LJOUWERT – De Ried fan de Fryske Beweging is fan miening dat de wetlike ferankering en de finansjele stipe foar it Frysk foar 2015 op krekt sa'n nivo brocht wurdt as dat fan ferlykbere regio's yn Europa. Dat skriuwt de Ried oan de politike partijen dy't meidogge oan de Steateferkiezings yn Fryslân takom jier. Yn it brief wurdt oanstien op in fiergeande autonomy en belestingmiddels foar de eigen taal en kultuer yn Fryslân en it ûnderwiis yn it Frysk.
Yn in '10-punteplan' jout de Ried oan wêr't de kommende fjouwer jier de prioriteiten lizze moatte. Yn grutte halen komt it derop del dat de Ried graach sjen soe dat de 'rânebetingsten' foar it behâld en de fierdere ûntjouwing fan de Fryske taal en kultuer folle better wurde. Yn ferliking ta oare meartalige regio's yn Europa, tink oan Wales, Skotlân (Gaelic), Kataloanje en Súd-Tirol, moat yn Fryslân wiswier mear dien wurde. It docht bliken dat suksesfolle regio's sawol finansjeel, organisatoarysk as ek wetlik de posysje fan har taal better ferankere hawwe.
De Ried fan de Fryske beweging leit mei klam de relaasje mei sosjaal-ekonomyske aspekten. In fersterking fan Fryslân as bestjoerlike ienheid jout in stimulâns oan de wurkgelegenheid, wylst it opgean yn in noardlik lânsdiel mei Grins as haadstêd soargje sil foar it leechsûgjen fan Fryslân. Fierder hat wittenskiplik ûndersyk útwiisd dat meartaligens posityf is, it kennisnivo foar sawol taal as rekkenjen giet omheech en dat komt de ekonomy ek wer te'n goede. Yn it ramt fan 'e Praat mar Frysk kampanje hawwe in grut tal ûndernimmers oanjûn dat it goed saken dwaan is yn it Frysk.
De Ried basearret syn punten foar in grut part op 'e ynternasjonale ynbring fan it Committee of Experts fan de Rie fan Europa. Dy hawwe der al trije kear op wiisd dat Nederlân net oan syn ferplichtings foldocht wat it ûnderwiis neffens it Hânfêst fan Regionale Talen oangiet en dat it dêrom sa wichtich is dat Fryslân sels it foech krijt. Dat betsjut in 'oanmerklik' diel yn it Frysk yn basis- en fuortset ûnderwiis. De Ried wol dêrta dat yn 2015 alle skoallen minimaal 6 oeren wyks it Frysk as fiertaal hawwe. Foar it ûnderwiis soene de Steaten in ferfolchdoel stelle moatte: 200 twa- of Frysktalige pjutteboartersplakken en 100 trijetalige skoallen yn 2015.
It Committee of Experts hat fierder oanjûn dat net oan 'e ferplichtings foldien wurdt as it giet om in Frysktalige publike omrop foar Fryslân. De Ried stiet dêrom oan op in alsidige en folsleine Omrop Fryslân mei in protte berneprograms. Yn it ljocht fan it Hânfêst foar Taalminderheden mei perfoarst net snijd wurde yn 'e post Fryske taal en kultuer. Sterker noch, yn ferliking mei de budzjetten yn oare meartalige regio's yn Europa moat der in aardige skeppe oer hinne. Sjoch foar mear ynformaasje www.fryskebeweging.nl
Boarne: Parseberjocht fan de Ried fan de Fryske Beweging, 30-08-2010
FFU: De FFU is oansletten by de Ried fan de Fryske Beweging.