Brieven 2005 (klik hjir foar brieven fan 2004 en earder)

Utgien (klik hjir foar ynkommen brieven)

24-12-2005 Keamerleden: Ynformaasje oer kearndoelen Frysk

Yn in ynformaasjestik foar Keamerleden oer it fêststellen fan de kearndoelen Frysk foar it basisûnderwiis jouwe de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging in gronology (1993-2005) fan it gearstallen fan dy kearndoelen en in kommentaar fan 5 punten op it loslitten fan de spegeling. Us konklúzje is ûnûntkomber: de kearndoelen foar Frysk hearre spegele te wêzen oan dy foar Nederlânsk, ek yn it fuortset en spesjaal ûnderwiis.

Klik op: FFU-Spegeling kearndoelen en Twadde Keamer.pdf


14-12-2005 Frysk op de Máximaskoalle te Ljouwert (II)

Twadde brief fan Germ Gerbrandy as reaksje op de opfetting fan de lieding fan de Máximaskoalle dat se op dy skoalle amper wat dwaan hoege oan it ûnderwiis yn it Frysk. Gerbrandy jout oan dat it lêste wurd dêr noch net oer sein is. De FFU beriedt him op ferfolchstappen.

Klik op: GG-Frysk op de Máximaskoalle, II.pdf

Sjoch ûnder ek by 24-07-2005 oer itselde probleem [klik op Gerbrandy syn earste brief: GG-Frysk op de Máximaschool.pdf ] mei dêrby in werjefte fan de rjochtfeardiging fan de skoalle om har programma foar Frysk te beheinen ta in ‘laten kennismaken met het vak Fries' [e-post direkteur d.d. 07-11-2005].


07-12-2005 Commissie Canon: In 'kanon' foar de Fryske taal en kultuer

Brief mei bylagen foar de lanlike kommisje Ontwikkeling Nederlandse Canon fan de FFU, de Vereniging van Leraren in Levende Talen (VLLT)-seksje Frysk en it Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oer de needsaak om in lichte lanlike en swierdere provinsjale ‘kanon foar de Fryske taal en kultuer' gear te stallen.

Klik op: FFU-Commissie Canon.pdf (brief) en FFU-Fries taalbeleid.pdf (bylage I, wetten en regelings)

Klik op: KH-Canon Friese geschiedenis.pdf (bylage III, Kerst Huisman, Hollânsktalige gearfetting fan in langere Frysktalige Konsepttekst ‘kanon' Fryske skiednis.pdf ; sjoch ek ûnder brieven, útgien, 24-02-2005) en STH-Oerdracht Fryske taal en kultuer.pdf (bylage II, artikel fan S.T. Hiemstra).


25-11-2005 Christelijke Hogeschool Noord-Nederland (CHN): Taalgebrûk op mentoaregearkomsten

Us brief oan de pabû-direksje fan de CHN oer it taalgebrûk op in mentoaregearkomste (4 okt. 2005). De gearkomste krige in Hollânsktalich karakter doe't in staazjekoördinator iensidich besleat om it Nederlânsk foar kar te nimmen boppe it Frysk, omdat in tal (twaddejiers) pabû-studinten gjin Frysk ferstean kinne soe. De taalhâlding fan de staazjekoördinator hâldt (bewust of net) foar de oanwêzigen, wêrûnder studinten dy't mooglik studearje foar it foech Frysk, it sinjaal yn dat op de CHN it Hollânsk brûkt wurdt en de twaddejiers it rjocht hawwe om te beskieden hokfoar taal oft de oanwêzigen brûkte moatte. Om dy reden stelle wy twa fragen: (1) oft de direksje mei ús fan betinken is, dat sa'n oplossing der net op troch kin; (2) hokfoar belied oft de direksje foar eagen stiet om alle studinten in goede taalhâlding by de bringen, keppele oan foldwaande kennis en feardichheden om goed funksjonearje te kinnen yn in twatalige setting.

