Wy sjogge dat de Georgiërs wreed optrede tsjin wat har eigen minsken wêze moatte soene: de Osseten. Dat komt, dy Osseten hearre net ta it nasjonale ferhaal fan it âlde Georgië: se binne letter mei geweld binnenkommen, om’t der yn har eigen lân gjin plak mear wie. Sokke minne ferhâldings sjogge wy mei mear folken dy’t net ta it nasjonale ferhaal hearre: de Flamingen yn België, de Basken yn Spanje, de Kossovaren yn Servië, de Koerden yn Turkije, de Tamils op Sri Lanka. Mar it kin ek oars: de Welshmen steane wol yn it Ingelske ferhaal, se hearre der hielendal by. Sa is it ek mei de Retoromanen yn Switserlân en de Maori’s yn Nij Seelân.
Mei de Friezen yn Nederlân is it wat in tuskensaak: it is foar in bulte minsken net rjocht dúdlik oft se der wol by hearre en dat liedt ta ferwaarleazing en soms sels diskriminaasje. En dat wylst it bêst oars kin: it midsieuske Fryske keninkryk is de foarrinder fan de Nederlânske steat, de Fryske Eastseehannel efkes letter de foarrinder fan ’e Nederlânske Gouden Ieu, de Aldfryske wetten it grutste dokumint fan iere demokrasy yn Nederlân en de erkenning fan Amearika de foarrinder fan “Nederland gidsland’. Dat binne allegearre dingen dy’t yn it Nederlânske ferhaal (de ‘canon’) hearre, net ta meardere eare fan ’e Friezen, mar om in goede takomst tegearre mooglik te meitsjen.
Mildaam, P. Kramer
Boarne: Leeuwarder Courant, 25-08-2008, s. 4 [ynstjoerd]