Hindrik ten Hoeve: It probleem fan de regio. Wêr stiet de FNP?, 15-09-2008 (P-FB)

De koarte oarloch yn Geörgië en benammen de erkenning dêrnei troch Ruslân fan de twa opstannige regio's, Abgazië en Súd-Ossesië, levere dalik in diskusje op yn de FNP. Hoe wolle wy omgean mei lytse folkjes dy't nei autonomy/selsstannigens stribje? En ek, wolle wy oer sokke gefallen publyk in miening útsprekke of ús leaver stilhâlde? Dat lêste is in serieuze fraach, want it giet yn de praktyk alle kearen oer polityk tige gefoelige saken.

It útgongspunt foar ús partij moat wol dúdlik wêze: foar ús hawwe folken, ek lytse folken, yn prinsipe it rjocht fan selsbeskikking. Yn de ynternasjonale praktyk wurdt dat begryp fansels ek brûkt, mar dat betsjut net dat in folk samar kieze kin foar in eigen steat. Neffens it folkerjocht kin de ûnôfhinklikens fan in ûnderdiel fan in besteand lân allinne útroppen wurde as alle partijen it dêr mei iens binne. Sjoch Kosovo - iensidich ûnôfhinklikens útroppen, dus einliks net yn oerienstimming mei it folkerjocht - en no dus ek Abgazië en Súd-Ossesië - itselde ferhaal.

Alhoewol't it net foar de hân leit (net ferstannich wêze soe!) om it ynternasjonaal rjocht samar oan de kant te skowen, liket my ta dat wy dochs wat gauwer ree wêze sille om in folk dat selsstannich wêze wol, dat rjocht ek te gunnen. Yn it gefal fan Kosovo hat it westen ek, einliks dus tsjin it folkerjocht yn, de kant keazen dy't wy (tink ik) ek kieze moatte: as in folk echt frij wêze wol, dan erkenne wy (úteinlik) de útroppen ûnôfhinklikens. En wy soene miskien noch wol ien stap fierder dwaan kinne en wês ek ree om de grinzen fan sa'n nije steat oan te passen oan de befolkingsgearstalling. Yn it noarden fan Kosovo, noardlik fan Mitrovica, is de befolking Servysk. Wat is derop tsjin om de grins oan te passen en dizze Serviërs it rjocht te gunnen om by Servië te bliuwen? Fansels moat (yn oerienstimming mei it folkerjocht) ûnderhannele wurde oer hoe't dat dan krekt moat, mar dat soe dochs útgongspunt wêze kinne foar in ferstannich stânpunt oer sa'n kwestje. Better, nei alle gedachten, as it legalistyske stânpunt fan de westlike lannen dat de besteande grinzen (ek dy fan Kosovo) hillich binne.

Útgongspunt foar ús soe dus net allinne wêze moatte ‘alle folken hawwe rjocht op selsbeskikking', mar ek ‘de besteande grinzen kinne, wêr't dat winsklik is, oanpast wurde oan de feitlike befolkingsgearstalling'. Troch (nije) grinzen safolle mooglik oan te passen oan de befolking, wurdt minderhedeproblematyk safolle mooglik te foaren kommen. Dêrmei binne fansels net alle minderhedeproblemen daalk oplost. Dêr't folken trochinoar wenje (de Balkan en de Kaukasus binne foarbylden!) bliuwe grif altiten minderheden bestean. Net alle lytse minderhedegebieten kinne in selsstannige steat wurde en soms wenje de folken ek echt folslein trochinoar hinne.

Noch in útgongspunt dus: dêr't minderheden gjin steat foarmje kinne omdat se dêr te lyts foar binne, mar wol yn in regio konsintrearre wenje, kin de regio selsbestjoer (autonomy) krije binnen de besteande steat (mear of minder fiergeand, mar yn alle gefallen op it mêd fan taal, kultuer en ûnderwiis). As de minderheid net yn in regio byinoar wennet, mar ferspraat tusken oaren, kin in foarm fan kulturele autonomy betocht wurde dy't net regionaal is, mar wol bygelyks mooglikheden jout om eigen skoallen en oare kultuerdragende organisaasjes te ûnderhâlden.

