Advys yn it ramt fan de evaluaasje fan de Wet Kinderopvang
Dit advys is taret troch de taakgroep Sosjaal Libben & Underwiis en fêststeld yn de Berie-gearkomste fan 20 maaie 2005.
Ynlieding
De evaluaasje fan de Wet Kinderopvang (foarsjoen foar 2006) troch SZW sil benammen gean oer de tripartite finansiering (oerheid, wurkjouwer en âlden) en de technyske kwaliteiten fan de opfangsintra en pjutteboartersplakken; de wet stelt gjin pedagogyske kwaliteitseasken.
Yn 1999 hat it buro Coulon (Fryske Akademy) it ûndersykrapport ‘Pjuttepraat' útbrocht mei oanbefellings op it konkrete nivo fan de foarskoalske foarsjennings.
Probleemstelling
Kêst 55 fan de Wet Kinderopvang makket it brûken fan Frysk yn de foarskoalske foarsjennings fakultatyf: ‘Daar waar naast de Nederlandse taal, de Friese taal of een streektaal in levend gebruik is, kan de Friese taal of de streektaal mede als voertaal worden gebruikt'. Dy formulearring fan de wettekst is letterlik deselde as de tekst fan de wetswiziging út 1937 fan de Lager-Onderwijswet dy't Frysk mooglik makke yn it leger ûnderwiis.
De provinsje Fryslân wol derop út, dat de formulearring fan it kêst mear yn oerienstimming brocht wurdt mei de Wet op het Primair Onderwijs WPO kêst 9, lid 4 (Frysk foar alle learlingen ferplichte) en kêst 9, lid 8 (Frysk as fiertaal / ynstruksjetaal).
Bygelyks sa: ‘Op de kindercentra in de provincie Fryslân wordt tevens de Friese taal als voertaal gebruikt en wordt aandacht besteed aan tweetaligheid in de opvoeding.'
In formulearring foar de foarskoalske perioade dy't te ferlykjen is mei in formulearring fan bepalings yn de WPO is ek mear yn oerienstimming mei de ferplichtings dy't Nederlân op ‘e noed nommen hat by de ratifikaasje fan it Europeesk Hânfest foar Regionale of Minderheidstalen , nammentlik: ‘een aanmerkelijk deel van het aan het onderwijs op school voorafgaande onderricht te bieden in het Fries'.
Lykwols: nei de wetswiziging komt it oan op ymplemintaasje .
Wichtige eleminten dêrby binne:
- Mei-ferantwurdlikheid fan de ryksoerheid foar ‘aanmerkelijk deel', foar pedagogyske kwaliteitskaart en de fisitaasje, de oplieding (inisjele en ynservice) en de foarljochting.
- Legitimaasje fan aksje troch de provinsje (op grûn fan BFTK).
- Legitimaasje fan aksje troch de gemeenten (op grûn fan registraasje fan de foarsjennings): yn eigen belied by de registraasje fan foarsjennings ek kwaliteitseasken foar twataligens, Frysk as kompetinsje fan de lied(st)ers.
Konkrete advizen:
1) It Berie advisearret oan Deputearre Steaten net te wachtsjen op de evaluaasje fan de Wet Kinderopvang troch SZW, mar sels in nij ynventarisearjend ûndersyk útfiere te litten by de foarsjennings yn Fryslân mei as eleminten:
- De praktyske en stimulearjende funksje fan de gemeenten. Hoewol't de gemeenten yn de Wet Kinderopvang formeel allinnich de funksje hawwe fan registerhâlder, kinne de gemeenten feitlik wol in belied fiere dat rjochte is op it stellen fan pedagogyske kwaliteiten en taalkwaliteiten. Yn foarkommende gefallen kinne de gemeenten yn de budzjetkontrakten mei de gemeentlike Stifting Wolwêzen as betingst opnimme, dat yn de praktyk gebrûk makke wurdt fan it Frysk en dat omtinken jûn wurdt oan twataligens as oandachtspunt fan de opfieding.
Oare punten fan omtinken:
- it eigen ferlet fan de foarsjennings op it mêd fan kompetinsjes, foarljochting, materiële ynstânhâlding;
- kwalifikaasjes (kwaliteitskaart) & fisitaasje;
- evaluaasje fan de Wet Kinderopvang foar de foarsjennings yn Fryslân; as ferbreding fan it te ferwachtsjen ûndersyk fan SZW.
2) It Berie advisearret oan de Deputearre Steaten om yn it oerlis mei de gemeenten omtinken te freegjen foar it gemeentlike belied foar de bernesintra en pjutteboartersplakken: de gemeenten kinne as registerhâlder en yn it ramt fan it eigen wolwêzensbelied oan de profesjonele oanbieders kwaliteitseasken stelle op it mêd fan de pedagogyk en fan de taal & meartaligens: kompetinsjes / kwalifikaasje fan de liedsters. De gemeenten kinne yn it foarljochtingsbelied oan de jonge âlden (en de paken en beppen) ek ynformaasje opnimme oer de mooglikheden en foardielen fan twatalich grutbringen; dan kinne de âlden (en de paken en beppen) in bewustere kar meitsje foar it taalgebrûk yn de opfieding. Goede foarbylden fan bewust taalgebrûk yn de opfieding kinne dêrby fertuten dwaan.
It oerlis mei de gemeenten kin taret wurde yn de petearen mei de yndividuele gemeenten en yn de provinsjale stjoergroep ‘Gemeenten'; it oerlis kin ek formeel plakfine yn it periodike oerlis mei de VFG.
3) It Berie advisearret oan Deputearre Steaten it suksesfolle projekt fan de SFBO yn de jierren 2007-2010 fuort te setten en te ferbreedzjen, troch:
- in piloat-projekt fan de SFBO te stypjen oer de oansluting fan berne-opfang en basisskoallen; dêrby: entreetoets foar 4-jierrigen; foarljochting oan learkrêften en âlden; bylearen foar liedsters;
- de profesjonalisearring fan de fisitaasje fan alle oansletten bernesintra ynhâldlik en finansjeel te stypjen;
- de útwreiding fan it tal Frysktalige pjutteboartersplakken en bernesintra fan 50 nei 100 finansjeel mooglik te meitsjen (ek begelieding, fisitaasje, foarljochting, sertifisearring).
De útfiering en de monitoring fan dy projektperioade fan nochris fjouwer jier moat sa opset wurde, dat yn de Bestjoersôfspraak foar de jierren fan 2010 ôf in strukturele en wetlik ferankere foarsjenning foar Frysktalige pjutteboartersplakken en berne-opfang ta stân brocht wurdt. Dy wetlike ferankering past by de mienskiplike ferantwurdlikheid fan ryk en provinsje op grûn fan kêst 8 fan it Europeesk Hânfest foar Regionale of Minderheidstalen.