Leeuwarder Courant, s. 6 - Yn syn ‘Het Fries heeft niets aan Friese plaatsnamen’ (LC, 12 maaie) neamde Rimmer Mulder it Dryltster plaknammebeslút fan maaie 2008 en it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen, dêr’t it Keninkryk yn 2008 foar tekene hie. Neffens dat ramtferdrach krije alle minsken yn de súdwesthoeke deselde taalrjochten as dy fan it eardere Wymbrits en sadwaande it rjocht op ’e Frysktalige steds- en doarpsnammen.
Mei gjin wurd hie Mulder it oer de ‘Oerienkomst oangeande Fryske taalbelied yn de nij te foarmjen fúzjegemeente Súdwest-Fryslân’, yn 2010 tekene fan alle fiif gemeenten, de provinsje en de Steat. Sy ûnderskreaune it behâld fan de taalrjochten yn Wymbrits by de oergong nei de grutte gemeente. De regels foar dy taalwiksel yn de súdwesthoekster plaknammen meie guon wearzgje, mar regels binne no ienris regels. Rûnom op de wrâld binne nei tiden fan ûnderdrukking eigen- foar frjemdtalige nammen yn it plak kommen, bygelyks Jakarta foar Batavia, Kisangany foar Stanleyville, Sint Petersburch foar Leningrad. En dat sûnder folle spul.
En te uzes? Yn Tytsjerksteradiel ûnderholden agitproppen [ôfkoarting fan: agitaasje en propaganda] fan de ‘Stichting tegen het gebruik van Friese plaatsnamen, maar voor het behoud van de Friese taal’ skoften in klimaat fan spul en skeel. Mar oars as Mulder hawwe woe, ferrûn de nammewiksel yn Boarnsterhim yn betreklike frede. Yn dy gemeenten hiene de fjoeroansetters de kâns net krige.
B.J. Postma, Bitgummole [ynstjoerd]
FFU: Rimmer Mulder soe grif ek sympaty hân hawwe foar de boppeneamde agitpropperige stifting. Soed er miskien lid west hawwe? Wy kenne wol Frysksinniger Mulders (tink oan de eardere deputearren Jaap en Bertus Mulder) yn Fryslân. Rimmer foel en falt altiten slim út de toan as it om it Frysk en ús Fryskeigen toponimen giet. Lokkich binne wy him kwyt as haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Faaks kin it Hollânsktalige ‘Friesland’ aanst normaal ‘Fryslân’ wurde yn dy krante. Krekt as yn it Friesch Dagblad.
Sjoch ek de korrespondinsje fan de FFU en guon oaren mei de nije gemeente Súdwest-Fryslân oer it taalbelied, ynklusyf de plaknammen. Te finen by ‘Brieven 2011’ op ús webstek.