Taalymperialisme, 15-09-2009 (P-LC)

Riedsleden gunden it plattelân syn nammen net

Taalymperialisme: it stribjen nei gruttere ynfloedssfear fan de taal. Men soe it Hollân oanwriuwe kinne, dat ús al ieuwenlang syn taal optwingt. Rein Strikwerda, jierren ferlyn in maat yn it Uterter studinteselskip Redbad, ferwyt de Topografyske Wurkgroep Fryslân syn ymperialisme om’t dy op ‘Snits’ foar ‘Sneek’ yn it plak ta wolle soe (LC 4 augustus). Snits is in gemeente fan sa’n 65 persint Fryskpraters en 68 persint Frysklêzers (Fluchhifking, 2007). Dat dy nei hûnderten jierren dat ‘Sneek’ wolris roalje wolle soene oan har ‘Snits’ is gjin wûnder. Hat de rie 2002-2006 ‘Sneekermeer’ al net oan ‘Snitser mar’ roale?

By it TWF-folk is sadwaande gjin sprake fan taalymperialisme, it ‘lyk rjocht foar elk’ komt tichterby. Ferline jier krige de rie it fersyk om de Loaiïngeasters en Offenwiersters har eigen doarpsnammen werom te jaan. It gie alhiel by de mearheid fan riedsleden-politisy lâns. Doe’t lang om let de minderheid fan riedsleden-folksfertsjintwurdigers der op oanstie, soe in kommisje dan dochs mar oardielje. De útspraak wie ‘het moet maar niet’ en dat sûnder ‘dêrom net’. Jeljer-Sjoerd Cornelis, berne yn Loaiïngea op 6 septimber 2008, waard dyselde deis noch fan de riedsleden-politisy slachtoffere. It jonkje mocht net yn Loaiïngea bliuwe, it waard fuort yn ballingskip nei Loenga stjoerd. De Snitser riedsleden-politisy gunden it plattelân syn eigentalige doarpsnammen net iens. Taalymperialisme pur sang. Faak prakkesearret goestalke Rein Strikwerda no wat oars oer ien en oar.

Bitgummole, Bertus Jans Postma

Boarne: Leeuwarder Courant, 15-08-2009, s. 6 [ynstjoerd]

FFU: Sjoch ek by ‘Aktueel 2009’, ‘Sneek wordt Snits door herindeling’, 28-07-2009 (A-LC/FD).

<< Werom nei 'Poadium 2009'