Klik op: FFU-Taalgebrûk mentoaregearkomsten.pdf


21-09-2005 Provinsjale Steaten: Frysk yn it ûnderwiis: Kearndoelen en learwegen

Ynsprekbydrage fan de FFU foar ynhâldlike diskusje yn de provinsjale steatekommisje Boarger en Mienskip (21-09-2005) oer de provinsjale notysje ‘Frysk yn it ûnderwiis. Kearndoelen en Learwegen' , útsprutsen troch ús foarsitter, Tom Dykstra. Op 'e wurklist fan de steatekommisje stiene stikken dy't te krijen hiene mei in eardere notysje ‘Herziening Doelstellingen Fries in het PO (Primair Onderwijs)'.

Klik op: FFU-Trije misferstannen oer kearndoelen.pdf


20-09-2005 Skoalle 'By de Boarne', Boarnburgum: Frysk praten is in ûntwikkelingsefterstân

Us brief oan M. de Bruijn, direkteur fan de Kristlike Basisskoalle ‘By de Boarne', dy't yn Trouw (22-06-2005) seit: ‘Sommige kinderen spreken alleen maar Fries als ze op school komen en hebben meteen een achterstand in ontwikkeling.' Wy hawwe argewaasje fan sokke útspraken en opfettings en besocht om út te lizzen dat dy nochal diskriminearjend binne en wize op in tinkflater.

Klik op: FFU-Frysk praten ûntwikkelingsefterstân.pdf


18-09-2005/19-09-2005 Provinsjale Steaten: Lykweardigens yn kearndoelen foar de Fryske taal en kultuer

In koarte FFU-notysje (18-09-2005) by it punt Frysk yn it ûnderwiis. Kearndoelen en learwegen op de wurklist fan de steatekommisje Boarger en Mienskip (21-09-2005). Wy hawwe fiif beswieren tsjin it ôfswakjen fan de kearndoelen. Wy binne boppedat fan betinken dat de autonomy fan de skoallen de emansipaasje fan it ûnderwiis yn it Frysk yn 'e wei stiet.

Klik op: FFU-Notysje kearndoelen Frysk autonomy skoallen.pdf

 
In wiidweidiger taljochting fan ús kant (19-09-2005) by de hjirboppe oan te klikken notysje. Wy dogge in driuwend berop op Provinsjale Steaten om yn De Haach noch te rêden wat der te rêden falt, nei de falske start dy't Deputearre Steaten fan 't maitiid makke hawwe troch har del te lizzen by kearndoelen dy't net oan de eigen provinsjale útgongspunten foldogge.
Klik op: FFU-Gjin differinsjaasje yn kearndoelformulearring.pdf

26-07-2005 Provinsje: Frysktalige buordsjes en paadwizers

Us brief oan Provinsjale en Deputearre Steaten oer de needsaak fan Frysktalige of dûbeldtalige buordsjes/opskriften/paadwizers yn û.o. skoallen en soarchynstellings. De provinsje soe op dat mêd mear foech hawwe moatte.

Klik op: FFU-Frysktalige buordsjes en paadwizers.pdf


24-07-2005 De Máximaschool (Ljouwert) en it Frysk
Brief fan Germ Gerbrandy oan direkteur Dietha Krol fan de Ljouwerter Máximaschool (Suderbuorrren) oer it skandalich lytse bytsje Frysk dat dêr jûn wurdt, ek oan Frysktaligen (minder as in heal oere wyks ‘Kijken naar Fries tv'!). De skoalle hâldt him dus hyn ofte nei net oan de kearndoelen foar it Frysk en it Europeeske Hânfest foar minderheidstalen en differinsjearret alhiel net neffens taalbehearsking fan de learlingen.

Gerbrandy syn oanbod (sjoch brief) om te helpen om ferbettering yn dy situaasje oan te bringen, wurdt wegere. De direkteur dielt him mei: ‘Wij hebben, in overleg en met toestemming van de inspecteur van het onderwijs, gekozen voor ‘het laten kennismaken' met het vak Fries. Dit willen we in de loop der jaren uitbouwen naar een zekere luistervaardigheid. [...] Wij [achten] de tijd nu nog niet rijp om extra's voor het vak Fries te doen.' [mail: 07-11-2005].

