Utgien
Fries Sa’n stikje yn de krante freget om in reaksje fan de FFU. Op 18-12-2006 skriuwe wy bestjoer en direksje in brief oer wat ús dêrfan tinkt. |
Klik op: FFU-’t Foarhûs.pdf |
| Brief fan de FFU, mei ûnderskreaun troch de Ried fan de Fryske Beweging, de seksje Frysk fan de VLLT en it Pedagogysk Wurkferbân (FA), as ferfolch op it brief fan 3 juny 2006 oer itselde ûnderwerp. Fannijs trúnje wy Provinsjale en Deputearre Steaten oan om in provinsjale kanonkommisje yn it libben te roppen dy’t (1) útstellen docht foar ferbettering fan de lanlike kanon, (2) in provinsjale kanon ûntwikkelet dy’t ynfierd wurde moatte soe op de Fryske skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis en (3) ek in rol spylje moatte soe by Fryske kulturele ynstellings dy’t te krijen hawwe mei de oerdracht fan de Fryske taal, kultuer en skiednis. |
Klik op: FFU-In eigen Fryske kanonkommisje II.pdf. om dit twadde brief (mei in wiidweidige bylage) te iepenjen. FFU: Sjoch foar it earste kanonbrief (fan 03-06-2006) en oare ynformaasje oer ús aktiviteiten op dat mêd hjirûnder by: 03-06-2006 |
| Omdat wy op ús earste brief (fan 26 sept. 2006) gjin antwurd krige hawwe, hawwe wy dat brief as bylage fannijs tastjoerd oan de redaksje fan it Europees Platform voor het Nederlandse Onderwijs mei it fersyk om in reaksje te jaan.Us probleem wie it folslein ûntbrekken of negearjen fan de Fryske twa- en trijetalichheid yn it basisûnderwiis yn in resinte publikaasje fan datselde Europees Platform oer frjemde-taalûnderwiis en twatalich ûnderwiis. |
| Klik op: FFU-Europees Platform, 2.pdf om dit twadde brief te iepenjen. Klik op: FFU- Europees Platform.pdf om it earste brief (sjoch ek by 26-09-2006) te iepenjen. |
Ynspraakbydrage fan de FFU oan it provinsjale debat Fryske Fiersichten 2030 oer de takomst fan Fryslân op 07-11-2006 yn Drachten. Ed Knotter, skathâlder fan de FFU, hat û.o. nei foaren brocht dat der in bettere taalwetjouwing foar de Fryske taal komme moat (it Frysk yn de grûnwet en in oerkoepeljende ramttaalwetfoar de Fryske taal en kultuer) en dat de Provinsje Fryslân meiwetjouwer wurde moat. Der soe in eigen ‘ministearje’ foar de Fryske Taal en Kultuer komme moatte en der soe in taaleffektrapportaazje hantearre wurde moatte. De sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte moat gâns better (plaknammen, strjitnammen, buorden, opskriften ensfh.). Fierders binne acht wichtige ûnderwiisdoelen fan de FFU op it aljemint kommen. |
Klik op: FFU-Fryske Fiersichten.pdf Sjoch ek www.fryskefiersichten.nl |
Tom Dykstra, foarsitter fan de FFU, hat, mei út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging, ynsprutsen op de harksitting fan it Konsultatyf Orgaan (02-11-2006) oangeande it Europeesk Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen. Nederlân hat út diel III fan it Hânfest 48 ferdrachferplichtings ûndertekene, ek in stikmannich op it mêd fan it ûnderwiis (kêst 8). Ienris yn de twa jier bringt it Konsultatyf Orgaan (ynsteld yn 1998) oan de ryksoerheid (de minister fan Ynlânske saken en Keninkryksrelaasjes) in Memorandum út mei dêryn de winsken en it ferlet fan de befolking fan Fryslân. De FFU hat op it mêd fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer útstellen foar 26 belieds- en oare maatregels oerlange, ornearre foar it Memorandum 2006. |
Klik op: FFU-Konsultatyf Orgaan 2006.pdf |
Lokwinsk fan de FFU foar de iepenbiere basisskoalle ’t Holdernêst yn De Harkema. Dy skoalle hat it beslút nommen om trijetalich te wurden. De FFU achtet it needsaaklik dat alle skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis en de measte skoallen foar spesjaal (fuortset) ûnderwiis yn Fryslân trijetalich wurde. |
