1. Lekepraatsje fan Jabik van de Bij
Yn it begjin fan de njoggentiger jierren wie it tal learlingen dat Frysk yn it eksamenpakket keas yn it hafû en t(ariedend) w(ittenskiplik) û(nderwiis) werom rûn ta it nulpunt. En dat wylst der yn de tachtiger jierren tsientallen learlingen wol Frysk keazen. It provinsjebestjoer fûn dat dêr feroaring yn komme moast en stelde in platfoarm yn om har te advisearjen om ferbettering yn dy sitewaasje te bringen. Sân rektoaren namen in sit yn dat platfoarm. Yn 1997 stelde it provinsjebestjoer ƒ 180.000 beskikber om de plannen fan it platfoarm út te fieren yn in projekt. It projekt waard útfierd fan 1997 oant 2002.
Oan it begjin fan it projekt waard oan Renze en my frege om in evaluaasje-ûndersyk te dwaan nei de effekten fan it projekt. In saneamde produktevaluaasje .
Ut de opsomming fan de produkten of doelstellings fan it projekt is de redenearring fan it platfoarm nei te gean. It begûn dermei dat der mear learlingen Frysk kieze moatte (de oarspronklike doelstelling). In middel dêrta soe in attitudeferbettering foar it Frysk oer wêze moatte (twadde doelstelling mar eins in middel). De earste doelstelling waard noch fierder oprutsen doe't it definitive projektplan de algehiele posysjeferbettering fan it Frysk yn de skoallen op it each hie (de tredde en miskien wol de wichtichste doelstelling). Dêr waard mei bedoeld dat Frysk faker as fiertaal yn oare lessen, op gearkomsten en âlderjûnen brûkt wurde moast, sawol mûnling as skriftlik.
Tagelyk woe it provinsjebestjoer graach ynformearre wurde oer it proses fan de feroarings troch it projekt. Koartwei: wat wie suksesfol, wat net en wat soe der ferbettere wurde moatte. Us ûndersyk bestie dêrtroch njonken de produkt evaluaasje ek út in proses evaluaasje.
Yn ús dissertaasje dogge wy ferslach fan de útkomsten fan it projekt. It boek is opdield yn trije parten:
Diel 1 is in beskriuwing fan de posysje fan it Frysk yn de ôfrûne ieuwen, benammen yn it ûnderwiis, mei de klam op it fuortset ûnderwiis.
Diel 2 is in beskriuwing en analyze fan it projektplan, de ûndersykopset en de resultaten fan it projekt.
Diel 3 is in refleksje op de resultaten dêr't de fraach oan de oarder komt hokfoar saken oft der ta laat hawwe dat it projekt mear of minder suksesfol west hat. Dit diel wurdt ôfsletten mei 13 oanbefellings oan it provinsjebestjoer as opdrachtjouwer en oan de skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân.
Metodology
Om it effekt fan it projekt te mjitte, hawwe wy in ferliking makke mei twa kontrôleskoallen. Simpel sein: as de feroarings op de doelstellings har allinnich foardogge op de projektskoallen en net op de kontrôleskoallen, dan mei der oannommen wurde dat de feroarings oan it projekt ta te skriuwen binne.
Oan it begjin fan it projekt (yn 1997) is op de projekt- en kontrôleskoallen in saneamde nulmjitting útfierd. Deselde mjitting is dien oan de ein fan it projekt (2002). Troch in ferliking fan de twa mjitmominten koe fêststeld wurde oft der har op de projekt- en kontrôleskoallen feroarings foardien hawwe.
Foar de earste doelstelling is mjitten net sa slim. Dat is in kwestje fan tellen fan it tal eksamenkandidaten foar en oan de ein fan it projekt. Mei de opdrachtjouwer (de provinsje) binne de nei te stribjen oantallen fêststeld.
Om de effekten op de twadde doelstelling mjitte te kinnen, hawwe wy earst in attitudeskaal makke en útprebearre op twa skoallen foar fuortset ûnderwiis, dy't net projekt- of kontrôleskoallen wiene. De attitudeskaal is mei help fan it kompjûterprogramma SPSS standerdisearre. Foar de learlingen en leararen binne twa ferskillende attitudeskalen makke.
