Wetternammen, 29-07-2008 (P-LC)

Yn it fiere ferline binne ús de wetternammen (Bitgumerfeart) ûntnadere. Allinnich de Hollânske nammen (Beetgumervaart) mochten op ’e kaart stean. No’t wy lykwols ús nammen weromkrigen hawwe, wol haadredakteur Mulder dy net allinnich op ’e kaarten hawwe, de Hollânske moatte derby (LC 17 july). Mar hoe komt it dan yn de noardwest- en súdeasthoeken? Trijetalige nammen: Súdderfaart/Suderfeart/Zuidervaart en Kuunder/Tsjonger/Kuinder?

It hoecht sa mâl net, it kin skoan mei ientalige nammen ta. Ut de Ljouwerter fan 20 maart 2003: 1. “Ik tink net dat de wettersporters fan bûten (...) ynienen de ferkearde kant opfarre, of it moat al in hiel domme boatsjeman wêze.” (Geert Zoetendal, bestjoerder fan de NNWB); 2. “Heechút [= Op syn heechst] jout it yn it begjin by sommige toeristen wat yrritaasje, krekt as earder by de Fryske plaknammen. Mar dat driuwt wol oer.” (Thea Meinderts fan it NNTB)
De invoering ervan (fan ús wetternammen, BJP) betekent een herstel van de historische situatie (LC 15 maart 2007). En dat wie in tastân sûnder dy Hollânske nammen.

Bitgumermole, B.J. Postma

Boarne: Leeuwarder Courant, 29-07-20089, s. 7 [ynstjoerd]

Taalbeleid, 07-08-2008 (P-LC)

In het hoofdartikel van 17 juli schreef M. [= Rimmer Mulder] onder de titel ‘Toeristisch taalbeleid’ dat Duitsland in verschillende talen verschillende namen heeft. Geen probleem, aldus M., maar in Friesland geldt de regel dat als iets op de kaart officieel een Friese naam heeft gekregen, alleen die naam telt. Een mank gaande vergelijking. Ook in Duitsland telt alleen de officiële naam.

Naar Nederlands staatsrecht mag maar één toponiem het officiële zijn. Ligt in voorkomende gevallen het werkelijke probleem misschien daarin dat een Friese naam de officiële is?

Hurdegaryp, J. Rinzema

Boarne: Leeuwarder Courant, 07-08-2008, s. 4 [ynstjoerd]

Taalbelied (2), 07-08-2008 (P-LC)

De kolom fan ‘M’ op it foarblêd fan de Ljouwerter krante ûnder it opskrift ‘Taalbeleid’ wie de smeulske kant it neist. Dat guon Berlijn, Parijs, Kopenhagen, ensfh. sizze, dêr kinne Berlin, Paris, København neat oan dwaan, en docht harren ek neat. Mei plak- en wetternammen yn Fryslân leit dat wat oars. De ferhollânske ferzjes fan al lang besteande eigen Fryske nammen, sa as Oostermeer, Oosterbierum, Oldeboorn, Slotermeer, binne fan bûtenhôf oplein. Dat wy no de eigen Fryske nammen, dy’t noch altyd brûkt wurde, wer harren terjochte plak werom jouwe, is it wer rjocht setten fan in fout; fan in stikje taalferdrukking.

Grou, P.J. Deelstra

Boarne: Leeuwarder Courant, 07-08-2008, s. 4 [ynstjoerd]

<< Werom nei 'Poadium 2008'