Ynkoarten wol Kerst Huisman (kj.huisman@chello.nl) besykje om in grut sjongkoar te foarmjen, dat it taheakke liet (‘Praat dochs Frysk’) foar de nije keninginne Máxima en de nije kening Willem leart. De bedoeling is om dat liet by de besite fan de nije kening en keninginne sa man- en froumachtich as mooglik is, te sjongen, oeral dêr’t it mar gaadlik is. Jou dit dêrom oan safolle mooglik minsken troch.
It tasjongen fan Máxima. Wize: It heitelân
Praat dochs Frysk, o keninginne Praat ús taal, dat kinn’ jo skoan
En as jo dêrmei begjinne Fynt aanst elts it deagewoan
Pas as jo ús lânstaal sprekke Binne jo alhiel hjir thús
En as jo jo net ferbrekke Hearre jo pas echt by ús

En as jo ús taal dan sprekke Yn ’t iepenbier, lykas dat heart
Sil gjin Fries him mear ferbrekke ’t Is noch leaver dat hy stjert
Sa sil ús taal beholden bliuwe Dreech tsjin twang en gnizerij
En de sleauwens rap ferdriuwe Âldfaars taal, wy weitsje oer dy

Praat dochs Frysk, o kening Willem Praat ús taal, dat kinn’ jo skoan
En dan komm’ jo op de fillem En fynt elts it deagewoan