Foar de tredde doelstelling is gebrûk makke fan fragelisten foar de leararen.
Resultaten
1. Mear learlingen kieze Frysk as eksamenfak
Dy doelstelling is foar 89% berikt. Op de projektskoallen hawwe 142 learlingen Frysk as eksamenfak keazen. Op de kontrôleskoallen en ek op de oare skoallen foar fuortset ûnderwiis yn de provinsje wiene gjin learlingen mei Frysk in har pakket. De skoallen ûnderling lieten in grut ferskil yn persintaazjes sjen.
2. It ûntwikkeljen fan in positivere attitude foar it Frysk oer by learlingen en leararen
By de leararen hawwe wy fêststeld dat der oan de ein fan it projekt in signifikant positivere attitude wie yn ferliking mei it begjin fan it projekt. Dat positive resultaat waard feroarsake troch de positivere attitude fan de leararen op ien fan de projektskoallen. By de learlingen hawwe har yn de rin fan it projekt gjin attitudeferoarings foardien. Op de kontrôleskoallen wie noch by de leararen noch by de learlingen in feroaring yn attitude fêst te stellen.
3. De posysje fan Frysk op de skoallen is troch it projekt ferbettere
Ut de ferliking fan begjin en ein fan it projekt docht bliken dat der gjin signifikant ferskil is yn de posysje fan it Frysk op de projektskoallen en de kontrôleskoallen. Der waard op de projektskoallen net faker Frysk brûkt as op de kontrôleskoallen. Hoewol't in feroaring net blykt út de toetsing, sizze de projektkoördinatoaren fan de skoallen dat se wol ferskillen waarnimme yn it taalgedrach fan de leararen te'n geunste fan it Frysk.
De resultaten hifke
Njonken it mjitten fan de effekten fan it projekt wie ús opdrachtjouwer ynteressearre yn de faktoaren dy't yn it projekt mear of minder suksesfol wiene. It tredde diel fan ús dissertaasje giet oer dy prosesevaluaasje.
Yn dizze sitting gean ik op in twatal saken koart yn.
1. De Fryske skoallen ha in lange 'Hollânsktalige' tradysje. Sûnt de Midsieuwen is it Frysk hieltyd fierder út de offisjele domeinen ferdwûn. Foar it Frysk wie yn de tsjerke, skoalle en bestjoer wat langer wat minder romte. Foar de ynwenners fan Fryslân ûntstie der derom in net-skreaune wet foar de plakken dêr't jo Hollânsk en Frysk brûkten. Troch de ieuwen hinne is der dêrtroch in situaasje groeid dy't yn it ûnderwiis te ferlykjen is mei it 'ferburgen' learplan. Wy brûke noch leaver de term 'ymplisyt' learplan. It belangrykste skaaimerk fan in 'ymplisyt' learplan is dat it yn dit gefal de talichheid bepaalt sûnder dat de brûkers har bewust binne fan har taalgedrach en de gefolgen dêrfan. Dêr feroaring yn te bringen, freget om in hiel spesifike oanpak.
2. It projekt soe troch in attitudeferoaring de posysje fan it Frysk yn de skoallen ferbetterje. It projekt moast troch in attitudeferoaring by direksjes, leararen en learlingen derfoar soargje dat der faker Frysk brûkt wurde soe yn de skoallen. Ut de literatuer is bekend dat net eltse attitudeferoaring folge wurdt troch in gedrachsferoaring. Der is wol sprake fan in wikselwurking tusken gedrach en attitude, mar der bestiet net in kausaal ferbân tusken dy twa. Ut ús ûndersyk blykt, krekt as op oare plakken, dat de attitude foar it Frysk oer net sa negatyf is. Wy soene foar in ferfolchprojekt dêrom oanrikkemandearje om de klam minder op attitudeferoaring te lizzen en mear op taalgedrachsferoaring. Ek op dat punt hawwe de skoallen har net foldwaande bewust west fan de spesifike oanpak dy't soks freget.