Mienskiplike reaksje fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Feriening Frysk Underwiis op it ûntwerp fan de Nota Frysk Taalbelied 2007-2010, better sichtber, mear fertroud. Yn njoggen kanttekenings en kritykpunten jouwe beide organisaasje oan wat goed is yn de noata en wêr’t dy yn tekoartsjit. Yn in bylage wurdt derop oanstien om op koarte termyn prikken yn it wurk te setten om yn it spesjaal (fuortset) ûnderwiis te kommen ta in goede wetlike regeling fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. |
| Tom Dykstra, foarsitter fan de FFU, hat, mei út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging, ynsprutsen by de Steatekommisje Boarger & Mienskip (18-10-2006) en yn dat fermidden ús wurdearring foar en krityk op de ûntwerpûnderwiisnoata ‘Boppeslach’ nei foaren brocht. |
Klik op: FFU-Boppeslach en BenM.pdf |
| Mienskiplik brief fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging mei in wiidweidige reaksje op de provinsjale ûntwerpûnderwiisnoata ‘Boppeslach’. Wy steane û.o. oan op in strukturele, effektive en mear sintrale oanpak fan de kwantiteit en kwaliteit fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer yn it hiele ûnderwiis, mear foech foar de provinsje fandatoangeande en in bettere taalwetjouwing. |
Klik op: FFU-Boppeslach.pdf Klik op: DS-Boppeslach.pdf om de noata ‘Boppeslach’ sels te iepenjen |
| Brief fan de FFU oan de redaksje fan it Europees Platform voor het Nederlandse Onderwijs oer it folslein ûntbrekken of negearjen fan de Fryske twa- en trijetalichheid yn it basisûnderwiis yn in resinte publikaasje oer frjemdetaalûnderwiis en twatalich ûnderwiis fan datselde Europees Platform. It ‘platform’ docht krekt as giet it yn Fryslân om Nederlânsktalige skoallen mei allinnich Ingelsk yn de boppebou. Wy steure ús dêr tige oan en freegje om opheldering. |
| Klik op: FFU- Europees Platform.pdf |
| Us lokwinsken foar sân basisskoallen (‘De Brêge’, It Heidenskip; ‘De Tsjelke’, Holwert; de ‘Ids Wiersmaskoalle’, Brantgum; de ‘Master Frankeskoalle’, Earnewâld; de ‘Otto Clantskoalle’, Boksum; de ‘Van Haersma Bumaskoalle’, De Hommerts; ‘KBS It Harspit’, Ternaard) dy’t sertifisearre binne as trijetalige basisskoalle. |
| Klik op: FFU-Trijetalige basisskoalle.pdf |
Ynlieding fan Sytze T. Hiemstra op de moarnsgearkomste fan de Stifting Slach by Warns op 23 septimber 2006 (de dei fan de betinking op it Reaklif). Mei út namme fan de FFU jout er yn in ynlieding in stikmannich knyppunten oan yn it taalbelied dy’t foar ’t neist mei in bettere taalwetjouwing foar it Frysk op te lossen binne. |
Klik op: STH-Taalwet of net?.pdf Yn syn ynlieding ferwiist Hiemstra nei it manifest fan de Ried fan de Fryske Beweging út 1991: Eigen taal... earste taal! Klik op: RFDFB-Eigen taal... earste taal!.jpg om it manifest te iepenjen. |
Mienskiplik brief fan de Vereniging van Leraren in Levende Talen (seksje Frysk), de FFU, de Ried fan de Fryske Beweging en it Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oer de ûntwikkeling fan in kanon foar de Fryske taal en kultuer. Wy steane der by Provinsjale en Deputearre Steaten fan Fryslân op oan om in eigen Fryske kanonkommisje yn te stellen. |
Klik op: FFU-In eigen Fryske kanonkommisje.pdf. Sjoch ek de fragen dêroer fan it CDA en de antwurden fan DS by 'Aktueel': 16-06/05-07-2006, Skriftlike fragen fan de CDA-steatefraksje oan Deputearre Steaten (DS) oer it ûntwikkeljen fan in kanon foar de Fryske taal en kultuer en de antwurden dêrop. |
|
