Ferbân Hollânsk en kriminaliteit?
Der is no in oanfalsplan Frysk en dat is in goeie saak. Seker as de hjoeddeistige ûntwikkelings har trochsette dan praat der oer in pear generaasjes hast gjinien mear Frysk en dat soe spitich wêze, want der binne goeie arguminten om foar behâld te striden.
Yn it earste plak giet it om in klankrike, estetyske en poëtyske taal. Dat yn tsjinstelling ta it Hollânsk, dat ûnbidich hurd en hoekich klinkt. Fierder is it Frysk in sosjale taal. Fan mediatechniken is bekend dat klanken ynfloed hawwe op hoe’t minsken harren fiele. De taal bringt mear rêst en in subtile humor. Men freget jin ek ôf oft it tanimmen fan de kriminaliteit ûnder de Fryske jongerein ek te krijen hat mei it ûnder druk stean fan de Fryske taal en kultuer. My tinkt fan wol. Yn alle gefallen is it opfallend dat yn in foar it grutste part Hollânsktalige stêd as Ljouwert de kriminaliteit sa heech is. Troch Frysk te praten, soe de sfear freonliker wêze.
Ta beslút in wichtich argumint foar de Fryske taal en kultuer: it jout hâldfêst, in identiteit yn in ûnwisse en gaoatyske wrâld.
Zeeloo, Jan de Jong
Boarne: Leeuwarder Courant, 14-05-2009, s. 7