Oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten
en de leden fan Provinsjale Steaten
Provinsje Fryslân
Snekertrekweg 1
Postbus 20120
8900 HM LJOUWERT
Feanwâlden, 18 augustus 2008
Underwerp: ‘List mei Fryske ICT-termen Community Glossary’, Microsoft-list (Ms-list)
Achte leden fan Provinsjale en Deputearre Steaten,
Yn De Pompeblêden, 2008, nû. 2, waard oankundige dat de ‘List mei Fryske ICT-termen Community Glossary’ klear is. Boppe it stik stiet ‘Nei in Fryske fariant fan Microsoft’. Op himsels treflik, soe men sizze. Wer in stap foarút mei it Frysk. Mar dochs net alhielendal. Ik wol dat graach yn dit brief taljochtsje.
Om’t ik al sûnt 1996 kompjûterbegripen yn it Frysk sammelje en ek út it Ingelsk wei nei it Frysk ta oerset, haw ik de boppeneamde list ynladen en goed bestudearre. Ik haw myn ear ek te harkjen lein yn de rûnte fan Friezen dy’t sels programma’s oersette, mar ik skriuw dit brief op persoanlike titel. Ien en oar jout my oanlieding ta in stikmannich punten fan fûnemintele krityk dy’t ek foar Fryske politisy fan belang wêze kinne. Der is ommers provinsjaal jild yn it projekt stutsen. Om myn krityk ta te ljochtsjen, haw ik earst kontakt socht mei de twa provinsjale amtners dy’t by it proses behelle wiene. Se binne dus op amtlik nivo op ’e hichte fan myn opfettings en oardiel. Dochs liket it my fan belang en rjochtsje my ek ta jimme as provinsjale bestjoerders en folksfertsjintwurdigers.
Yn 1996 wie ik ien fan de earsten, miskien wol de earste, dy’t mei it sammeljen/oersetten fan kompjûterbegripen yn/nei it Frysk oan ’e slach gie. No bin ik benammen in bêta-man, dat ik haw oant en mei 2003 de oanbelangjende begripen ek altiten foarlein oan en bepraat mei 0101010, taalkundige fan it Taalburo fan de Fryske Akademy. Oant it momint dat 0101010 mei de VUT gie, hat er fan my by taalkundige tûkelteammen altiten it lêste wurd krige.
Al rillegau ûntstie troch myn sammeljen in list. Doe’t dy list op it ynternet kaam, waard my dúdlik dat gâns jonge minsken nocht hiene en hawwe oan it oersetten fan kompjûterprogramma’s nei it Frysk ta. Se binne tige entûsjast, mar harren kennis fan de kompjûter en wat dêrmei anneks is, is faak (gâns) better as dy fan it Frysk. Om’t myn kennis fan it Frysk ek syn grinzen hat, haw ik in groepke (Afûk-)dosinten frege om de oersettings fan de jongerein op taalkwaliteit fan it Frysk te hifkjen en dêrnei mei taalsuggestjes te kommen. Dêr is in hiele aardige gearwurking út ûntstien. Mei-inoar hawwe wy, allegearre op ús plak, in soad lytsere en gruttere programma’s nei it Frysk ta oerset. Fansels komme yn sa’n proses de bettere en de bêste oersettings nei boppen. In blomlêzing fan dy begripen fine jimme yn myn oan dit brief taheakke list werom.
No myn krityk op de Microsoft-list (Ms-list).
Fansels bin ik graach ree en ljochtsje ien en oar persoanlik ta, as jimme der ferlet fan hawwe. Mocht de list yn ’e takomst op ’en nij bewurke wurde, dan soe ik fansels de foar-bylden fan myn krityk ynbringe kinne.
Myn wichtichste fraach oan jimme as Deputearren en Steateleden is: Hoe kin it dat sa’n foar de emansipaasje fan it Frysk wichtich projekt sa amateuristysk oanpakt is? Doe’t ik derefter kaam, wie it jild al takend, dus ôfblazen hie gjin doel mear.
Fierders wol ik jimme graach twa oanbefellings meijaan foar de takomst, dy’t de kwaliteit en de kwantiteit fan it Frysk yn soartgelikense projekten of listen sterk ferbetterje kinne. Fansels ek dy fan de Microsoft-list as dy wer revisearre wurdt of wurde moat. Fan de list dy’t der no leit, wurdt it Frysk yn de takomst net ‘riker’ en dat is net allinnich in miste kâns, mar fansels ek jildfergriemen.
1. Hoewol’t in list dy’t taskreaun is op de kompjûterprogramma’s fan ien fabrikant,nea de standert foar programmatuer fan de oaren wurde kin, moat de kwaliteit en de kwantiteit fan it Frysk yn de no gearstalde Microsoft-list sterk ferbettere wurde.
a. Dêrfoar is it needsaaklik dat der in wêzentlike ynbring is fan safolle mooglik saakkundige frijwilligers.
b. It liket my ek tige winsklik dat de Provinsje sels mear behelle wurdt yn it proses en it produkt, bgl. trochdat de oersetter fan de Provinsje (mei) de einredaksje krijt.
2. Der moat foar soarge wurde dat der gâns mear Ingelsk oerset wurdt yn it Frysk.
De hoemannichte wurden en útdrukkings dy’t ferfryske wurde kin, kin wol mei 20 à 30 prosint omheech.
Mei ik op ridlike termyn in ynhâldlike reaksje fan it Kolleezje fan DS en leden fan PS op myn opmerkings en suggestjes yn ’e mjitte sjen?
Mei rju achtinge en freonlike groetnisse,
Cor Jousma
Feanwâlden
Taheakke:
Myn list mei kompjûterbegripen