| Twa mienskiplike brieven fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging oan de leden fan Deputearre en Provinsjale Steaten oer (1) de stagnearjende ûntwikkeling fan de Fryske Akademy as kennissintrum foar minderheidstalen en (2) it gefaar dat Mercator-Education (Ljouwert) rint om te ferdwinen. |
| Klik op: FFU-(1) Fryske Akademy kennissintrum minderheidstalen.pdf en FFU-(2) Mercator-Education.pdf |
Brief fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging oan alle leden fan de Twadde Keamer oer it Frysk as ferplichte fak en ynstruksjetaal yn it reguliere en spesjale ûnderwiis. Wy freegje de Twadde Keamer om it inisjatyf te nimmen op it mêd fan de wet- en regeljouwing foar it ûnderwiis yn de provinsje Fryslân op it stik fan: |
| Klik op: FFU-Frysk as ferplichte fak en ynstruksjetaal.pdf |
|
|---|
Us brief oan de pabû-direksje fan de Christelijke Hogeschool Noord-Nederland (CHN) oer: It programma soe neffens de FFU basearre wêze moatte op lykweardigens en lykberjochtiging en in yntegraal twatalich (Frysk/Hollânsk) karakter drage moatte mei dêroan taheakke eleminten fan de trijetalige skoalle op it stik fan it Ingelsk. |
| Klik op: FFU-Frysk op de CHN.pdf |
| Sjoch fierder ek ús earder brief: FFU-Taalgebrûk mentoaregearkomste.pdf (útgien: 25-11-2005) en it CHN-antwurd (ynkommen: 19-12-2005): CHN-Taalgebrûk CHN.pdf |
Brief fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging oan alle leden fan de Twadde Keamer oer it ôfskaffen fan de dielfakken yn de twadde faze fan it hafû (‘havo’) en it twû (‘vwo’) en de skealike gefolgen dy’t soks hat foar it Frysk as eksamenfak. Wy pleitsje foar in strukturele ryksbekostiging fan it telelearen (ynformaasje dêroer sit yn de bylage) foar de koarte termyn. Foar de langere steane wy oan op it ferplichtsjen fan it fak ‘Fryske taal en kultuer’ as eksamenfak foar alle learlingen dy’t Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis hân hawwe. |
| Klik op: FFU-Frysk as ferplichte eksamenfak hâfu/twû.pdf en foar de bylage oer it telelearen op: PF-Projekt Telelearen.pdf |
Brief fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging oan alle leden fan de Twadde Keamer oer de (tryste) histoarje fan de ûntwikkeling (oantaasting, ferleging) fan de kearndoelen Frysk yn it basisûnderwiis en it troch OCW loslitten fan de spegeling fan dy doelen oan it Hollânsk. Wy jouwe dêr ús kommentaar op yn 6 punten en freegje oan de Twadde Keamer om by de behanneling fan dat ûnderwerp (begjin 2006) oan te stean op oan it Nederlânsk lykweardige en spegele kearndoelen Frysk foar it basis-, fuortset- en spesjaal ûnderwiis (sjoch ek ûnder brieven, útgien 2005). |
| Klik op: FFU-Lykweardigens kearndoelen en Twadde Keamer.pdf |
| De troch Provinsjale Steaten fêststelde ûnderwiisnoata ‘Boppeslach’ (nov. 2006). |
Klik op: PS-‘Boppeslach’, nov. ’06.pdf om de definitive noata te iepenjen. De eardere konseptnoata is oan te klikken by ‘Brieven 2006, útgien’ by: 02-10-2006 |
1. Troch alle partijen yn Provinsjale Steaten op 13-12-2006 oannommen inisjatyfútstel fan de FNP (Annigje Toering), it CDA (Geart Benedictus) en de PvdA (Ruud Fokkens) om in Rêchsekje Taal foar âlden fan lytse bern (doelgroep 0-2 jier) yn Fryslân en fan in Wolkomstpakketsje Taal foar nij ynkommen ynwenners fan Fryslân gear te stallen, te fersprieden en te ‘monitoaren’. Beide produkten hawwe as doel te ynformearjen en in positive hâlding te bewurkjen oangeande de foardielen fan de meartaligens yn Fryslân. It giet om it meartalich opbringen fan bern yn Fryslân en om it meartalige maatskiplike ferkear yn Fryslân dêr’t men as nije ynwenners yn telâne komt. 2. Inisjatyfútstel fan ûnderskate partijen: CDA (Geart Benedictus), PvdA (Hannah Ludwig), ChristenUnie/SGP (Rein Ferwerda), GrienLinks (Theo van de Bles), GBF (Jan Kloosterman), D66 (Johan Sieswerda), SP (Ad van der Kolk) en OFS (Piet Oosterhuis) en it beslút fan Provinsjale Steaten fan 13 desimber 2006 om in brief te stjoeren oan de ynformateur en formateur dy’t dwaande binne mei de ûnderhannelings en gearstalling fan in nij kabinet. Yn dat brief moatte de neifolgende punten opnommen wurde: a. Foech op it mêd fan de Fryske taal en kultuer moat by de provinsje Fryslân komme te lizzen. Yn dizze regearperioade sil bestudearre wurde wat de meast optimale wetlike ynstruminten binne om dat foech stal te jaan;b. De ferplichtings, dy’t de ryksoerheid oangien is troch de ratifisearring fan it Hânfest en it Ramtferdrach, moatte útwurke wurde en rapportearre wurde oan de Ried fan Europa; c. Yn de mande mei it ryk sil Fryslân stal jaan oan de útwurking fan de ferplichtings; d. It ryk stelt, as ferdrachspartij fan likegoed it Hânfest as fan it Ramtferdrach, ek de finansjele middels beskikber foar de útfiering fan de ferplichtings. |
Klik op: FNP-Rêchseksje en Wolkomstpakketsje Taal.pdf om it troch alle partijen yn Provinsjale Steaten op 13-12-2006 oannommen inisjatyfútstel fan de FNP (Annigje Toering), it CDA (Geart Benedictus) en de PvdA (Ruud Fokkens) te iepenjen. Klik op: CDA-Brief Fryske taal en kultuer nei (yn)formateur.pdf om it inisjatyfútstel en it beslút dêroer te iepenjen. |
Tasizzing fan minister M.J.A. van der Hoeven (OCW) oan de Earste Keamer om relevante kwaliteitsaspekten foar it ûnderwiis yn it Frysk op te nimmen yn it tafersjoch fan de Ynspeksje fan it Underwiis fan it primêr en fuortset ûnderwiis: (1) reguliere jierlikse fragelist: fak, fiertaal en skoalbelied Frysk; (2) periodyk kwaliteitsûndersyk jierliks by in fjirdepart fan de skoallen; (3) ynsidinteel in spesifyk ‘rapport kwaliteitsonderzoek Fries’ mei help fan in te ûntwikkeljen module Frysk. De ynformaasje sil brûkt wurde by (4) de rapportaazje foar it Europeesk Hânfêst (om de 4 jier). |
Klik op: OCW-Tafersjochsramt Frysk (1) 221106.doc om it brief te iepenjen en ek op OCW-Tafersjochsramt Frysk (2) 180107.doc. |
Rapportaazje(model) fan it ûndersyksresultaat fan in yndividuele basisskoalle dy’t dielnommen hat oan in ynspeksje-ûndersyk nei de kwaliteit fan it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Yn it wiidweidige, algemiene rapport ‘Frysk op skoalle’ binne de wichtichste ûndersyksresultaten fan it ûndersyk dat de ynspeksje yn Fryslân dien hat by in grut tal skoallen, werjûn. Yn in begeliedend brief (d.d. 30 okt. 2006) oan de skoalle seit de ynspeksje: “Rond de honderdduizend leerlingen hebben recht op onderwijs in het vak Fries. De invulling van dat recht is, zoals te lezen valt in het rapport, divers. De Inspectie van het Onderwijs is van plan om de huidige werkwijze van één onderzoek in een cyclus van 5 jaar, om te buigen naar doorlopend onderzoek. Dit betekent dat jaarlijks bij een steekproef van scholen de kwaliteit van het Fries in het onderzoek meegenomen wordt. [...] De Inspectie hoopt dat dit rapport voor veel scholen een stimulans zal zijn om hun taalbeleid verder te ontwikkelen. Het meer uitgebreide technische rapport van het onderzoek is voor de geïnteresseerde lezer te downloaden van de volgende site: www.onderwijsinspectie.nl. |
Klik op: PvA-Rapport Frysk op skoalle.pdf om in yndividueel skoallerapport te iepenjen [en konstatearje dat it by guon skoallen noch fier wei komme moat]. Sjoch by ‘Aktueel’ 25-11-2006, Strenge controle op Friese les; 01-11-2006, Inspectie let op Friese les en by ‘Poadium’: 29-09-2006, Wichtichste konklúzjes út it rapport fan de Ynspeksje fan it Underwiis ‘Frysk op skoalle/Fries op school’ (juny 2006). By ‘Aktueel’ en ‘Poadium’: 29-09-2006, Inspectie van het Onderwijs: ‘Frysk op skoalle’. |
