Achte bestjoer en direksje,
Fan ferskate kanten is it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging oanskreaun en -sprutsen fanwegen it taalgebrûk troch jimme organisaasje. Wie it foarhinne sa dat it Frysk as fiertaal by it Fryske Gea wenst wie, tsjintwurdich liket it der op dat it yn ’e uteringen nei bûten ta hast net mear brûkt wurdt. Wy meitsje ús soargen.
Jim hawwe mooglik de diskusje op in iepen foarum op ús ynternetside www.itnijs.nl folge (http://itnijs.nl/2011/06/anty-fryske-taalpolityk-fan-it-fryske-gea/) dêr’t ek in tal opmerkings makke binne oangeande it taalgebrûk fan it Gea.
Ien fan ús meiwurkers makke ús der op attint dat yn it Ketliker Skar de âlde buordsjes yn de bosk noch folslein Frysktalich binne, wylst de nije, moderne en full-colour buordsjes by de yngong tichteby it parkearterrein folslein yn it Hollânsk binne. In suggestje fan ús soe wêze om de buordsjes tenei dûbeldtalich (Frysk-Nederlânsk) te meitsjen. Of trijetalich (ek Ingelsk, of Dútsk), foar de toeristen. Jim krije op ’t lêst ek subsydzje fan de provinsje Fryslân, dy’t it ek wichtich fynt dat it Frysk mear sichtber wurdt. As der swierrichheden binne mei it oersetten fan teksten dan kinne wy jim belangeleas skewiele.
Fierder is it fansels foar de jongste generaasje wichtich om de nammen fan bisten en planten yn it Frysk kennen te learen. Yn jimme blêden soe in fermelding yn beide talen dan ek net misstean. Dêrom soenen edukative aktiviteiten mei bern, dy’t mûnling dien wurde, folslein of foar in hiel grut part yn it Frysk dien wurde kinne.
Wy sjogge jimme reaksje mei belangstelling yn ’e mjitte.
mei freonlike groetnis,
út namme fan it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging,