It Frysk: tusken mylpeal en jan-poepsplak, 29-01-2010 (A-NpF/LC)
[...] “Wa’t de fersutering fan ús taal alle dagen om him hinne waarnimme kin, kin net oars as slim twivelje oan it fuortbestean derfan. De iene wol it boartlik hâlde, in oaren wol beslist gjin trochdriuwer wêze, wer in oaren wol mei help fan it Hollânsk ta oansjen komme, en de measten kin it net in barst skele.”
Dat binne net myn wurden, dat sei tritich jier lyn yn ien fan dy artikels de learaar fan de kristlike p.a. yn Snits Jan de Jong, dy’t doe lid wie fan de provinsjale kommisje Frysk taalgebrûk. De Jong is al wat jierren wei, mar syn wurden binne noch like jildich.
Deiblêden
No sille jim sizze, dat wiene se hûndert jier lyn ek al en it Frysk bestiet noch hieltyd. Dat is sa, mar wol op betingst dat yn yntellektuele kulturele foarhoede algeduerigen de striid oangien is om datv plak te befjochtsjen. De media hawwe dêrby ek altyd in taak hân en nóch: de Ljouwerter Krante hat harsels eksplisyt yn it redaksjestatút opdroegen ‘de bevordering van een vrije en harmonieuze ontplooiing van het Friestalig naast het Nederlandstalig element met gebruikmaking van de Friese naast de Nederlandse taal’. Náást alsa, en net ûnderhearrich oan. Yn de praktyk komt dat der lykwols op del dat oant no ta op syn heechst mar sa’n 5 persint Fryskj is yn de kranten, Marrit de Schiffart komt yn har resinte bachelor-skripsje oer it Frysk yn de deiblêden sels op noch minder út.
Dat skreaut oan de protters fansels. Yn syn ‘Oanfalsplan Frysk’ wol de Ried fan de Fryske Beweging derop út dat beide deiblêden alle dagen inkelde siden, bygelyks twa hawwe mei regionaal, Nederlânsk en wrâldnijs dy’t folslein yn it Frysk binne. Alex Riemersma fan it Mercatorprojekt meartaligens fan de Fryske Akademy wol graach mei de earste side fan it regiokatern begjinne en dy alhiel Frysktalich meitsje. Want, seit er, dan wenne de minsken der fansels oan, se wolle it nijs dochs witte.
Mein it ynwilligjen fan sa’n eask soe de krante fan de flier op ’e souder stappe, en dwaan wat yn de wjerstribbige praktyk fan de ôfrûne tritich jier net slagge is, en dat soe de wrâld op’e kop wêze, mei in net te kearen fallyt ta gefolch, noch los fan in ekonomyske krisis.
Struiguod
In romhertiger gebrûk soe my wol oanstean, en dan net inkeld om oer it Frysk te eameljen, mar as folweardige taal. In goed foarbyld binne de prachtige kollums fan Trinus Riemersma, dy’t alle woansdeis alles by de ein hat dat him op dat stuit dwaande hâldt as aktualiteit fan de wike, neat liker oft dy aktualiteit him by him thús ôfspilet, yn syn wenplak Frjentsjer, de provinsje Fryslân. De Haach of wêr oars op ’e wrâld ek. Om de lêzer te wennen, soene jo hinnegean kinne en soargje sa út en troch foar wat mear Fryskltalich struiguod yn de reguliere kolomjmen, mits it wat oan it nijs tafoeget en de lêzers yn stee fan ôdfskrikt, nijsgjirrich makket en op ’e smaak bringt fan mear.
Hawar, ik wit út jierrenlange praktyk dat dat makliker sein as dien is. [...]
Boarne: Leeuwarder Courant, ‘Freed’, 29-01-2010, s. 14-15
FFU: Sjoch ek ris ús ‘Oanfalsplan Frysk’ (s. 35-36, hdst. V. Media) oan: FFU-Oanfalsplan Frysk, 2de pr.291008.pdf.
Nanne Hoekstra reagearre yn in ynstjoerd stikje op De Groot syn ferhaal (Ljouwerter Krante, 01-02-2010, s. 4)
Media
‘LC brûkt Frysk as dialekt’
Ut de berjochten oer it ôfskiedssympoasium fan Pieter de Groot, mei as tema de takomst fan it Frysk yn de media, krij ik de yndruk dat it (hast) allinnich gien is oer de âlde massamedia, wêrfan [’t] benammen de kranten yn de nederklits driigje te reitsjen, en net oer de nije opkommende media. Yn dit stik fan saken liket my it meast relevante nijste nijs: www.itnijs.nl . De LC brûkt it Frysk ornaris allinnich mar yn de artikels dy’t spesifyk oer dy taal en de kultueruterings dêryn geane en as minsken yn ’e direkte rede oanhelle wurde; dus feitliks as dialekt. Dochs pocht Pieter de Groot yn syn ôfskiedstaspraak (lykas ôfdrukt yn de LC fan ôfrûne freed) wakker oer de lokale, provinsjale, lanlike en ynternasjonale aktualiteiten dy’t yn it lytse hoekje fan Trinus Riemersma ienris yn de wike yn it Frysk oan bar komme. Mar yn de niisneamde Frysktalige ynternetkrante bart soks alle dagen wiidfiemjend.
Apeldoorn, Nanne Hoekstra