It Fryske Gea en it Frysk!, 25-05-2011 (P-LB)

Hoe kin der in ein makke wurde oan de anty-Fryske taalpolityk fan dy feriening?

Lútsen Bakker syn mail-berjocht oan It Fryske Gea (maaie 2011)

Hjirûnder sa likernôch de mail dy’t Bakker yn maaie 2011 oan It Fryske Gea stjoerd hie. Hy foeget der yn in e-post-berjocht oan de FFU oan ta: “Ik haw in jier of tsien ferlyn in brief skreaun oan deselde ynstânsje, dêr't ik in selde klacht yn utere. Noch op it brief noch op de e-mail haw ik in reaksje krige” (berjocht oan de FFU, 26-05-2011).

Eala,

Lâns dizze wei wol ik myn lidmaatskip by jimme feriening opsizze. De reden is dat ik in protte argewaasje haw fan it taalbelied dat jimme fiere yn jim ferieningsblêd. It foarwurd dat eartiids altyd yn it Frysk wie, is no wer yn it Hollânsk; de nammen fan fûgels en oare dieren, dy't foarhinne dûbeltalich wiene, binne no wer inkeld Hollânsktalich. Mar wat my wol it measte yn it krop stiket is, dat jimme de jongerein yn KidsGea ûnderrjochtsje oer de natoer - nota bene it meast direkte fermidden - yn inkeld it Hollânsk; dat in skries in gruttois, in hynder in ‘paard’ en in skiep in ‘schaap’, as woene jimme sizze: sa heart it. Jimme miene dat jim om it Frysk hinne kinne, mar mei de him ûntjaande emansipaasje fan ús taal sil jim dat net langer slagje. As jimme sa maklik omlizze foar minsken dy't driigje mei opsizzen, omdat hja fine dat der tefolle Frysk brûkt wurdt, dan sis ik: it kin ek oarsom. Ik haw der net langer nocht oan om jimme te stypjen.

Mei achtinge,

Lútsen Bakker

FFU: Wa folget Lútsen? Sjoch ek by: Sjerp & Jittik (14), maaie 2011

<< Werom nei 'Poadium 2011'