It brûken fan de offisjele Fryske wetternammen troch Wetterskip Fryslân, des. 2009 (P-LF)

B.J. Postma

Bitgummole, 25 july 2009

Deistich Wetterskipsbestjoer,

Ik haw jim al ris earder oan west om ús eigentalige – dat binne de echte – wetternammen (briefke fan 27 maart 2007). Yn de WW-kommisje fan 7 maaie dêroan haw ik derop wiisd, dat de ferkearde, Hollânske, nammen foargoed ôfskaft wiene. Jim foargongers skreaune werom, dat se tenei skerper op ien en oar wêze soene, en dat hja de meiwurkers freegje soene om dat ek te wêzen (skriuwen WFNU726790 fan 7 maaie, ferstjoerd 10 maaie).

It is noch net sa’t it heart. Yn 2 fan jim Meidielings kamen de Langwarder Wielen seisris foar ûnder de net mear besteande, Hollânske, namme. Yn in oare Meidieling is it trijeris fan Tjeukemeer, in namme dy’t yn de Oardering Wetternammen Provinsje Fryslân fan 15 maart 2006 net foarkomt (Ljouwerter fan 24 juny 2009).

De âldjiersjûnes fan 1996 gie alleman en wrâld hjirre noch yn Friesland op bêd, de oare moarns waard elkenien yn Fryslân wekker. Nochal wat, nei alle wierskyn ientalige, amtners yn it Provinsjehûs ferpoften it om Fryslân te skriuwen. Rillegau begûn dat it D.S.-kolleezje te fertretten en it sei syn folk de wacht oan (Deiblêd fan 3 maart 1997).

No is it fansels helte grutter toer foar jim Wetterskipshûs om de mear as tûzen eigen wetternammen deryn te stampen as foar it Provinsjehûs om dy iene namme út ’e holle te learen. Mar wa’t wol, dy kin, en hawwe wy op skoalle net allegearre hiele kloften, aparte, Dútske wurdsje leare moatten? Oars, jim soene de skriuwende meiwurkers in oantrún wêze, as jim har foargiene en jimsels de tongbrekkerswurden eigen meitsje soene.

As lêste: as it learen net te goed mear wol, soene de skriuwamtners ta kinne mei de List mei offisjele wetternammen yn Fryslân, taheakke oan de boppeneamde foardering. Alle kearen dat se in net mear besteande namme delskriuwe soene, moatte se earst yn dy provinsjale list de wòl besteande nammen opsykje. Op dy manear hoecht net ien fan jim folk har/him ea wer te ‘fersinnen’, en tenei soe in ôfskafte, Hollânske, namme allinnich noch mar út ’e pinne komme kinne fan in dwers en domme meiwurker, mar dy sille jim wol net hawwe.

Mei de wenstige, Bitgummoolster, achtinge

                                                              ***
Bitgummole, 25 july 2009

Algemien Wetterskips-bestjoer,

Jim wetterskip wie it yndertiid alhiel iens mei it ôfskaffen fan de Hollânske wetternammen fan, bygelyks, Langweerder Wielen en Tjeukemeer. Fan jim wetterskip mocht dan ek ferge wurde, dat it him oan ús eigen nammen hâlde soe, bygelyks Langwarder Wielen en Tsjûkemar. Lykwols hie dat der wol oan.

Koene yn 1997 de amtners oan de Twiebaksmerk noch goed twa moanne beare dat Friesland de lânsnamme wie, nei in rabbelemint fan de kant fan de deputearren wie it finaal en foargoed út mei it ûneigen Friesland. Mar oan jim Harnzerstrjitwei leit it lân nochal wat oars. Yn de krapoan fjirdel jier sûnt de nammewiksel Hollânsk-Frysk op 15 maart fan 2006 binne de frjemdtalige nammen te jimmes nòch net útstoarn, op gjin stikken nei. It fersyk fan jim deistich bestjoer oan syn meiwurkers hat suver neat opsmiten. In min ding.

Mar as ik mei alle skriuwerij neat mear bedij as in db-útnoeging ta de Fryske nammen, dan kin elk op ’e fingerseinen wol neigean dat der fan de útfiering fan it steatebeslút fan 15 maart 2006 yn jim Wetterskipshûs nul en neat op ’e hispel komt.

No tocht ik by mysels, dat jim as folksfertsjintwurdiging it deistich bestjoer stjoere en neigeane, en dat jim it dêrneffens de rjochte wei hearre te wizen op it stik fan ús eigen wetternammen. In oanwizing datoangeande fan jim kant docht grif mear fertuten as in skiterich briefke fan in ienfâldich Bitgummoolster.

Fan 15-3-2006 ôf hawwe wy rjocht op ús eigen wetternammen yn al jim publikaasjes. Jim hawwe it yn ’e macht om ús datoangeande rjocht te dwaan as it deistich bestjoer der net oan ta komt.

Mei gâns Bitgummoolster achtinge,

Boarne: Lyts Frisia, tydskrift foar Fryske striid en literatuer, jrg. LVIII, nû. 4, des. 2009, s. 51-52.

<< Werom nei 'Poadium 2009'