Foka en Fermoanje, 14-05-2010 (P-LC)

Luther skeinde de tsjerkedoar ek
Yn de santiger jierren wie de âlde Foka warber. Mei blikfollen ferve waarden de Hollânske nammen op kom- en ferkearsbuorden oerferve. Oerheden en justysje wiene der min oer te sprekken, mar de aksje hat ien en oar opsmiten (‘Dwers’, LC 30 april). De nije Foka hat de eask fan ‘eigen taal tsjerketaal’ lêstennachts op in tweintich tsjerkedoarren spikere. De Hearrenfeanster minnisten wiene der min oer te sprekken dat de ryksmonumintale doar fan har Fermoanje sa skeind wie troch sokke grouwe, rûne spikers (LC 24 en 26 april). Bjusterbaarlik nijs? Hielendal gjin nijs: hie net op 31 oktober 1517 in Marten Luther syn 95 stellings op ’e doar fan de Wittenberger kapelle spikere en hiene de smei-izeren, fjouwerkantige spikers gjin raar wurk makke? Al wie de paus wol lilk op Luther, dy skeinde doar hie er it net oer.

De rop om lykweardigens yn tsjerke fan beide grutte talen is de skreau om lykweardigens fan beide grutte taalgroepen fan minsken. Dy mist yn de Feanster Fermoanje en likegoed yn de oare njoggentsjin godshuzen. De ferstoarne dûmny Schaaf yndertiden: ‘De tsjerke sil him net op oanstean fan de Beweging feroarje, hy moat út himsels de bekearing krije.’ De nije Foka woe lêsten – as Luther yn 1517 – de tsjerken dêr in lyts triuwke by jaan, tinkt my.

Bitgummole, B.J. Postma

Boarne: Leeuwarder Courant, 14-05-2010, s. 7 [ynstjoerd]

FFU: Sjoch ek by Aktueel 2010: Nieuwe actiegroep strijdt voor Fries in kerk (24-04-2010) en by Poadium 2010 in artikel fan ds. R. Reitsma út Geandewei oer Rechten verplichten (08-01-2010).

Klik op: DNF-God ferstiet wol Frysk!, 230410.pdf om it fluchskrift fan de nije Foka te iepenjen.

<< Werom nei 'Poadium 2010'