Krante jout nul op it rekwest
By it ôfskie fan de kranteman Pieter de Groot (26 jannewaris) yn de Harmony, hie Teake Oppewal it oer de wiksel Mulder-Snijder yn de LC-haadredaksje: ‘Rimmer is fuort.’ Dat, woed er dêrmei sizze, Fryslân koe lang om let dochs noch ‘Fryslân’ yn de krante wurde.
Yn de âlde provinsjewet hie ús lân noch Friesland west, mar op oanstean fan it provinsjehûs waard dat yn de nije rykswet fan 1 jannewaris 1994 feroare/ferbettere. Sadwaande koene de steaten yn desimber fan 1995 dat Friesland ôfskaffe en de eigen nammen Fryslân wer ynfiere. De krante woe der lykwols net oan. De haadredaksje wie rillegau fan betinken, dat ‘Fryslân’ de wedstriid tsjin ’Friesland’ nea winne koe – de krante spile sels midfoar yn de Frieslandploech.
Ut de redaksje-ynstruksje, kêst 2.1. ûnder g: de krante skikt de twataligens yn Fryslân yn. oerset) Safier kaam Snijder ek. Hy sei der oan it adres fan Oppewal by, dat er it taalbelied fan syn foargonger fuortsette soe: Friesland yn ’e gewoane regel, mar Fryslân as de bestjoerlike ienheid bedoeld waard. It heucht my oars net, dat ik ea de offisjele provinsjenamme yn de redaksjonele kolommen lêzen haw.
Der stiet mear yn it oanhelle kêst, ‘de krante sterket frije en evenwichtige ûntjouwing fan it Frysk njonken it Hollânsktalige elemint fuort troch Frysk en Hollânsk neistinoar te skriuwen en omtinken te jaan oan ûntjouwing (...) op it mêd fan de Fryske njonken de Hollânske taal en kultuer.’ Mar de krante jout der gjin omtinken oan, de krante skriuwt net fan Fryslân, de krante sterket dy ûntjouwing spitigernôch net fuort.
Oars as syn Deiblêdkollega Kooistra woe Snijder nul en neat witte fan dat stikje Fryske bûter yn Fryslâns brij. In sealfol folk rekkene op de bypassende ferantwurding, op reden en argumint, mar krige dy net. In sealfol folk krige nul op Oppewal syn rekwest. Fries, Frysk en Fryslân hearre byinoar, mar de Ljouwerter krante slacht in skied yn dy trije-ienheid.
Bitgummole, B.J. Postma
Boarne: Leeuwarder Courant, 10-02-2010, s. 4
FFU: Postma hat gelyk. Syn ynstjoerd stikje hie ek skoan yn ús Swartboek past. It is beskamsum. Goed dat der noch in Friesch Dagblad is.