Lokwinske Drylts
Op 6 maaie wûn Barrack de ferkiezingsstriid yn North Carolina fan Hillary mei 58% fan de stimmen. Barrack syn oerwinning wie ‘overtuigend’ en Hillary hie in ‘dreun’ krige. (LC 7,8 maaie) Ferline jier wie 58% fan de 1986 stimmers it iens mei de stelling ‘alle gemeente- en plaatsnamen in het Fries’. (LC 25, 26 april 2007) De oerwinnings fan ús eigen gemeente- en plaknammen op ’e Hollânske binne dus lyksa ‘overtuigend’ en de Hollânske krije dus lyksa in ‘dreun’.
Op 20 maaie is yn Drylts it sânde plaknammebeslút nommen. Fan de fyftjin bywêzige riedsleden stimden fjouwer (GBW) der tsjin. Mei 73% fan de stimmen meie de oerwinnings fan ‘Drylts’ en ‘Folsgeare’ wol ‘sterker as oertsjûgjend’ neamd wurde en de dreun dy’t ‘IJlst’ en ‘Folsgare’ krigen hawwe, ‘in omraken dreun’. Meiertiid wurde de kombuorden ientalich Frysk; de Hollânske nammen geane dan nei it museum ta.
Lokwinske Drylts, no nûmer sân yn de rige nei de gemeenten fan Burgum, Grou, Wommels, Ferwert, Damwâld en Stiens. Nûmer acht liket op kommenswei te wêzen. It rint as it spoar, tinkt my.
Boppesteand stikje stjoerde Postma as ‘ynstjoerd stik’ nei de Ljouwerter Krante. Hy hie graach in rige ‘Lokwinske, Damwâld’ - ‘Lokwinske, Stiens’- ‘Lokwinske, Drylts’... yn de krante hawwe wollen. Mar dat woe kranteman Willems – de man dy’t oer de ynstjoerde stikken giet – net lije. Boppesteande stikje naam er lykwols al op mar ... Hy feroare de kop yn ‘Plaknammen’ en ... de hjir fetprinte sinnen hat de man skrast. Dy sinnen hiene begjin en ein fan it stikje ferbine moatten. In skeind en ûnfolslein stikje dus. Dêrom nimme wy it folsleine stikje fan Postma hjir op [yn Lyts Frisia, sept. 2008]. It ûndersteand stikje fan Postma waard ek as ynstjoerd stik nei de Ljouwerter Krante stjoerd. It waard lykwols net opnommen en de reden dêrfan waard ek net neamd.
Forza Frjentsjer
Trettjin doarpen yn Frjentsjeradiel krije har eigen nammen werom. De bewenners binne út ’e skroeven en Frysk Fryslân is bliid mei har. Alleman hie it oars oankommen sjen kinnen.
‘De opmars van de Fryske plaknammen’(LC 23 maaie) is fan Damwâld oer Stiens en Menaam – mei in útstapke nei Drylts ta – no yn Frjentsjer oankommen. (LC 6 juny) Mar dy hâldt net ho by Hjerbeam en Seisbierrum, de koerts bliuwt westoan. It Harlinger kolleezje is wach: Midlum en Wijnaldum meie ‘Mullum’ en ‘Winaam’ wurde, foar har dierber ‘Harlingen’ sille alle stedsjers de striid stride oant de lêste tobbedûnser fallen is.
En yn Frjentsjer? De LC-redakteur De Groot hie it bryk achte, ‘dat de Slachte begjint yn Oosterbierum en even ûnder Easterwierrum einiget’. ‘De PvdA-er De Bok voelde zich (erdoor) uitgedaagd’. Yn de riedsgearkomste fan 5 juny kaam er mei syn doarpsnammemoasje, dy’t mei alve fan de santjin stimmen (65%) oannommen waard.
Ik achtsje it bryk, dat oan de Alvestêderûte tusken de beide Fryske stêden Drylts en Dokkum dy Hollânske stêd Franeker leit. In twadde útdaging foar De Bok?
