Groep fan Auwerk - Nei oanlieding fan de bestjoerlike diskusje oer it fuortbestean fan de provinsjes skriuwt de Groep fan Auwerk bestjoerders oan en ferwiist nei de rapporten fan kommisje Kalder en de Rob (Geert Dales). En nei de resolúsje dy’t de VNG yn stimming bringe wol yn Ljouwert om gemeenten en provinsjes gear te foegen ta ien lokaal bestjoer om sa de Grûnwet te omsilen. De Groep fan Auwerk hat in blaudruk (in kaartsje fan Provinsje Plus: Fryslân en Drenthe) makke mei in ûnderbouwing. Dat útstel kin neffens har draachflak hawwe en past binnen de Grûnwet.

Nei in Provinsje Plus
Foar de boarger is in krêftige provinsje fan grut belang. In sterkere provinsje is better by steat om de eigen regio te fersterkjen, nije yndustry oan te lûken en mear ynfloed út te oefenjen yn Brussel.
Gemeentlike skaalfergrutting fan de lêste fiifentweintich jier liedt ta hieltiten mear krityk op de omfang fan de provinsjes. It falt dêrby op dat allegeduerigen it iensidige begryp ‘Noard’ of sels ‘Noard-Nederlân’ as alternatyf foar provinsjale identiteiten op it aljemint brocht wurdt. In opfallend ferskynsel dêrby is dat it benammen Grinslânske organisaasjes of út Grinslân fuortkommende inisjativen oanbelanget: TV Noord, Radio Noord, Dagblad van het Noorden, Noord-Nederlands Bureau voor Toerisme, FNV Noord, VNO-NCW Noord, Kamer van Koophandel Noord, Noord-Nederlands Orkest, Noorderzon, Partij voor het Noorden, Noorderlijke Media Groep, Noorderbreedte, Noorderland, de list is maklik langer te meitsjen. De ultime politike utering fan dy ‘noardlike’ skaalfergrutting is it ‘Samenwerkingverband Noord-Nederland’ (SNN).
Yn Drinte en Fryslân komt it lege begryp ‘noardlik’ amper foar. De fraach is fansels wêrom’t dat sa is. It stellen fan dy fraach is winliken it beänderjen dêrfan. In lân (of provinsje) sûnder eigen histoaryske identiteit of wêzen en sûnder in sterke takomstfyzje is net in sterk lân of sterke provinsje. It lege begryp ‘Landsdeel Noord’ of ‘Noordland’ hat gjin ynhâld en is in net winsklike bestjoerlike konstruksje. Dat kin men omskriuwe as in keunstmjittige autonomy fan in net besteand folk.
Wy kinne sadwaande wol sizze dat benammen de provinsje Grinslân en de stêd Grins kieze foar in provinsjale weryndieling en opgean wolle yn in grutter gehiel. Soks docht ek bliken út de risseltaten fan in peiling dy’t koartlyn yn opdracht fan VNO-NCW holden is troch Maurice de Hond. De ynwenners fan Fryslân en Drenthe hawwe hja hjiroer - ek yn earder holden peilingen - al harren misnoegen bliken litten.
De oantsjutting ‘Groningen’, ek wol ‘Stad en Ommeland’ neamd, slacht likegoed op in stêd as in provinsje (Grins en Grinslân). De skiednis fan dy foar in part Fryske en Saksyske provinsje is net te begripen sûnder kennis fan de Ommelannen (fan âlds Lutje Fraislaand), de skiednis fan de provinsje is ek net te begripen sûnder kennis fan de grutte stêd yn de provinsje. Understeande boarnen jouwe in koarte en kleare histoaryske werjefte fan it gebiet.
Mei it each op de druk fan de oerheid oangeande de provinsjale skaalfergrutting is ‘De Groep fan Auwerk’ fan betinken dat ‘Stad en Ommelanden’, sûnt de 19de ieu offisjeel provinsje ‘Groningen’ neamd, oer Fryslân en Drinte (Drenthe)ferdield wurde moatte. De gebietsôfbeakening moat de takomst treast wêze en histoarysk sa natuerlik en fanselssprekkend mooglik ferantwurde wurde kinne, romtlik, ekonomysk, sosjaal en kultureel, wêrby’t men sa ticht mooglik komt by de oarspronklike skaaimerken op it stik fan wêzen en identiteit. Dan wurdt der histoarysk en kultureel rjocht dien oan it gebiet. De histoaryske Ommelânske kertieren Hunsingoa, Fivelingoa, Westerkertier en it Oldamt binne oarspronklik Frysk. De stêd Grins, it Gorecht (’t Gerecht), Westerwolde en de gemeenten East- en Weststellingwerf oarspronklik Saksysk. Sjoch taheakke mooglike blaudruk fan de provinsje-plus 2015.
De nije grutskaliger ‘plus’-provinsjes Fryslân en Drenthe kinne as dúdlike regionale identiteiten in wichtige rolle spylje en sa foar in moaie en bettere takomst soargje. Dêrmei wurdt tefoaren kommen dat in eventuele provinsjale skaalfergrutting liedt ta ferlies fan it eigen kulturele karakter. Ek de swierrichheden dy’t ús yn de takomst noch te wachtsjen steane oangeande ‘ûnder mear de behyplike(r) ekonomyske omstannichheden en it foarseine heger wurden fan de seespegel, dy’t in bettere beskerming fan ús kusten needsaaklik meitsje’, hâlde yn dat in bliuwende gearwurking tusken Fryslân en Drinte winsklik is.
Yn dat nije bestjoerlike ramt is it boppedat needsaaklik dat der folle mear foech fan de ryksoerheid nei de beide provinsjes-plus desintralisearre wurdt, benammen op it mêd fan bestjoer en wet- en regeljouwing. Dat is út soarte benammen it gefal as it giet om it fersterkjen en fergrutsjen fan it plak fan de eigen taal, kultuer en skiednis yn ûnderskate maatskiplike domeinen (ûnderwiis, bestjoer, rjocht, kultuer, media, ekonomy, ensfh.).
Ut namme fan de Groep fan Auwerk,
Siwert Reinarda