Yn de alderearste foarnimmens foar it Belied Fryske taal fan de gemeente Súdwest Fryslân, wurdt troch in juridyske handichheid besocht om de Frysktalige plaknammen fan it eardere Wymbritseradiel bûtendoarren te hâlden.
Op 20 maaie 2008 hat de gemeenteried fan Wymbritseradiel besletten om mei yngong fan 1 jannewaris 2009 syn boargers en dy fan de rest fan de provinsje Fryslân it taalrjocht te ferlienen, om yn de offisjele kontekst de Frysktalige plaknammen fan de gemeente te brûken. It takennen fan sa'n taalrjocht bart op basis fan it "Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden" (Europeesk Hânfêst art. 10:2g). Dat Europeesk Hânfêst beskermet taalrjochten fan minderheden tsjin politike willekeur.
No is it rûnom bekend, dat de ried fan de gemeente Wymbritseradiel it op 16 desimber 2008 net iens wurden is oer it staveringsbeslút dat op basis fan administrative wetjouwing nedich achte wurdt foar de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA).
Dy ympasse wol it kolleezje fan de gemeente Súdwest Fryslân no útlizze as it ferneatigjen fan it earder neamde riedsbeslút fan Wymbritseradiel. Yn de notulen fan de riedsgearkomste fan de gemeente Wymbritseradiel fan 16 desimber 2008 stiet wurdlik, dat - útsein de leden fan ien opposysjepartij - de leden fan de ried net fan it beslút fan 20 maaie 2008 ôf wolle. Dat wurdt op 'en nij befêstige mei it fersmiten fan in moasje fan dy opposysjepartij. Dêrmei is it taalrjocht fan it riedsbeslút yngien op 1 jannewaris 2009. Fansels is de GBA fan Wymbritseradiel net mear op 'e tiid op oarder kaam.
Om yn it ramt fan de weryndieling oan it Europeesk Hânfêst te foldwaan, is der ferline jier in konvenant "Belied Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân" sletten tusken de fiif fusearjende gemeenten, de provinsje en it Ryk.
Wy roppe hjirby de leden fan gemeenteried fan de gemeente Súdwest Fryslân en de leden fan Provinsjale Steaten fan Fryslân op, om der op ta te sjen dat it konvenant net skansearre wurdt troch juridyske trúks.
Ljouwert, 15 april 2011
Boarne: Topografyske Wurkgroep Fryslân; ynfo: towufry@tele2.nl