Kearndoelen Frysk yn ûnderwiis no saak fan Fryslân, 03-01-2012 (A-IN)
Dit betsjut dat it bestjoer fan de provinsje Fryslân mear te kedizen kriget oer it Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis. Van Bijsterveldt (UKW) en Spies (Ynlânske Saken) hawwe dat mei de provinsje yn in konvenant fêstlein.
‘It is wer in stapke foarút’, jout De Vries oan. De deputearre is al yn oerlis mei Fryske skoallen om it nije foech stal te jaan.
Bestjoersôfspraak Fryske taal
De Vries hat mei de ministers ek ôfpraat dat der sa gau mooglik in nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer komme sil. Dêr wurdt yn regele hoe’t de Fryske taal en kultuer fan it Ryk út mear omtinken krije kin.
Advys foar de nije mediawet
Fierders hat Van Bijsterveldt tasein, dat in aparte kommisje advisearje sil oer de Fryske taal en kultuer yn de media. Dat advys sil de minister brûke foar de nij te foarmjen Mediawet, dy’t de Twadde Keamer nei de simmer fan 2012 behannelje sil. Deputearre De Vries hie op de foarming fan dizze kommisje oanstien. Wat de provinsje oanbelanget moat Omrop Fryslân in apart plak krije yn de nije Mediawet.