Wy hoopje dat wy mei ús ûndersyk in bydrage levere hawwe oan it ûnderkennen fan de tûkelteammen by it op gong bringen fan in fûnemintele taalgedrachsferoaring op de skoallen. Tagelyk hoopje wy in tal boustiennen oandroegen te hawwen foar in bewuster taalbelied op de skoallen.
2. Lekepraatsje fan Renze Valk
Rillegau nei de ynfiering fan de wet op it fuortset ûnderwiis yn 1968, de saneamde Mammoetwet, wie it mooglik om Frysk as eineksamenfak te kiezen yn it hafû en twû. Benammen op de hafûtoppen fan de Pedagogyske Akademy's diene tsientallen learlingen eksamen yn it Frysk. Nei de ‘ôfbou' fan de hafûtoppen sakke dat tal oan it begjin fan de njoggentiger jierren ta it nulpunt. De provinsje woe yn it ramt fan har taalbelied dy negative sitewaasje graach feroarje en liet him dêrfoar advisearje troch in platfoarm fan 7 rektoaren. It platfoarm makke in projektplan en dêrnei gong der in útnoeging nei alle skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân om diel te nimmen oan dat projekt. Der wiene úteinlik fiif skoallen dy't dêr posityf op reagearren. Mar der wie jild foar mar trije skoallen. Twa fan de oanmelde skoallen soene in jier letter fusearje en joegen dêrom oan dat sy wat de finansiering oanbelange, wol foar ien skoalle rekkene wurde koene. Dêrneist krige it projekt fan de Wolwêzensried dy't opdûkt waard en noch jild oerhie, in bedrach, sadat it projekt dochs noch foar fjouwer skoallen finansiere wurde koe.
De start fan it projekt
De start fan it projekt wie net optimaal. Twa skoallen koene yn 1997 begjinne, mar de oare twa koene dat pas in jier letter. De skoallen beneamden elts in projektkoördinator dy't op de eigen skoalle de saken foar it projekt regele, mar dêrneist ek ien kear yn ´e moanne mei de koördinatoaren fan de oare skoallen oerlis hie. Ek de koördinatoaren fan de twa skoallen dy't in jier letter út ein setten, hawwe fan begjin ôf oan alle moannen dy gearkomsten bywenne.
Dy koördinatoaregroep hat fan 1997 ôf stjoering oan it projekt jûn. Yn ´e rin fan de tiid hat dy groep der noch in funksje by krigen. Der wiene krekt yn de tiid dat it projekt rûn, lanlik in protte feroarings yn de struktuer en ynhâld fan it fuortset ûnderwiis. De basisfoarming waard ynfierd en it stúdzjehûs, mar ek mafû en t bû gongen op yn it tmbû . De provinsje hie yn ferbân mei al dy feroarings ferlet fan advys oer de posysje fan it Frysk dêryn en die dêrfoar in berop op de koördinatoaregroep. Dy't dêrmei dan ek advysgroep waard fan de provinsje.
Aktiviteiten
Yn it begjin lei de koördinaasjegroep it aksint yn it projekt op de aktiviteiten fan de learlingen, want ien fan de doelstellings fan it projekt wie dat de hâlding fan de learlingen en leararen foar it Frysk oer positiver wurde moast. Dat soe der dan ta liede moatte dat mear learlingen Frysk as eksamenfak kieze soene. Der waarden op it mêd fan it Frysk troch de begeliedingstsjinst GCO- fryslân yn gearwurking mei de skoallen dan ek alderhanne aktiviteiten foar learlingen organisearre. Geandewei it projekt kaam nei foaren dat neist it rjochtsjen fan de aktiviteiten op de learlingen it fan like grut belang of miskien fan noch wol grutter belang wie om nei de leararen ta ek mear aktiviteiten te ûndernimmen. De learlingen binne nei in tal jierren wer fan skoalle, mar de leararen binne in folle konstantere faktor en spylje in wichtige rol yn it hoe't de skoalkultuer is en yn dit gefal hoe't der mei it Frysk yn de skoalle omgien wurdt. Om de leararen mear by it Frysk te belûken, waard besletten om in taalbeliedsplan Frysk te ûntwikkeljen. It tinken dêrefter wie dat in taalbeliedsplan Frysk derfoar soargje koe dat der mear trochtocht mei it Frysk yn de skoallen omgien wurde soe en dat de leararen dêrtroch har taalgedrach oanpasse soene te'n geunste fan it Frysk.
