Dan noch leaver Piterboarch, 01-06-2011 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 7 - Bertus Postma liket yn syn stikje Snits voorheen Sneek (LC 20 maaie 2011) alles, sadree’t it oer plaknammen giet, te sjen yn de tsjinstelling frjemd-eigen. Mei Leningrad is dat net sa. De namme Sankt Peterburg is wer ynfierd, omdat se ôf woene fan al te neidruklik ferwizen nei Sovjetlieders. It gyng net hielendal om Lenin, want de provinsje dêr’t Sankt Peterburg yn leit, hjit noch altiten Leningradskaja Oblast. Sankt Peterburg is ek minder Russysk as Leningrad. Burg is Dútsk, -grad Russysk. Postma skriuwt de namme yn it Frysk as Sint Petersburch. Dat is oerset Hollânsk. De trochsnee Rus neamt de stêd Peterburg, útsprutsen as Piterboerg. Guon hawwe it sels oer Piter. Dêrom is it better om de stêd hjir Piterboarch te neamen. Dan jouwe wy ek romte foar it eigene fan de Russyske taal. Dêr binne wy dochs allegearre sa foar?

Kerst Huisman, Ljouwert [ynstjoerd]

<< Werom nei 'Poadium 2011'