Binnenspegel fan it Provinsjehûs (15 maaie 2009)
Nijsbrief FNP - De provinsje Fryslân hat as doelstelling dat der yn 2012 op syn minst 50 trijetalige basisskoallen binne. Dat binne sa'n tsien prosint fan alle basisskoallen yn Fryslân. De provinsje is no al op ‘e helte. Sûnt 1 maaie 2009 binne der krekt 25 trijetalige basisskoallen, 9 dêrfan binne offisjeel sertifisearre.
By it konsept trijetalige skoalle wurdt konstruktyf omtinken jûn oan de behearsking en linichheid fan de talige situaasje ûnder de bern. De trije talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk wurde as fak ûnderwiisd en funksjonearje as fiertaal. Dêrby jilde de folgjende minimale ferhâldings:
- groep 1 en 2: 50% Frysk as fiertaal en 50% Nederlânsk as fiertaal (in ôfwiking fan 10% is
mooglik);
- fan groep 3 ôf: op syn minst twa deidielen wurdt de Fryske taal as fiertaal oanholden;
- fan groep 7 ôf: op syn minst ien deidiel is Ingelsk de fiertaal.
De útkomsten fan de evaluaasje binne posityf. It hantearjen fan mear fiertalen hat gjin negative gefolgen op de behearsking fan it Nederlânsk fan de bern. De bern fan meartalige basisskoallen hawwe it Frysk boppedat better yn ’e macht as bern fan gewoane basisskoallen, sawol mûnling as skriftlik. Dêrneist binne bern dy't fan de trijetalige basisskoalle ôfkomme, folle frijer en liniger yn it brûken fan it Ingelsk. De provinsje subsidiearret Taalsintrum Frysk fan it Cedin om skoallen te begelieden by it sertifisearringstrajekt. Sa’n trajekt duorret trochinoar fjouwer jier.
De gemeente Dongeradiel is foaroprinner mei de measte sertifisearre trijetalige basisskoallen (3).
Boarne: Nijsbrief FNP, Steatefraksje, 15-05-2009 [Yde Dijkstra] (wat ynkoarte)