Efterôf die bliken dat dat yn teory wol goed betocht wie, mar dat de realisaasje net sa maklik wie. Yn it foarste plak frege it nochal wat tiid om op de skoallen úteinlik it taalbeliedsplan oannaam te krijen, mar noch grutter probleem wie om de doelstellings dy't yn it taalbeliedsplan beskreaun stiene, yn útfiering te krijen. Yn de tiid dat it projekt duorre, fan 1997 oant 2002, is dy útfiering mar foar in beheind part fan 'e grûn kaam. It die bliken dat de realisaasje fan alderhanne saken net flot ferrinne woe. It feroarje wollen fan de Nederlânsktalige kultuer, dy't yn in pear ieuwen op de skoallen groeid is, freget tiid, mear tiid as de beskikbere tiid fan it projekt. Der sil langer de tiid foar naam wurde moatte. De provinsje hie dêr yn de projektperioade ek begryp foar en ferlinge earst it projekt mei in jier en naam dêrnei it beslút ta in ferfolchprojekt fan trije jier.
Doelstellings
Der is al troch my oanjûn dat de doelstellings fan it projekt yn elts gefal wiene dat der mear learlingen Frysk yn har eksamenpakket kieze soene en dat de hâlding foar it Frysk oer fan learlingen en leararen positiver wurde moast. Dêr oerhinne kaam in bredere doelstelling, nammentlik dat de posysje fan it Frysk ferbettere wurde moast troch it yn folle mear sitewaasjes as wenst wie, te brûken. Der wie ek noch in fjirde doelstelling nammentlik it meitsje fan in opset foar de ‘tuskenlizzende jierren'. Dêrmei wurde de jierren bedoeld dêr't gjin lessen Frysk yn jûn wurde nei it earste jier fan de basisfoarming oant de lêste twa jier fan hafû en twû.
Neist dizze fjouwer produktdoelen wie der ek noch in prosesdoel. Us opdrachtjouwer wie ek ynteressearre yn de faktoaren dy't yn de rin fan it projekt mear of minder suksesfol wiene. It lêste part fan ús dissertaasje giet dêroer.
Resultaten
Wat de fjouwer produktdoelen oanbelanget, kin fan it earste doel sein wurde dat dat foar 89% berikt is, útgeande fan de noarm dat 10 learlingen per klasse per jier it Frysk as eksamenfak kieze moasten.
It twadde doel is by de leararen berikt mei de oantekening dat dat benammen kaam troch de attitudeferbettering fan de leararen op ien skoalle. By de learlingen hat him troch it projekt gjin attitudeferbettering foardien. Us ûndersyk wiist net út dat de posysje fan it Frysk op de skoallen ferbettere is, hoewol't de koördinatoaren oanjouwe dat se wol hjir en dêr konstatearren dat it Frysk faker brûkt waard as yn it ferline it gefal wie. Foar it opfoljen fan it hiaat yn de trochgeande learline foar Frysk nei it earste jier fan de basisfoarming is net in opset makke. It wachtsjen wie op de nije kearndoelen foar de basisfoarming om yn relaasje dêrmei in opset te meitsjen foar in programma foar it fak Frysk foar de ‘tuskenlizzende jierren'. Dy nije kearndoelen kamen der yn de tiid dat it projekt rûn net en dêrom koe der net begûn wurde mei dy opset.
Resultaten hifke
Hie it projekt net mear opleverje kind as dat it dien hat? Sjoen de sitewaasje dêr't it projekt yn funksjonearre, wie dat eins net mooglik. It projekt spile him ôf yn ´e marzje fan de skoalorganisaasje. It projekt wie by mannichien op de skoalle ûnbekend en as it al bekend wie, dan waard it faak sjoen as in projekt fan it fak Frysk. It hat bliken dien dat de skoallen har by it oangean fan it projekt net goed bewust west hawwe fan de konsekwinsjes dy't it projekt foar de hiele skoalorganisaasje en foar de yndividuele learaar hawwe moatte soe.