De FFU is fan betinken dat dy tiid der juster al wêze moatten hie en giet nei oft soks samar kin.

Klik op: GG-Frysk op de Máximaschool.pdf


23-07-2005 Provinsje: Fersprieding Frysktalige gearfetting Europeeske grûnwet

Us brief oan Deputearre Steaten oer de winsklikens om de Fryske oersetting fan de gearfetting fan de Europeeske grûnwet yn ús provinsje hûs oan hûs te fersprieden.

Klik op: FFU-Fersprieding Fryske oersetting gearfetting Europeeske grûnwet en DS.pdf

Klik ek op ús earder brief ûnder Taalkonflikten (Swartboek 2005 , Kasus Frysk as twadde rykstaal en it referindum , 26-05-2005) en de flot ynkommen reaksje fan de Referendumcommissie (07-06-2005): RC-Fersprieding Frysktalige Grûnwet foar Europa.pdf


22-07-2005 Provinsje: Lykweardigens en lykberjochtiging Frysk yn it fuortset ûnderwiis

Us brief oan Provinsjale en Deputearre Steaten oer it Frysk yn it fuortset ûnderwiis nei oanlieding fan it Ramtlearplan Frysk yn it fuortset ûnderwiis 2005 . Wy meitsje in analyze fan it ramtlearplan (sjoch bylage) en jouwe op grûn dêrfan oan wat needsaaklik is om ta lykweardigens en lykberjochtiging te kommen yn it fmbû/vmbo, hafû/havo en twû/vwo.

Klik op: FFU-Lykweardigens en lykberjochtiging yn it fû.pdf (brief) en FFU-Analyze ramtlearplan 2005.pdf (bylage)


22-06-2005 Ryk (OCW) : Lykweardigens en lykberjochtiging Frysk yn it basis- en spesjaal ûnderwiis

Us brief oan OCenW dat fannijs (sjoch ek ûnder, bgl. ynkommen 02-05-2005) oanstiet op:
1. in wetlike ferplichting fan it Frysk as ynstruksjetaal yn de Wet op it primêr ûnderwiis en de Wet op de ekspertizesintra;
2. lykweardichheid en lykberjochtiging fan de Fryske taal en kultuer op it stik fan de kearndoelen.

Klik op: FFU-Lykweardichhheid kearndoelen en ferplichte ynstruksjetaal.pdf

16-04-2005 Provinsje: Ambysje fan Deputearre Steaten en differinsjaasje yn kearndoelen Frysk yn it basisûnderwiis
Us brief oan Provinsjale en Deputearre Steaten om harren derop te wizen dat allinnich it troch de wurkgroep Herziening doelstellingen Fries in het P.O. (2004) optochte groeimodel as middel om it plak fan it Frysk yn it basisûnderwiis te ferbetterjen, 'realistysk' neamd wurde mei. Differinsjaasje neffens begjinsituaasje (taalbehearsking) fan learlingen is in middel en gjin doel. Yn de kearndoelen sels heart sa'n ûnderskied net makke te wurden. Dat wurdt ek net dien foar it fak Nederlânsk of foar oare fakken. In heech ambysjenivo is foar it Frysk likegoed op syn plak.
Klik op: FFU-Kearndoelen Frysk, ambysje en realisme.pdf

26-03-2005 Provinsje: Lykweardigens kearndoelen en ynstruksjetaal Frysk yn it spesjaal ûnderwiis
Us brief oan Provinsjale en Deputearre Steaten oer ferplichte kearndoelen foar de Fryske taal en kultuer yn it spesjaal ûnderwiis dy't lykweardich binne oan dy foar de Nederlânske taal en kultuer. Wy steane oan op garânsjes dat it Frysk dêr in fiks part fan de lestiid as fier- en ynstruksjetaal  by oare fakken en leargebieten as it fak Frysk brûkt wurde sil. Dêrta sil ek de Wet op de ekspertizesintra (WEC) wizige wurde moatte.
Klik op: FFU-Fryske taal en kultuer yn it spesjaal ûnderwiis.pdf

