Menaldum/Menaam, 22-03-2009 (P-LC)

De kosten fan feroaring doarpsnammen
Yn fiif harksittings hat de Menamer riedskommisje syn omgong troch de gemeente makke om te harkje nei foar en tsjin fan de nammewiksel Menaldum-Menaam, Engelum-Ingelum, ensamear yn de gemeentlike boekhâlding (GBA). As de bedriuwen op har brievepapier en auto’s de, meikoarten ûnoffisjele, Hollânske plaknammen oanhâlde wolle, kostet de wiksel har gjin reade sint.

Yn de Menamer sitting fan 15 jannewaris rûsde it âld-GBM-riedslid Jakob Cats de feroarings yn de GBA-doarpsnammen op in € 325.000 foar de 650 bedriuwen yn Menameradiel. De berekken mocht nimmen sjen. Yn de LC fan 13 maart wytge Ferry Dykstra Voerman de sakelju noch gruttere pineknip. Syn berekken kaam op wol in heal miljoen út. Mar nimmen mocht dy sjen. Maart 2010: riedsferkiezings. Maart 2009: gemeentebelangen Menameradiel al mei de wierheid op ’e rin.

Bitgummole, B.J. Postma

Boarne: Leeuwarder Courant, 20-03-2009, s. 11 [ynstjoerd]

<< Werom nei 'Poadium 2009'