Kultuerferdrach Fryslannen stap foarút, 21-07-2012 (A-it Nijs)

Tongersdei 21 juny 2012

In kultuerferdrach tusken Sleeswyk-Holstein en de oare Fryslannen is wer in stap foarút. Dizze wike hawwe ek Deputearre Steaten fan Fryslân (it Provinsjaal Bestjoer) har posityf útlitten oer sa’n takomstich ferdrach. Dêrmei is de wei frij foar de nije minister fan Kultuer yn Sleeswyk-Holstein, Anke Spoorendonk (SSW), om kontakt mei de provinsje Fryslân op te nimmen om oer de ynhâld fan sa’n ferdrach te praten.

Juster waarden troch FNP-steatelid Sybren Posthumus by de behanneling (punt 05B) fan de nota ‘Ynternasjonale kontakten’ fragen steld oer de mooglikheid fan sa’n Kultureel ferdrach. Mei op oanstean fan de FNP wie dêryn opnommen dat gearwurking socht wurdt mei de oare Fryslannen, ûnder oare om de posysje fan it Frysk te fersterkjen. Deputearre Sietske Poepjes (CDA) andere dat it Kolleezje posityf foar sa’n ferdrach oer stiet en dat se it petear dêroer graach oangean wolle.

Oanlieding foar de diskusje oer in kultuerferdrach tusken Sleeswyk-Holstein, Westerlauwersk Fryslân en Ostfriesland  is it nije Koälysjeferdrach fan Sleeswyk-Holstein dat krekt sletten is. De nije koälysje dêr fan SPD, de Grünen en de SSW wol de posysje fan de Fryske taal en kultuer stimulearje troch de ynterfryske kontakten te befoarderjen.

Ek sjen:

  1. Kultureel ferdrach tusken de Fryslannen KIEL – Der komt mooglik in kultureel ferdrach tusken de...
  2. Frysk yn Dútslân tige faai Dútslân sjit slim tekoart wer it giet om it beskermjen...
  3. Nedersaksysk as wrâlderfskip HÜSEM – Ferskate politisy yn Sleeswyk-Holstein wolle dat it Nedersaksysk...
  4. Talefilmkes Sleeswyk-Holstein KIEL – De oerheid fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein hat yn...
  5. Kaairol Denen en Friezen yn Sleeswyk-Holstein De kâns wurdt hieltyd grutter dat de Deensk-Fryske minderhedepartij SSW...

<< Werom nei 'Aktueel 2012'