15-03-2005 Ryk (OCW) : Lykweardigens kearndoelen en ynstruksjetaal Frysk yn it basis- en spesjaal ûnderwiis
Us brief oan OCenW oer (1) de needsaak fan in ferplichting fan it Frysk as fier- en ynstruksjetaal yn de Wet op it primêr ûnderwiis en de Wet op de ekspertizesintra; (2) it hanthavenjen fan de lykweardigens fan de kearndoelen Frysk oan dy fan Nederlânsk.
Klik op: FFU-Frysk ferplichte ynstruksjetaal en spegeling kearndoelen.pdf

24-02-2005 Provinsje: Winsklike proseduere om ta Fryskeigen learynhâlden te kommen
Us brief oan Provinsjale en Deputearre Steaten oer it opsetten fan in kultuerpedagogyske diskusje (kpd) om te kommen ta in Fryskeigen 'kanon' yn it ûnderwiis as utering fan ús kulturele identiteit .
As taheakke in konsepttekst foar in 'kanon' fan de Fryske skiednis (fan Kerst Huisman).
Klik op: FFU-Brief kpd Fryskeigen 'kanon'.pdf en Konsepttekst 'kanon' Fryske skiednis.pdf

23-02-2005 Provinsje: Spegeling nije Fryske kearndoelen net loslitte
Us brief oan Deputearre en Provinsjale Steaten oangeande it ministeriële útstel (OCenW) foar nije kearndoelen Frysk yn it Primêr Underwiis. Wy freegje oan de Fryske steaten om net mei it útstel yn te stimmen en oan te stean op kearndoelen dy't rjocht dogge oan de lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk oan it Nederlânsk. Wy trúnje om de spegeling oan de doelen foar Nederlânsk yn prinsipe oerein te hâlden.
Klik op: FFU-Utstel OCenW kearndoelen PU

13-01-2005 Provinsje (Steatekommisje B&M): Lykweardigens nije Fryske kearndoelen net loslitte
Us brief: 'Ynformaasje foar de Steatekommisje B&M oangeande de nije kearndoelen Frysk yn it primêr ûnderwiis'.
Klik op: FFU-Kearndoelen primêr ûnderwiis.pdf

02-01-2005 Konsultatyf Orgaan: Frysk 'aanzienlijk deel' as fiertaal yn de WPO
Us brief oer it 'Memorandum 2004' fan it Konsultatyf Orgaan. Wy bepleitsje om kêst 9 fan de Wet op het primair onderwijs (WPO) sa te wizigjen dat der komt te stean: 'Op de scholen in de provincie Fryslân wordt een aanzienlijk deel van het onderwijs gegeven in de Friese taal.'
Klik op: FFU-Memorandum 2004.pdf

02-01-2005 Ryk (OCW): Ferplichting Frysk as fiertaal yn de basisskoallen en it spesjaal ûnderwiis
Us brief oan OCW oer de winsklike ferplichting fan it Frysk as fiertaal yn de Wet op it primair onderwijs (WPO) en de Wet op de expertisecentra (WEC).
Klik op: FFU-Frysk as fiertaal.pdf

 

Ynkommen

19-12-2005 CHN: It brûken fan it Frysk op de CHN

Reaksje (brief) fan Folkert Sonsma, direkteur CHN-Learareopliedings op ús brief fan 25-11-2005: FFU-Taalgebrûk mentoaregearkomsten.pdf (sjoch ek by: brieven 2005, útgien)

