Frysk yn Súdwest Fryslân?, 18-04-2011 (P-LC)

De namme Súdwest Fryslân (SWF) is no definityf, ek al hiene in protte minsken graach in oare namme sjoen. Hawar, ‘what’s in a name’, net wier? It feit dat it lokkigernôch net ‘Sneek’ wurden is, jout hope dat de nije gemeente dochs in Frysk karakter krije sil en net dominearre wurde sil troch de Hollânsktalige elite fan Snits.

Wat de fiertaal yn de gemeente oanbelanget, sjocht it der tsjuster út, as ik it stikje fan Pieter de Groot (LC 8 april) leauwe mei. Hy skriuwt dat wethâlder Maarten Offringa yn in gearkomste fan doarpsbelangen en wykrieden fuortendaliks yn it Hollânsk oergie doe’t guon bywêzigen dat easken. ‘Sneek’ hat spitigernôch no al in earste punt skoard yn de ferhollânsking fan de nije gemeente en dat is faai. Wêrom’t de Frysktaligen yn sa’n gearkomste dat barre litte, is my in riedsel, it sil wol gearhingje mei it groanyske minderweardichheidskompleks fan in protte Friezen foar Hollanners oer.

Ek yn oare gemeenten wol men [wolle se] ta fúzjes komme, sabeare om de bestjoerskrêft te fergrutsjen. Sa is men [binne se] op bestjoerlik mêd dwaande om de mooglikheid te ûndersykjen om Frjentsjeradiel, Harns, Menameradiel, It Bildt [It Bilt] en sels Littenseradiel fusearje te litten ta in nije megagemeente Noardwest Fryslân. Mocht it yndie barre (wat net te hoopjen is) dan driget itselde te barren as by SWF: oerhearsking troch de Hollânsktalige elite fan de stêden, yn dit gefal fral Harns, mar ûnderskat Frjentsjer net ...

Oer in heal jier fynt de sechstichjierrige betinking fan Kneppelfreed plak. Soe ’t net moai wêze om dy gelegenheid oan te gripen om de gemeenten oan te trunen ta in Frysksinniger belied?

JEHANNES ELZINGA,
ynwenner fan Frjentsjer

<< Werom nei 'Poadium 2011'