Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje, 17-08-2011 (P-RvdFB)

Achte Kolleezje, achte deputearre De Vries,

Op 8 april 2011 binne troch de fraksje fan GrienLinks skriftlike fragen yntsjinne oer it ‘Griene Boekje’. Soks nei oanlieding fan in Te Gast fan Jan Schotanus fan DAT Tekstbureau. De Ried fan de Fryske Beweging stipet it pleit fan Schotanus en GrienLinks om te kommen ta sa’n wurdlist foar it Frysk. Ut ús kontakten mei alderhanne ynstânsjes en persoanen begripe wy dat der wier ferlet is fan in ienheidsstavering, benammen foar it profesjoneel en offisjeel gebrûk fan it skreaune Frysk. Wy fersykje jim Kolleezje dan ek om de Fryske Akademy opdracht te jaan ta it gearstallen fan sa’n offisjele wurdlist.

Op dit stuit wrakselje oersetters, tekstburo’s, foarljochters, redakteuren, útjouwers, learaars en oare brûkers fan it Frysk geregeld mei de offisjele en foarkarsstavering fan Fryske wurden. It is fansels prachtich dat der yn it Frysk noch sa’n ryk ferskaat oan farianten foar guon wurden is, lykwols betizing oer de skriuwwize dy’t de foarkar hat, moat tefoaren kommen wurde. It hânwurdboek fan de Fryske Akademy wurdt troch útjouwers no as noarm brûkt, mar dat wurdboek is net foar alle doelen folslein: ferbûgingsfoarmen dekke lang net it hiele gebiet, haadlettergebrûk is der net út te heljen, ensfh. Yn it ferlingde dêrfan is it probleem mei de hjoeddeiske – digitale – staveringshifker dat it op in fierstente breed korpus fan de FA basearre is (ntl. It wurdboek) en dat de gewoane taalbrûker der geregeld yn om komt. Likegoed as foar de Nederlânske taal is der foar it Frysk ferlet fan in offisjele wurdlist. Sjoch ek nei de stikken dy’t op www.dekrantvantoen.nl ferskynd binne.

Omdat it foech foar it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk by Provinsjale Steaten fan Fryslân leit, freegje wy it Kolleezje fan Deputearre Steaten om de Fryske Akademy sa’n list gearstalle te litten.

Wy sjogge jimme reaksje mei belangstelling yn ’e mjitte.

FFU: Yn de Ljouwerter Krante (17-08-2011, s. 13) wurdt ûnder de kop ‘Fryske Akademy studeert op woordenlijst Fries’ it neikommende bekend makke:

LEEUWARDEN – De Fryske Akademy bereidt de komst van een woordenlijst voor de Friese taal voor.

Het wetenschappelijk instituut studeert op verschillende varianten. Er kan een Groen Boekje komen, zoals dat voor het Nederlands ook bestaat. Hiernaast wordt gedacht aan den digitale variant, mogelijk met spellingscontroles.

Vertaler Jan Schotanus uit Easterwierrum betoogde in deze krant dat er grote behoefte is aan een voorkeurspelling. De provincie onderkende dit en trad in overleg de Fryske Akademy. Die komt in september met voorstellen naar gedeputeerde De Vries (PvdA). “De staten kunnen straks kiezen uit verschillende varianten”, aldus woordvoerder Harco Zwaan. Helemaal zeker is het plan nog niet, want “de provinciale begroting wordt dit jaar een hele puzzel”.

De Ried  fan de Fryske Beweging dringt ook aan op een eenduidige woordenlijst. “It prachtich dat der yn it Frysk noch sa’n ryk ferskaat oan faranten foar guon wurden is,”schrijft Van der Bij.

Sjoch ek by ‘Poadium 2011’:
Grien boekje foar it Frysk, 08-04-2011, (P-LC)

Leeuwarder Courant – Pleit fan Jan Schotanis (DAT Tekstbureau) yn it ‘tegast’ (d.d. 08-4-2011), foar in goed opboude wurdlist (Grien boekje) foar it Frysk mei meartalsfoarms, ôfliedings, tiidwurden mei bûgingsfoarms, nammen dy’t ynboargere binne. GrienLinks pleitet by Deputearre Steaten foar de komst fan sa’n boekje ( Actief, 20-04-2011, s. 21). Lês fierder >>


 

<< Werom nei 'Poadium 2011'