Regio's mei autonomy binne op 't heden fansels de grutte regio's as Flaanderen en Walloanje, Skotlân, Kataloanje en Baskelân - mar dy binne yn in situaasje dat op termyn folsleine ûnôfhinklikens miskien wol mear foar de hân leit. De ûnôfhinklike lannen fan Europa foarmje ommers yn dizze tiid dochs wer in ienheid yn de Europeeske Uny - dus folle beswieren hat ûnôfhinklikens net mear. Fierder is in prachtich foarbyld fan in lytsere regio dêr't (kulturele) autonomy op syn plak wêze soe, mar dêr't net yn reedlikens oan ûnôfhinklikens tocht wurde kin fansels Fryslân! Dat hat dan ek altiten it alderwichtichste doel fan de FNP west: in (kultureel) autonoom Fryslân.

En dan werom nei it probleem dêr't wy op 't heden mei tangele sitte, Abgazië en Súd-Ossesië. Útgeande fan de regels dy't hjirboppe neamd binne, soe foar beide regio's in autonome status binnen Geörgië - har eigen steat dus - it meast yn 'e beneaming komme. Beide hawwe sa'n bytsje ynwenners dat ûnôfhinklikens net echt foar de hân leit. Súd-Ossesië hat noch gjin 100.000 ynwenners (wêrfan 66% Osseten, 29% Geörgiërs, dêr't no in grut tal fan flechte binne!), Abgazië hie sa'n 500.000 ynwenners (wêrfan 17% Abgazen en 48% Geörgiërs), mar nei it ferdriuwen fan de measte Geörgiërs yn 1992 rûze de Feriene Naasjes it ynwennertal op sa'n 200.000 (wêrfan dus noch net de helte Abgazen).

It tragyske by Abgazië is dat noch mar 150 jier lyn dêr wol 500.000 Abgazen wennen, dêr't doedestiids 400.000 fan troch de Russyske tsaar ferdreaun binne en ferfongen troch oare ynwenners (Russen en Geörgiërs). Dochs jout de hjoeddeiske befolkingsgearstalling (de ferdreaune Geörgiërs dêr noch by rekkene!) gjin reden om in oare oplossing as autonomy binnen Geörgië as reedlik te beskôgjen. It misdiedige (moarddiedige) optreden yn de ûnôfhinklikensstriid fan 1992 jout ek gjin reden om de separatisten te stypjen. Mar krekt dat kustgebiet is foar de Russen oantreklik om ynfloed yn te hawwen en dy stypje har dus wol!

Súd-Ossesië, dat dus noch folle minder minsken telt, mar wol yn mearheid Ossetysk is, moast op grûn fan ús boppe ûntwikkele útgongspunten miskien wol de kâns jûn wurde om in oare kar te meitsjen as om diel te bliuwen fan Geörgië. Omdat ûnôfhinklikens net echt serieus nommen wurde kin, is dan it (iennige realistyske) alternatyf feitlik oansluting by de Russyske federaasje. Mar Ruslân hat al in berch problemen mei alle folken en folkjes yn de Kaukasus (tink oan Tsjetsjenië). Dat wurde der, mei Súd-Ossesië derby, grif net minder.

In oplossing foar dy konfliktgebieten is net direkt foar hannen, mar Europa soe net te bang wêze moatte en begjin in iepen oerlis oer de takomst fan de twa regio's mei elkenien dy't it oangiet (ek de Russen). De besteande grinzen soene dêrby net hillich ferklearre wurde moatte (lykas oant no!). Grinzen moatte neffens de winsk fan de befolking lutsen wurde kinne. Mar al dy ferdreaune flechtlingen hawwe dêr dan fansels wol it rjocht by om meiteld te wurden!

Boarne: Frijbûtser, Moanneblêd FNP, 15-09-2008 (webstek FNP)

<< Werom nei 'Poadium 2008'