Oan it kolleezje fan Gaasterlân-Sleat
Bitgummole 14 july 2008
Tige achtbere Boargemaster, rju achtbere Wethâlders,
It hat hokkerjiers in toer west om de gemeenten oan de wetternammen te krijen. Yn jim gemeente eine it amper hurder as in slak krûpe kin, mar de rie is akkoart gien mei ‘De Fluezen, Sleattermer Mar’ en ‘Brandemar’. Dan foeget it no net, tinkt my, om te bearen dat der te jimmes neat feroare is, en om no noch ‘De Fluessen’, ‘Sloter- en Brandemeer’ te skriuwen. Sa’t jimme fan jim boargers fergje dat se har oan riedsbeslút en oardering hâlde, sa meie se yn it Provinsjehûs fan jim fergje dat jim jim oan it steatebeslút fan 15 maart 2006 hâlde. En safolle wetternammen binne der yn jim gemeente net, dy binne maklik út de bleate holle te learen. Oan de nije ‘Twiebaksmerk’ moatte se mear as tûzen namme leare en ûnthâlde.
Der is noch ien en oar. De Ljouwerter makket in rommelsoadsje fan de nammen – ik haw der mei de haadredaksje oer skreaun. Ik leau, de krante sil de ferâldere, net mear besteande, nammen net ôfskaffe, salang’t de oerheden in potsje fan de nije nammen meitsje.
Soene jim jim tenei oan it steate-wetternammebeslút hâlde wolle? De trije, boppeneamde, marren meie foar in part yn jim gemeente lizze, se binne uzes meielkoar. Sadwaande wiis ik jim op jim flaterjen.
Mei Bitgummoolster achtinge.
Fan Dijken nei Diken
De fisken yn it Skarsterlanner wetter – snoeken, bearzen, bleien, en sa – binne yn hom en kút Skarsterlanner fisken. It wetterfolk is helte machtiger as it lânfolk, dat in gemeentlike minderheid is. Regearders en bestjoerders hawwe ornaris mear op mei in mearheid. Wêrom’t dat sa is, wit ik net, mar it is no ienkear sa en net oars. Yn Heremastate sit de minskeminderheid ek wat op in Jan Poeps plak.
De bearzen en bleien en wytfiskjes, se hiene it yndertiden net rjocht nei it sin, bygelyks, de Zwarte Sloot en de vaart van Sint Nicolaasga. Se wiene wakker oergeunstich op har susters en bruorren yn de Oeble-om-sleat en de Feansterfeart. It wetterfolk stie yn Herema State oan op in fatsoenlik swimklimaat en de bestjoerders harken nei har. Dat wie yn april fan 2001 en yn maartmoanne fan 2006 wie it al sa fier. Bleien en foarnen en reade ielen, se koene de wille net op yn de Swarte Sleat en de Sint-Nykster Feart, en sa. It jonge folkje hapte, breadronken, nei alles dat it mar behappe koe, nei lucht (dat gjin kwea koe) en nei wjirms (dat it better nét dwaan koe).
It lânfolk wie oe sa oergeunstich op de fiskemearheid: “Dy wól en wy nét? Wy binne net minder as dat wetterflok yn ús fearten en sleatten, marren en puollen. No’t bleien en wytfisken en blauwe ielen hár Jiskenhúster Feart en Langwarder Wielen hawwe, soene wy ús Jiskenhuzen en Langwar wol hawwe meie. Lyk rjocht foar minsken en fisk, lyk rjocht foar elk! Wy steane der by Herema State op oan, dat ús doarpsnammen de status fan offisjele nammen krije, dat de Dunegeasters yn Dunegea wenje sille, de Dyksters yn Diken.”
Fan Snikzwaag nei Sniksweach, fan Dijken nei Diken. Mear as in grypstehealstoer hoecht it net te kostjen. Mear as it oergearkommen is it net.
Mei Bitgummoolster achtinge.
Boarne: Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVII, nû. 3, sept. 2008, s. 36, 46-48