Taaldoarp, foar skoallen, 17-09-2011 (A-TF)

Taalsintrum Frysk - Yn de moannen septimber, oktober en novimber fan dit jier betinkt Fryslân dat der 60 jier lyn in omkear kaam yn it tinken oer meartaligens en dêrmei ek mear romte foar it brûken fan oare talen (û.o. it Frysk) yn it ûnderwiis en it maatskiplik ferkear.

Om dat feit te fieren en as boartlike aksje foar de basisskoallen dy’t it mûnlinge taalgebrûk yn it Frysk no ris spesjaal op de wurklist sette wolle, hat Taalsintrum Frysk fan Cedin de aktiviteit TAALDOARP ûntwikkele. ‘Taaldoarp’ is in aktiviteit foar ien kear foar alle learlingen fan de boppebou, wêrby’t yn in stikmannich praktyske petearsituaasjes Frysk- en Nederlânsktalige learlingen útdage wurde en kommunisearje mei in lokethâlder yn it Frysk.

Organisaasje
As de skoalle him oantsjinnet foar dit fergeze projekt, kriget er yn wike 40 in pakketsje mei 8 ûnderwerpen fan petear, dy’t yn relaasje steane mei de tema’s fan Studio F. Sa giet it bygelyks by it tema ‘keunst’ oer in besite oan it keunstmuseum. De lokethâlder (petearlieder) kriget in stikmannich foarbyldfragen oanlevere, dy’t brûkt wurde kinne om ta in goed petear mei de learlingen te kommen. De learlingen krije fier yn it foar in pear kearnwurden by itselde tema, dêr’t se mei oefenje meie en dy’t se brûke kinne yn it petear. Dêrneist sitte der acht lytse posters by, dy’t by de ferskillende ‘loketten’ ophongen wurde kinne. De bern rinne yn twatallen (tegearre dus) de acht loketten (keunstmuseum, fytsmakker, ensfh.) bylâns en hawwe per loket in petearke fan sa’n fiif minuten mei de lokethâlder. Tiidsynvestearring de groep: 1 oere. Per loket binne der twa frijwilligers nedich, nammers in petearlieder en in beoardieler. De beoardieler jout punten fan 1 oant 10 oan de learlingen en dizze punten leverje boustiennen op.

Boeken om ’e nocht
Jo learlingen fan groep (6), 7 en 8 fertsjinje mei dizze ienreizige aktiviteit boustiennen foar it ‘taaldoarp’, dy’t ynwiksele wurde kinne foar de nije Frysktalige learrige by Studio F.

Jou jo skoalle no op: info@taalsintrum.nl

<< Werom nei 'Aktueel 2011'