus dat der om tiid en argewaasje te besparjen ‘gewoan’ rjochtstreeks tusken de amtners kommunisearre wurdt yn it Hollânsk om’t har dat it bêste handiget.

De fraach is no, oft dit [= dat] probleem dat him by de provinsje[,] mar ek by de gemeenten op moai grutte skaal foardocht, struktureel is, of fan tydlike, foarbygeande aard oant it oanfalsplan mei sukses útfierd is en it Frysk syn rjochtlik earste plak opeaske hat en ek as fiertaal op ’e skoallen gewoan wurden is.

De fraach stelle[,] is him beäntwurdzje. Want wylst der oan de boppekant alle war dien is en wurdt om it Frysk te behâlden troch it safolle mooglik ek offisjeel ta te stean en leafst te brûken, is der oan  de ûnderkant, by de sljochtwei Fryskpraters, “in oanwinnende ferhollânsking, dêr’t langer ek noch frijwat tekens fan feringelsing  trochrinne.”

Dit sitaat is fan Anne Wadman dy’t yn 1992 al oankommen seach dat dit proses net te kearen wie, en dat it op ’en doer ek foar it Hollânsk jilde sil. “As ik it tige sterk útdrukke mei”, foege hy [= er] deroan ta, “lykas de Fryske taal earder ‘útstjerre’ sil as de Fryske literatuer, sa sil ek de Nederlânske taal as gewoan-minsklik kommunikaasjemiddel earder belies jaan dan as kultureel en literêr medium’ (LC 282-1992 yn syn rubryk Taal-tipelsinnichheden).

Wat it Frysk oanbelanget, is dat proses hurd oan ’e gong, dêr helpt gjin learmiddel tsjin. It Frysk as kultuertaal is lykwols noch hieltyd yn libben gebrûk, it tal skriuwers én sjongers dy’t it Frysk foar kar nimme, hat noch nea sa grut west. Opmerklik is wol dat oars as earder skriuwers har net mear inkeld ta it Frysk beheine, mar dêrneist ek yn it Hollânsk publisearje (sjoch it foarbyld hjirboppe) [in artikel oer Harmen Wind dy’t dat docht, FFU]. Se binne twatalich opbrocht en komme der rjocht foar út dat se har like goed yn it Hollânsk rêde. Wêrom moat men dan amtners tsjin heuch en meuch it Frysk as kommunikaasjemiddel oplizze?

It docht mear fertuten om mar flink wat jild yn kultuer te pompen, yn de fernijing fan in selsstannige stichting It Fryske Boek bygelyks en yn Fryske tydskriften, op betingst dat dy net tefolle Hollânsk opnimme. Oars kin it Frysk fuort wol by ’t jiskefet.

PIETER DE GROOT

Boarne: Leeuwarder Courant, 18-07-2008, s. 16 [‘Freed’]

FFU: Sjoch ús ‘Oanfalsplan’ (bgl. by Brieven, útgien 2007 en by Publikaasjes, rapporten en noata’s) en ek by ‘Aktueel 2008’, Rijk laat Fries taal bungelen. Tien jaar handvest bracht het Fries weinig, 15/16-07-2008 (A-LC).

<< Werom nei 'Poadium 2008'