Tongersdeitemiddei 11 maart is pjutteboartersplak It Krobbehonk oan de Pôlle 4a yn Boazum sertifisearre as twatalich pjutteboartersplak. De offisjele hanneling bestie út it útrikken fan it sertifikaat oan de liedsters Annet Kuijpers en Sjoukje Akkerman troch Tom Dykstra fan Itens, foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU).
Dykstra wie oant syn pensjonearring dosint pedagogyk oan in oplieding foar learkrêften basisûnderwiis (pabû) en o sa aktyf op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Sa is er û.o. ek riedslid (Ried fan de Fryske Beweging) en is er foarsitter fan de Fryske Reklamepriis. Dykstra helle yn syn praatsje û.o. oan dat al lang efterhelle is dat der yn ‘e holle mar plak wie foar ien taal wêze soe. “It twa- of meartalich grutbringen fan ’e bern is krekt goed. Mar it moat al goed dien wurde, better net as heal”, sa sei Dykstra.
Nei de offisjele hanneling wie it tiid foar de bern. Se koene mei heiten, memmen, fersoargers, paken en beppen yn it boarterslokaal fan de basisskoalle genietsje fan de Tomke foarstelling: ‘In wyt freontsje’. De foarstelling, ‘In wyt freontsje’, is gearstald en útfierd troch kursisten fan de oplieding Artyst/Drama fan it Friesland College yn Ljouwert. It is in koarte foarstelling foar pjutten, dêr’t Tomke, Romke en Yana Yu de winter yn ûntdekke as it snijd hat. In moaie foarstelling mei in protte ynteraksje. Oanslutend wie der op it pjutteboartersplak foar elk in feestlike ôfsluting mei in hapke en in drankje.
Yn Boazum kinne de bern moandei- en tongersdeitemoarns nei it pjutteboartersplak. By de fêste Nederlânsktalige liedster Annet en de fêste Frysktalige frijwillichster Sjoukje is, sa rapportearret de fisitaasjekommisje, in goede positive sfear yn ’e groep. De liedsters geane op in positive wize mei de bern om en aktivearje en stimulearje de bern aktiviteiten te ûndernimmen en litte de bern ek de romte om har sels te ûntwikkeljen. De beide liedsters binne mei har wurk en begelieding fan de bern goed op inoar ynspile.
De liedsters brûke beide in ôfwikseljende en útnoegjende sprektoan en in goede mimyk. Se befêstigje en stimulearje de bern by harren ûntwikkeling en hawwe in goede ynteraksje mei de bern. De bern krije ek genôch romte en der wurdt goed mei ferskillen omgien.
It pjutteboartersplak It Krobbehonk falt sûnt 2007 ûnder Stichting Welzijn Middelsee en is al wer it fjirtjinde plak yn Littenseradiel is dat meidocht oan it sertifisearringstrajekt. Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de pjutteplakken om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat ek de ûntwikkeling fan it Hollânsk tegoede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn kontakt mei de twadde taal.
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt flink ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 85 no.
Stichting Welzijn Middelsee is in wolwêzensynstelling yn Fryslân. De Stichting soarget der foar, dat yn de gemeente Ljouwerteradiel foldien wurdt oan de fraach nei pjutte-, berne- gastâlder- en bûtenskoalske opfang en âlderen- en jongereinwurk. De Stichting fersoarget ek it pjuttewurk yn de gemeenten It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel en foarsjocht sa yn de fraach nei âlderenwurk yn de gemeente Menameradiel. It Jeugd- en jongereinwurk fan de gemeenten Menameradiel en it Bilt falt ek ûnder de ferantwurdlikens fan de Stichting.
Boarne: Hallo Fryslân, 11-03-2010