Fjouwer fragen (mei ynlieding) fan it Konsultatyf Orgaan foar it debat oer it lanlike taalbelied foar it Frysk, organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging yn ‘De Bres’ te Ljouwert op 27-10-2006. De fragen wurde benammen steld oan fjouwer kandidaatleden foar de Twadde Keamer (Joop Atsma, CDA; Lutz Jacobi, PvdA; Tom Kuperus, VVD; Isabella Diks (GroenLinks) en har politike partijen. De fragen slagge op (1) de posysje fan it Frysk yn de Grûnwet fan Nederlân; (2) de ynspeksje fan it ûnderwiis; (3) de Trijetalige Skoalle; (4) de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer. |
Klik op: Fragen oer Frysk taalbelied.pdf Sjoch ek ‘Poadium' en ‘Aktueel’: 28-10-2006, Kamerleden samen op de bres voor Fries en 28-10-2006, Kamerleden over positie Fries: Eerst oude afspraken nakomen. |
Njoggen stellings fan de Ried fan de Fryske Beweging oer it lanlik belied oangeande it Frysk, ornearre foar in diskusjejûn op freed, 27 oktober 2006 yn De Bres/Eftrije te Ljouwert. Yn it foarum sitte fjouwer lanlike politisy dy’t op de list steane foar de Twadde Keamerferkiezings (Joop Atsma, CDA; Isabella Diks, GrienLinks; Lutz Jacobi, PvdA; Tom Kuperus, VVD) en in mem fan Frysktalige bern (Sytske de Boer). |
| Utkomsten fan it bestjoerlik oerlis op 19 oktober 2006 tusken minister Van der Hoeven en deputearre Mulder fan de Provinsje Fryslân. |
Klik op: OCW/PF-Bestjoerlik oerlis 19-10-06.pdf Sjoch ek ‘Aktueel’, 01-11-2006, Ontheffing Fries lastiger en ‘Poadium’, 15-11-2006, Fragen oer it ûnderwiis yn it Frysk fan de kommisje ûnderwiis fan de Earste Keamer oan de Minister fan OCW. |
Foar kundskip tastjoerd brief fan de Ried fan de Fryske Beweging ornearre foar petearen mei de politike partijen oer it foar it Frysk tekoartsjittende belied fan it Ryk. Om ûnderskate knyppunten op dat mêd op te lossen, wurdt in taalwet needsaaklik achte. De Ried freget de stipe fan de politisy om dat te realisearjen. Boppedat wurdt de erkenning fan it Frysk yn de grûnwet bepleite. De FFU is ek fan betinken dat der bettere taalwetjouwing komme moat. |
Klik op: RFDFB-Taalwet.pdf |
Op it sechste ‘Friesenkongress’ waard op 28 augustus 1955 yn Auwerk (East-Fryslân) it Frysk Manifest oannommen. Ferline jier wie dat 50 jier lyn en yn augustus betocht by de Upstalsbeam yn Auwerk. Oanslutend waard op 18 febrewaris 1956 yn it Nedersaksyske Leer de Friesenrat oprjochte. De Rat, dy’t sûnt 1998 Interfriesische Rät (Ynterfryske Rie) hjit, is in ferbân tusken de Friezen yn Noard-Fryslân (Schleswig-Holstein), East-Fryslân (Niedersachsen) en West-Fryslân (= Westerlauwersk Fryslân, d.w.s ús provinsje Fryslân). It is in wichtich histoarysk dokumint út de 20ste ieu wurden, yn de taal fan dy tiid. Yn 2006 is der in nije ferklearring troch de Ynterfryske Rie gearstald. Dy is op 5 maaie 2006 yn in mienskiplike gearkomste fan de trije Fryske seksjes (noard, east en west) oannommen en op snein, 7 maaie 2006 troch de trije foarsitters ûndertekene. Yn de ferklearring stiet û.o.: |
Klik op: de Dútsktalige ferzje fan de ferklearring: IF-Interfriesche Erklärung.pdf |
Reaksje fan de fêste kommisje foar OCW op in mienskiplik brief fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging fan 05-04-2006 (FFU-Frysk as ferplichte fak en ynstruksjetaal.pdf). Yn dat brief pleitsje wy foar in ferplichting fan it Frysk as fak en ynstruksjetaal en lykweardigens fan kearndoelen foar de Fryske taal yn it hiele reguliere en spesjale primêre en fuortsette ûnderwiis (sjoch ek by ‘útgien’). De griffier fan de fêste kommisje skriuwt ús dat ús brief op 12 april 2006 ferspraat is ûnder de leden fan de kommisje. De kommisje sil de minister fan OCW freegje om in reaksje te jaan en seit fierders: ‘Indien het antwoord van de bewindspersoon aanleiding heeft tot nadere stappen dan zal ik u daarvan te zijner tijd in kennis stellen.’ |
