De FNP wol gruttere meartalige ambysje yn de ûnderwiisdiskusje oer Boppeslach bringe. In wichtige taak en ambysje fan de Provinsje is dat alle bern de kâns krije om meartalich op te groeien. Dat is ek in sintraal útgongspunt yn it kolleezje akkoart. Om dat te berikken wol de FNP in pilot opsette om it basisûnderwiis better oanslute te litten op twatalige pjutteboartersplakken. As twadde wol de partij dat it oantal trijetalige skoallen mear groeit, wylst it kolleezje no útstelt om dêr no gjin ekstra jild foar út te lûken.
De positive resultaten fan twatalige pjutteboartersplakken wurde no gau ris wei, omdat de basiskoallen net goed op dy meartalige pjutten ynspylje. De winst fan de meartaligens fan de pjutteboartersplakken rekket sa wei. Boppedat is dat in taak dêr't de Provinsje foar stean moat. Yn de kommisje hat Annigje Toering mei sukses pleite foar in bettere oansluting fan basisskoallen op twatalige pjutteboartersplakken.
Utgongspunt wie en bliuwt dat alle bern yn Fryslân de kâns krije moatte om meartalich op te groeien. Yntegraal taalûnderwiis levert kwaliteit, sa docht út ûndersyk bliken. Om in echte boppeslach yn ús ûnderwiis meitsje te kinnen, moat dy meartalige rykdom folle mear syn gerak krije.
Boarne: Nijsbrief FNP, Steatefraksje, 26-02-2009