Sonsma skriuwt dat yn it nije programma foar it earst in module Frysk ûntwikkele wurdt mei as doel, dat in pabû-studint fan it begjin fan syn/har stúdzje ôf yn elts gefal Frysk ferstiet. Hy merkt op ‘dat it in lestige ôfwaging is it ferplicht te stellen om ´t wy ek studinten út Noard-Hollân en de Iselmarpolders opliede dy’t letter yn de praktyk net mear mei Frysk fan dwaan hawwe’.
Klik op: CHN-Taalgebrûk CHN.pdf

23-09-2005 Basisskoalle 'By de Boarne' : Frysk praten is in ûntwikkelingsefterstân

Reaksje (brief) fan dhr. De Bruijn, direkteur fan de kristlike basisskoalle By de Boarne, Boarnburgum (23-09-2005) op ús brief: FFU-Frysk praten ûntwikkelingsefterstân.pdf

Klik op: BDB-Frysk praten ûntwikkelingsefterstân.pdf

21-09-2005 CDA-Steatefraksje Fryslân: Fragen oan Deputearre Steaten oer de ûntwikkeling fan in Nederlânske ‘kanon' en de relaasje mei de Fryske kulturele identiteit

Minister Van der Hoeven (OCW) hat op 31 augustus 2005 de saneamde ‘Commissie Ontwikkeling Nederlandse Canon' ynstallearre. De opdracht oan de kommisje, mei prof. dr. F.P. van Oostrom as foarsitter, is om te kommen ta in ‘Nederlandse Canon' en om dy foar 1 septimber 2006 oan de minister oan de bieden.

De Steatefraksje Fryslân fan it CDA hat oer dy taakopdracht trije fragen steld oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) yn ferbân mei de Fryske kulturele identiteit. Op 21 septimber 2005 wurde dy fragen yn in brief fan DS beändere. It Kolleezje wol sels net opdracht jaan ta it gearstallen fan in eigen Fryske kanon en tinkt dat de romte wol fûn wurde kin yn de ‘Nederlandse Canon'.

Klik op it oanbelangjende brief fan Deputearre Steaten (21-09-2005): DS-Kanon, 3 CDA-fragen mei antwurden.pdf

Sjoch by útgien' ús brief (fan 24-02-2005) FFU-Brief kpd Fryskeigen 'kanon'.pdf oan DS oer de neffens ús winsklike proseduere om ta Fryskeigen learynhâlden te kommen.
 
Fierder is fan belang it artikel 'De oerdracht fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis': STH-Oerdracht Fryske taal en kultuer.pdf


08-08-2005 Ryk (OCW): Lykweardigens en lykberjochtiging Frysk yn it basis- en spesjaal ûnderwiis

Antwurd fan minister Van der Hoeven (OCW) op ús brief fan 22 juny 2005 (FFU-Lykweardichheid kearndoelen en ferplichte ynstruksjetaal.pdf ) oer de wetlike ferankering fan it Frysk as fier- en ynstruksjetaal op de skoallen yn Fryslân en de lykweardigens fan de kearndoelen foar de Fryske taal oan dy fan de Nederlânske taal. De reaksje fan de minister is al wer tige teloarstellend. Se hâldt fêst oan har eardere ôfwizings fan 21 febrewaris 2005 (OCenW-Frysk as fiertaal.pdf ) en 2 maaie 2005 (OCW-Frysk ferplichte ynstruksjetaal en spegeling kearndoelen.pdf ). Wy moatte neffens har by de Provinsje wêze.

Klik op: OCW-Wetlike ferankering Frysk as ferplichte ynstruksjetaal en lykweardigens kearndoelen Fryske taal oan dy fan Nederlânsk.pdf

08-08-2005 Provinsje: (1) Frysktalige buordsjes en paadwizers en (2) fersprieding Frysktalige gearfetting Europeeske grûnwet

