Bern út Fryslân en Grinslân dogge it minder goed yn it hafû en twû, , 17-09-2011 (A-OF)
Omrop Fryslân – Fryske learlingen yn klas 3 fan hafû en twû prestearje folle minder goed as learlingen yn de rest fan Nederlân. Dat seit ûnderwiiskundige Greetje van der Werf fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Hja basearret har útspraak op in enkête ûnder 9000 learlingen yn it fuortset ûnderwiis. 600 dêrfan komme út Fryslân.
Ut it ûndersyk docht bliken dat Fryske learlingen minder tûk binne as bern yn oare provinsjes. Se hawwe ek minder selsbetrouwen en se hawwe minder motivaasje om te learen. Dochs ferklearje dy ferskillen tusken Fryslân en hiele Nederlân de efterstannen net, sa leit frou Van der Werf út. De oarsaak moat neffens har wol wêze dat de skoallen yn Fryslân net sa bêst binne.
In mooglike oarsaak fan it legere nivo is neffens de ûndersykster de wize fan lesjaan yn Fryslân; Fryske leararen steane minder faak sels foar de klasse, learlingen meie ek faak sels witte wat se yn de les dogge en de lessen falle yn Fryslân faker út as yn de oare provinsjes. Fierder ûndersyk moat útwize oft it minne ûnderwiis ek echt de oarsaak is.
De ûnderwiisynspeksje docht te witten dat de eksamensifers itselde byld jouwe; by de eineksamens skoare de Fryske learlingen ek dúdlik leger as de Nederlânske trochsneed. Neffens de ynspeksje is it probleem net eksklusyf Frysk, mar hat Grinslân ferlykbere efterstannen.
Boarne: Omrop Fryslân