“Onze schoolpolulatie heeft weinig met de taal”, sei de direkteur fan de dr. Algraskoalle yn Camminghabuorren, doe’t it oer it Frysk gie. Ik tink, dat er foaral sels net folle mei taal hat. Want wat seit er eefkes letter? “We kunnen een lesuur maar één leer besteden en we moeten ook van alles met rekenen en taal.” Met rekenen en wát? “Met rekenen en táál”. Ja wier, it stiet der echt! As soe Frysk wat oars wêze as ‘taal’. Wat in ûnferstân! Lêst dy man gjin (Ljouwerter) krante? Wit er no nóch altyd net, dat wat earder [oft] de bern mear talen leare, wat taalgefoeliger [oft] se wurde? Okee, dan moat it wol goed fansels. Mar dat moat dochs skoan kinne yn 8 (!) jier basisskoalle. Lykwols, mei sa’n direkteur, dy’t sels faaks net iens Frysk prate kin, lit stean skriuwe, sil dêr grif net folle fan op ’e hispel komme.
It euvel fan it minne Frysk en it dan gauris ek net bjusterbaarlik goede Hollânsk fan de bern leit, tinkt my, foar it meastepart oan de dosinten, op de Pabo likegoed as op ’e basisskoallen, dy’t it sels ek net goed yn ’e macht hawwe. Fan harsels tinke se faaks wol dat se al moai fier kommen binne sûnder Frysk, dat, wat soene dy bern dêr dan better fan wurde? De measte âlden jildt nammers krekt itselde fan. As dy sels de bern hielendal gjin Frysk bybringe, jouwe se sadwaande al oan, dat it om harren net hoecht. Dom, want (sis ik út eigen ûnderfining en as heit fan trije Frysk pratende bern, dy’t allegear in universitêre stúdzje ôfmakke hawwe, én ek as âld-skoalmaster) wat better Frysk [oft] de bern leare, wat better Hollânsk én oarsom. En wat better [oft] se ús eigen talen behearskje, wat mear nocht [oft] se oan álle taal hawwe en wat makliker [oft] se no ek al Ingelsk en letter noch oare frjemde talen leare.
Reinder Reitsma, Goutum
Boarne: Leeuwarder Courant, 29-11-2010, s. 6
FFU: As FFU-skriuwer, âld-skoalmaster en heit fan trije Frysk pratende bern dy’t ek in suksesfolle universitêre stúdzje efter de rêch hawwe, moat ik Reitsma folslein meistimme. Wa’t syn talen net ken, bliuwt stom, wa’t it Frysk yn Fryslân net leart, is dom. Mar miskien is der foar de heechste baas fan de dr. Algraskoalle noch hope. ‘Tweetaligheid verhoogt weerstand tegen dementie’, kopt Trouw (12-11-2010). Dan hawwe sokke direkteuren grif noch in takomst yn Fryslân. [S.T. Hiemstra]