Antwurd fan Deputearre Steaten fan Fryslân (DS) op twa FFU-brieven fan respektivelik 23-07-2005 en 26-07-2005 oer:
1. It fersprieden fan de Frysktalige gearfetting fan de Europeeske Grûnwet ( FFU-Fersprieding Fryske oersetting en gearfetting Europeeske grûnwet en DS.pdf ). DS diele mei dat de lanlike Referindumkommisje in provinsjaal subsydzjefersyk ta in rommere fersprieding wegere hat.
2. It Frysk op buordsjes, paadwizers en opskriften yn û.o. ûnderwiis- en soarchynstellings ( FFU-Frysktalige buordsjes en paadwizers.pdf ). DS diele mei dat se ús brief foarlizze sille oan de stjoergroepen gemeenten en ûnderwiis en oan de Afûk-projektkoördinator op it mêd fan de soarch.
Sjoch ek op ús webstek ús brief fan 26 maaie 2005: Taalkonflikten -> Swartboek 2005 -> ‘Kasus Frysk as twadde rykstaal en it referindum' oer de lytse fersprieding fan it struibrief en de reaksje fan de Referindumkommisje fan 7 juny 2005 dêrop (RC-Fersprieding Frysktalige gearfetting Grûnwet foar Europa.pdf ).

Klik op: DS-Fersprieding gearfetting Frysktalige Europeeske Grûnwet – It Frysk op buordsjes en paadwizers.pdf

07-06-2005 Referindumkommisje: Fersprieding Frysktalige gearfetting Grûnwet foar Europa

Antwurd fan de Referindumkommisje op ús brief fan 26 maaie 2005 (stiet ek by Taalkonflikten, Swartboek 2005) mei de fraach wêrom't de Frysktalige gearfetting fan it 'Verdrag tot vaststelling van een Grondwet voor Europa' yn Fryslân net besoarge is by de kiezers.

Klik op: RC-fersprieding Frysktalige gearfetting Grûnwet foar Europa.pdf

02-05-2005 Ryk (OCW): Lykweardigens kearndoelen en ynstruksjetaal Frysk yn it basis- en spesjaal ûnderwiis

Antwurd fan minister Van der Hoeven (OCW) op ús brief FFU-Frysk ferplichte ynstruksjetaal en spegeling kearndoelen.pdf (15-03-2005). De minister ferwiist nei har ôfspraken mei it provinsjebestjoer en liket noch net foar rede fetber.

Klik op: OCW-Frysk ferplichte ynstruksjetaal en spegeling kearndoelen Frysk en Nederlânsk.pdf

29-04-2005 Ryk (fêste Keamerkommisje OCW): Lykweardigens kearndoelen en ynstruksjetaal Frysk yn it spesjaal ûnderwiis

Antwurd fan de fêste Keamerkommisje foar OCW op in ôfskrift fan ús brief oan Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân FFU-Fryske taal en kultuer yn it spesjaal ûnderwiis.pdf (26-03-2005). De Keamerkommisje sil ús brief behelje by de fierdere proseduere op it stik fan de kearndoelen foar it spesjaal ûnderwiis.

Klik op: KKOCW-Fryske taal as fak- en fiertaal op de WEC-skoallen.pdf

21-02-2005 Ryk (OCW): Ferplichting Frysk as fiertaal yn de basisskoallen

Antwurd fan minister M.J.A. van der Hoeven (OCenW) op ús brief FFU-Frysk as fiertaal.pdf (02-01-2005) om yn de ûnderwiiswetten op te nimmen dat 'een aanmerkelijk deel' fan it ûnderwiis yn de Fryske taal oanbean wurde moat.

Klik op: OCenW-Frysk as fiertaal.pdf

13-01-2005 Omrop Fryslân: De taalnoarm fan Omrop Fryslân
Reaksje fan Omrop Fryslân op ús brief oangeande it mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk by de omrop
Klik op: OF-Taalnoarm Omrop Fryslân.pdf

10-01-2005 Berie foar it Frysk: Oerdracht fan ûnderwiisfoech fan Ryk nei Provinsje
Advys fan it Berie foar it Frysk oer de oerdracht fan foech fan Ryk nei Provinsje op it mêd fan it ûnderwiis, fêststeld yn de Berie-gearkomste fan 19-11-2004
Klik op: BF-Foech Provinsje Frysk ûnderwiis.pdf

 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html