Frysk foarearst net yn Grûnwet, 26-02-2009 (A-FNP)

Op 21 jannewaris wie yn De Haach it ferfolch fan it oerlis yn de Twadde Keamer oer de Grûnwet. It Steatekomitee Frysk fan Provinsjale Steaten hat der wer hinne west. Wat de taalkwestje oangiet komt it no dochs wer oars as it like mei it earste debat op 1 oktober, dêr't Fryslân en de FNP sa manmachtich yndruk makke op de publike tribune.
Om mar wer efkes mei beide fuotten op de grûn te kommen: foar de Keamer stiet net de taal sintraal. It giet yn de diskusje oer hiel oare saken. It doel is de binende wurking fan de Grûnwet foar de Nederlânske steatsboargers te fergrutsjen en de tekst tagonkliker te meitsjen. Tink oan it Amerikaanske foarbyld. De gedachten geane benammen út nei de konstitúsjonele toetsing, nei it opnimmen fan in pre-ambule of foaropwurd yn begryplike taal, nei it opnimmen fan de grûnrjochten foar de boarger, it al dan net opnimmen fan saken lykas it rjocht op libben, nei de relaasje mei de ynternasjonale rjochtsoarder, en jawol, it Nederlânsk as ‘ferbinende taal'.

Opposysje: in dizenich útstel
De folsleine opposysje bliuwt ek no fan miening dat in Steatskommisje Grûnwet net nedich is. Hja hiene al earder steld dat mei it opnimmen fan it Nederlânsk it Frysk in lykweardige behanneling krije moat.
SP, VVD, SGP en D66 hiene grutte fraachtekens by nut en needsaak fan de kommisje. Se fûnen de útstellen fan minister Ter Horst dizenich. Mei de krityk fan 1 oktober wie ek net folle dien, sa waard steld. Der wie in pleit fan Pechtold om, as de regearing dochs trochset, de kommisje út eksterne saakkundigen gear te stallen, foaral gjin amtners. En ek net, sa't Ter Horst har ûntfalle liet, heechleararen neffens in beskate ‘politike ôfspegeling'.
Wurdfierder Schinkelshoek fan it CDA wie ditkear justjes tasjitliker as it om it Frysk giet: ‘Met het opnemen fan het Nederlands volgen ook de andere talen, om te beginnen het Fries.'
Mei de koalysjepartners PvdA en ChristenUnie wachtsje se de útstellen fan de minister no ôf.

Ter Horst set troch
Minister Ter Horst (ynlânske saken en keninkryksrelaasjes) komt mei in konkreet tekstútstel foar in pre-ambule. Dêr moatte dan de wearden yn oanjûn wurde dy't wy as steatsboarger diele. Hja hechtet o sa oan de opdracht út it regearakkoart om it Nederlânsk yn de Grûnwet op te nimmen. De Steatskommisje advisearret wol, mar it kabinet sil sels bepale wat te dwaan mei de advizen. Ter Horst set dus troch, en de stipe fan de koalysje is har foarearst genôch. Op foarhân tekenet him oars gjin 2/3 mearderheid ôf foar hokker ynhâldlik útstel dan ek. Dat is hiel goed te begripen, as it giet om bygelyks it opnimmen fan it rjocht op libben. Allinnich dêr sit al in wrâld fan debat efter ferskûle oer etyske tema's lykas abortus, eutanasy, genetysk- en embryo ûndersyk en gean sa mar troch.

In apart trajekt foar it Frysk
Minister Hirsch Ballin (Justysje) hie dêrnei noch mar fiif minuten nedich om it stelsel te sketsen dat him foar eagen stiet. De Steatskommisje moat advisearje oer de grûnrjochten en de relaasjes mei de ynternasjonale rjochtsoarder. Net oer de konstitúsjonele toetsing want dêr hat de Earste Keamer krekt in wetsútstel oer oannommen. Boargers kinne tenei mei de Grûnwet yn de hân nei de rjochter stappe.
Oangeande de taal wol it regear dat it Nederlânsk as ferbinende taal yn it Keninkryk opnommen wurdt. Behearsking fan dy taal jildt as betingst foar it krijen fan it steatsboargerskip troch nij-ynkommelingen. De ferskate lannen yn it Keninkryk moatte dan sels yn nasjonale wetjouwing de oare gongbere talen mar regelje. Lykas it Frysk yn Nederlân en it Papiamentu en it Ingelsk op de Antillen. Dy krije in apart trajekt.
It kabinet komt no ynkoarten mei in brief oan de Keamer oer de definitive opdracht foar de Steatskommisje. De kommisje moat foar de simmer ynsteld wurde en komt medio 2010 mei in advys. Dan moat it kabinet der wer oer gear foar in stânpunt en foar dat it dan wer oan de polityk ta is binne wy sa mar 2011.

Lûke oan in dea hynder?
It Steatekomitee sil him no beriede. Is it mei dit regear lûken oan in dea hynder wat it Frysk yn de Grûnwet oanbelanget? Wy wolle de winst yn elts gefal net kwyt dat Fryslân no polityk ferienige is en net langer ferdield yn syn krewearjen foar it Frysk.
De feroaring fan de grûnwet ferdwynt oant 2011 in skoftsje efter de Haachske skermen. Ûnderwilens sil Fryslân fûleindich ynsette moatte op it ‘aparte trajekt' dêr't Hirsch Ballin op tsjutte. Wy hawwe it dan oer de desintralisaasje fan foech en middels, sis mar de kulturele autonomy as it om it Frysk giet, yn it ramt fan de Kommisje-Lodders. De FNP sil him hjir fansels maksimaal foar ynspanne. Mar ek hjir bliuwt it oppassen lykas by de Grûnwet: as De Haach mei in bod komt dat ús net noasket, is it faaks better dêr net yn mei te gean, lykas de opposysje yn de Keamer no ek dien hat. Sis mar it ferskil tusken ferliedlike symboalpolityk of konkreet genôch saken beskreppe foar it Frysk.
 Boarne: Nijsbrief FNP, Steatefraksje, 04-02-2009 [Yde Dijkstra]

<< Werom nei 'Aktueel 2009'