Er wordt al bijna geen Fries meer gesproken
Voor een Fries ‘om utens’ die slechts zo nu en dan afstemt op (de radioprogramma’s van) Omrop Fryslân, lijkt de discussie over het Fries als voertaal bij de Omrop (LC, 7 november) een achterhoedegevecht. Er wordt namelijk al bijna geen Fries meer gesproken bij de Omrop. Noch door de gasten, noch door de medewerkers. Uitzonderingen daargelaten. Wat je hoort is voor een groot deel een mengelmoes van Nederlands en Fries, waarbij ‘en dat is fansels ontzettend leuk’-gekraai niet van de lucht is. Dat lijkt me een groter probleem dan de (gedeeltelijke) invoering van het Nederlands als voertaal.
Rotterdam, Peter de Vries [ynstjoerd, LC, 13-11-2009, s. 7]
Bryk Frysk I, 09-12-2009 (P-LC)
Allegearre mar op taalles
Tongersdei seach ik nei de Top 100 op Omrop Fryslan tillevyzje. Dêr mocht Nienke de Ruiter út Frentsjer in ferske sjonge. Leuk frommes, en moaie stim. Mar de tekst, dêr doogde neat fan. Presentator Mark Stallinga hie it oer bryk Frysk. Lokkich, hy sei der wat fan. Ik miende al dat allinnich my soks opfoel. Der binne in soad minsken dy’t bryk Frysk prate op’t heden. De opbou fan de sinnen en losse wurden, wurde oernommen fanút it Nederlânsk. Bêrn nimme dat fan elkoar oer en âlders korrigearje der net (mear) yn. Sterker noch, de âlders nimme it taalgebrûk fan de bêrn oer. Yn’t Nederlânsk of Ingelsk of welke taal dan ek, bliuwt de sinsopbou dochs ek gelyk en smite we de boel dochs ek net troch elkoar. At we it Frysk goed prate wolle, meie we allegearre wol op Fryske taalles. Dan soargje we der mei syn allen (ynstee fan: samen) foar, troch elkoar Fryske prate te litten (ynstee fan: te litte praten) dat it allegearre (ynstee fan: allemaal) tafalt en it Frysk dochs net hast hielendal (ynstee fan: bijna helemaal) útstjêrd is.
Terherne, Rixt Hettinga [ynstjoerd, LC, 09-12-2009, s. 9]
Bryk Frysk II, 12-12-2009 (P-LC)
Ik skrik ek fan in protte min Frysk
Ja, in bult minsken brûke net mear it (geef) Frysk dat ik as bern fan ús heit en mem leard haw. In taal libbet, feroaret en dat jildt seker yn in tiid dat wy in bult oare talen hearre/lêze op compjûter, tillevysje en radio. Iksels skrik ek fan in protte min Frysk dat ik om my hinne hear, mar ik soe der net gau wat fan sizze as myn Frysk net geef genôch wie. Ik soe my skamje as ik ‘fanút it Nederlânsk’ brûke soe yn plak/ynstee fan ‘út it Nederlânsk wei’, ik soe ‘wy’ skriuwe yn plak fan ‘we’. ‘Mei syn allen’? Min Frysk: it moat wêze: ‘mei elkoar’ en wat te tinken fan ‘útsjêrd’? Wit Rixt Hellinga (LC 9 desimber) alhiel net hoe’t sy tiidwurden brûke moat? De Fryske taal is noch lang net útstoarn, gelokkich en no mar hope, dat myn Frysk geef genôch west har foar dizze reaksje,
Drachten, Rixt Jonkman [ynstjoerd, 12-1-2-2009, s. 6]
Boarne: Leeuwarder Courant, 13-11-2009, 09-12-2009, 12-12-2009
FFU: Moai dat de beide Rixt’ten harren ynstjoerd stikje yn it Frysk skriuwe, al hie it Frysk by beide froulju (noch) better kind. De Afûk kin helpe. De FFU wol dat de bern geef Frysk op de skoallen leare. Stypje ús Rixt I en Rixt II!
Sjoch foar ús korrespondinsje mei Omrop Fryslân oer it brûken fan min-Frysk ek op ús webstek by ‘brieven 2004 en 2005’.
Of:
Klik op: FFU-Taalnoarm Omrop Fryslân.pdf om ús brief oer ‘de taalnoarm en it taalgebrûk by Omrop Fryslân’ fan 02-12-2004 te iepenjen.
Klik op: OF-Taalnoarm Omrop Fryslân.pdf om it andert (d.d. 13-01-2005) fan Rein Tolsma, adjunkt-haadredakteur fan de Omrop, te iepenjen.