Klik op: KKOCW-Frysk as ferplichte fan en ynstruksjetaal.jpg |
Reaksje fan de FNP-steatefraksje op ús brief (FFU-(1) Fryske Akademy kennissintrum minderheidstalen.pdf ) fan 18-04-2006 oan Provinsjale en Deputearre Steaten (sjoch ek: ‘Brieven 2006, útgien’) oer de stagnearjende ûntwikkeling fan de Fryske Akademy ta in kennissintrum foar minderheidstalen. De FNP-steatefraksje meelt ús dat de fraksje op 19 april 2006 yn de Steaten in moasje yntsjinne hat by de behanneling fan punt 7B ‘kaderbrief 2007’. Oan in stimming is it net takommen, omdat it Kolleezje de moasje oernommen hat. De moasje jout útfiering oan in stikje fan it Kolleezje-akkoart en it Stedskonvenant tusken Ljouwert en de Provinsje. De FFU en Ried fan de Fryske Beweging binne dêr fansels tige wiis mei. |
Klik op de moasje: FNP-Moasje Fryske Universiteit.pdf |
Reaksje fan Herman Beliën op de resolúsje fan de FFU, it Pedagogysk Wurkferbân en de seksje Frysk fan de VLLT (sjoch Aktueel, 01-02-2006): Resolúsje(s).pdf. Beliën e-mailt ús (17-02-2006): “Ik heb de motie aan de commissie te hand gesteld. Er komt geen provinciale canon namens de commissie, zoals ik al aangaf. De canon zal opening bieden om er regionale canons aan te verbinden.” |
| Klik op: Beliën, prov. canon.pdf om it folsleine mailtsje fan it kommisjelid Beliën te iepenjen. |
Reaksje fan de Christelijke Hogeschool Nederland (CHN) op in FFU-brief (sjoch útgien: 05-02-2006, FFU-Frysk op de CHN.pdf; ek foar noch oare ynformaasje) oer it taalbelied fan de CHN om (1) yn gearkomsten taalkonflikten en taalûnderdrukking foar te kommen; (2) it ferplichtsjen fan it Frysk foar studinten fan bûten Fryslân; (3) it winsklike programma foar de Fryske taal en kultuer. De CHN-Learareoplieding anderet dat ús brief meinommen wurdt yn de diskusje oer it Frysk op de pabû en dat wy der mear fan hearre sille ‘sadree’t der wat leit’. |
| Klik op: CHN-Frysk op de CHN.pdf |
Reaksje fan de fêste Keamerkommisje fan OCW (07-02-2006) op it brief fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging (02-01-2006). FFU en Bewegingsried kritisearje it loslitten fan de spegeling (lykweardigens) fan de doelen foar it Frysk oan de doelen foar it Hollânsk sterk (FFU-Lykweardigens kearndoelen en Twadde Keamer.pdf). De griffier fan de fêste kommisje skriuwt ús dat ús brief op 4 jannewaris 2006 ferspraat is ûnder de leden fan de kommisje, mar jout net oan dat de kommisje der wat mei dwaan sil. |
| Klik op: KKOCW-Parlemintêre behanneling kearndoelen Frysk 2006.pdf |
Reaksje fan de fêste Keamerkommisje fan OCW (07-02-2006) op it brief fan de FFU en de Ried fan de Fryske Beweging (05-01-2006) oer it ôfskaffen fan de dielfakken yn de twadde faze fan it hafû (‘havo’) en it twû (‘vwo’) (‘Wetsontwerp 30 187 Wijziging WVO; aanpassing profielen 2e fase vwo en havo’). Wy bepleitsje dêryn in strukturele ryksbekostiging fan it telelearen (PF-Projekt Telelearen.pdf) en in ferplichting om yn it fak Fryske taal en kultuer eksamen te dwaan (FFU-Frysk as ferplichte eksamenfak hâfu/twû.pdf). De griffier fan de fêste kommisje skriuwt ús dat ús brief op 10 jannewaris 2006 ferspraat is ûnder de leden fan de kommisje en behelle wurde sil by de plenêre behanneling fan boppeneamd wetsûntwerp. |
| Klik op: KKOCW-Profilen twadde faze twû en hafû.pdf |
Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html