Leeuwarder Courant, s. 6 - Dat wurdt grif in keale bedoening, dy iepening fan it nije Provinsjehûs. Syb van der Ploeg sjongt alteast: “Wy komme hjir tegearre.” Wa soe der noch mear komme? Allinne mar Syb van der Ploeg en de keninginne? John Jorritsma en Ferd Crone blykber net iens. Us provinsjale bestjoer spant him wakker yn foar it Frysk. Lear earst sels mar ris wat better Frysk, soe ik sizze. ‘Tegearre’ mei noch in pear tûzen sjongers.
Jitze van der Meer, Bitgum [ynstjoerd]
FFU: De sjoernalist Fedde Dijkstra fan de Ljouwerter Krante (LC, 18-04-2012, s. 23) achtet it in moai ynstjoerd stikje fan Jitze van der Meer, analysearret it wurd ‘tegearre’ mei help fan ûnderskate wurdboeken en konkludearret likegoed: “Tegearre slacht hoe dan ek yn it foarste plak op twa persoanen. Wy sieten tegearre op in bankje – dan sjogge je Gurbe en Loltsje sitten. Op dat bankje is gjin plak foar in koar fan goed twatûzen minsken.”