Earst memmetaal goed leare
Nei al dat nijs oer hoe’t it oars moat mei it ûnderwiis fanwege de taalefterstân fan de bern frege ik my ôf: wannear komt der no ris in reaksje fan de trijetalige skoallen dy’t wol goede resultaten hawwe mei de bern. De bern leare dêr Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. En dan Frysk/Ingelsk omdat elk wol wit dat Frysk en Ingelsk in protte oerienkomme. Butter, bread and green cheese, bûter, brea en griene tsiis. Elkenien wit dochs wol dat, wannear’t in bern syn memmetaal net goed leart, it ek in oare taal noait goed leart en it ivich en altyd trochinoar griemt. En dat giet hjir yn Fryslân al jierren sa.
Ik begryp de ûnderwizers net, dy’t soks yn elk gefal wol witte kinne, dat sy harren sizze litte dat sy harren wurk net goed dogge, want dêr komt it dochs op del? Der is in meldpunt diskriminaasje by de provinsje. Lis it dy minsken ris foar. As ik myn beppesizzers nei skoalle bring, hear ik memmen ‘Hollânsk’ tsjin de bern praten, wylst de memmen ûnder elkoar Frysk prate. En dat ‘Hollânsk’ ha dy memmen eartiids ek al net goed leard. Dan ha se it oer ‘pijn in de buik’, moat dat net ‘buikpijn’ wêze? En se wize bern wat oan en sizze: ‘Zie’. Moat dat net ‘Kijk’ wêze?
Terwispel, Zus Wassenaar
Boarne: Leeuwarder Courant, 01-07-2009, s. 7 [ynstjoerd]