Teatrale ôftraap Fryske skiedniskanon, 19-09-2011 (A-Afûk)

Afûk - De kommende moannen is der in soad ekstra omtinken foar de Kanon fan de skiednis fan Fryslân. Sa komt op 28 septimber de Canonkaravaan yn Fryslân en is it yn oktober wer de Maand van de Geschiedenis en is der ekstra omtinken foar de ‘jubeljierren’ fan Kneppelfreed, Universiteit fan Frjentsjer en Minne Simens.

Der is yn it ôfrûne jier hurd wurke oan it ûntwikkeljen fan nij materiaal foar it ûnderwiis en in nije website en de rige programma’s oer de Fryske Kanon wurdt dit seizoen wer op ’e nij útstjoerd troch Omrop Fryslân.
Op tongersdei 22 septimber sil de ôftraap fan de aktiviteiten wêze. Dan wurdt om 9.30 oere de nije website oer de Kanon fan Fryslân presintearre op IBS De Wynwizer yn Ljouwert. Nimmen minder as Maria Louise van Hessen-Kassel, better bekend as Marijke Meu, sil de website lansearje. Foarsitter fan de rezjykommisje fan de Fryske Kanon, dhr. Rinze Boersma, sil nei de presintaasje fan de website ynformaasje jaan oer de fierdere stân fan saken oangeande de Fryske Kanon.

Hjirûnder fine jo alfêst in oersjoch fan nije en besteande materialen en aktiviteiten:

Nije Website
De website www.11en30.nu hat in folslein nije jas krigen. De website is no ek better tarist op it ûnderwiis mei spesjale teksten foar de boppebou fan it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, links nei in ferskaat oan filmkes en literatuer en fansels mei de yntroduksjefilmkes dy’t by elk finster hearre. Der is ek in spesjaal menu foar dosinten. Op de website binne ek tips te finen om der op út te gean.
Meikoarten wurdt dêr ynformaasje op set oer it edukatyf materiaal dat by de ferskate musea oanwêzich is.
De kanon is ek te finen op Hyves, Facebook en Twitter.

3e printinge Boek
It boek ‘De kanon fan de skiednis fan Fryslân yn 11 en 30 finsters’ dat yn it Frysk en it Nederlânsk útbrocht is, is yntusken al oan de 3e printinge ta. Dat hâldt yn dat der no mei-inoar 5.000 eksimplaren op de merk brocht binne.

TV en DVD
Omrop Fryslân stjoert dit seizoen de rige programma’s oer de Fryske Kanon wer út. Der binne ek nije ôfleverings makke oer finsters dy’t noch net behannele binne. Fan alle programma’s komt healwei oktober in dvd-boks út mei trije dielen. Diel 1 fan de rige, dy’t no útferkocht is, is dan ek wer beskikber.

Lesmateriaal
Der binne troch Cedin Nederlânsk- en Frysktalige katernen ûntwikkele foar it basisûnderwiis, mei ferwurkingsmateriaal, foar de finsters 1 o/m 12. Foar de oare finsters wurdt ek materiaal ûntwikkele en foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis wurdt op dit stuit materiaal makke.

Canonkaravaan
Op 28 septimber sil de Canonkaravaan Fryslân oandwaan. Se binne te gast by de NHL yn Ljouwert. Der wurde ferskillende nijsgjirrige workshops en lêzings oer de Nederlânske en de regionale kanons holden, spesjaal foar learkrêften fan it basisûnderwiis. Mei dêrby fansels ek omtinken foar de Fryske Kanon en in gastoptreden fan dhr. Douwe Draaisma. Der binne noch in tal plakken beskikber. Oanmelde kin fia: http://www.entoen.nu/canonkaravaan/Leeuwarden. Fryske skoallen hawwe fergees yntree.

Spearpunten fan ’t hjerst
Moanne fan de skiednis (oktober), Universiteit fan Frjentsjer (200 jier lyn dat dy opheft waard, finster 15), Kneppelfreed (60 jier lyn, finster 34), Menno Simons (450 jier lyn dat er ferstoar, finster 12).
De kanon fan de skiednis fan Fryslân is in projekt fan Tresoar, Cedin, Fries Museum, Omrop Fryslân en de Afûk yn gearwurking mei it ûnderwiisfjild en de musea.

De rezjykommisje bestiet út:
Dhr. drs. Rinze Boersma (foarsitter)
Dhr. prof. dr. Goffe Jensma
Dhr. Drs. Bert Looper
Mefr. Y. Messchendorp
Dhr. drs. Jan Oudeboon
De kanon fan de skiednis fan Fryslân wurdt koördinearre troch de Afûk

<< Werom nei 'Aktueel 2011'