Taalstriid of sjauvinisme, 18-11-2011 (P-LC)

Sechtich jier nei ‘Kneppelfreed’ lizze de wetlike mooglikheden foar it Frysk der gâns better hinne as foar dy tiid. Mar om no mei Rimmer Mulder (LC 9 novimber) te sizzen dat it no oan de Friezen sels leit om dy taal oeral mar te brûken, no nee, sa leit it lân der noch lang net hinne. It folk hat it rjocht wol, mar it ark net om dat rjocht ek yn praktyk te bringen. De pylders fan de maatskippij, oerheid, ûnderwiis, tsjerke en media steane noch altyd wifkjend foar dat rjocht oer en skikt it noch altyd net mei oertsjûging it ark ta dat rjocht te brûken. Yn it ûnderwiis kriget men it gefoel dat der wolris mei de pet nei smiten wurdt en de kranten brûke it Frysk ek mar foar minder as 1 persint fan harren romte. Hoe’t de kranteminsken foar de eigen taal oer steane, waard dúdlik by it ôfskie fan LC-redakteur Pieter de Groot. Willem Verf ferge de haadredakteuren Hans Snijder (LC) en Lútsen Kooistra (FD) der op mear romte te jaan oan it Frysk. By beide hearen wie gjin beweging te sjen.

It ivige ferwyt dat it Fryske folk it sels dwaan moat, lit my tinke oan it bibelferhaal fan de Filistinen dy’t Simson de eagen útstutsen en him doe ferwieten dat er net sjen koe. Wylst brûkt it Fryske folk foar har lok- en leeduterings al omtrint 25 persint de eigen taal. Dêr kinne ús kranten noch net oan tippe

Stoffel Haagsma, De Gordyk

<< Werom nei 'Poadium 2011'