Brieven en oare stikken 2007

Utgien

02-10-2007 Provinsje: OANFALSPLAN FRYSK

Op 10 okt. 2007 hiene de Steatekommisje ‘Boarger & Mienskip’ it nije taalbeliedsplan ‘Fan Rjocht nei Praktyk, 2008-2010’ (2007) op de wurklist stean. Dêr steane gâns dingen yn dêr’t wy wiis mei wêze kinne. It is in ferbettering ferlike mei de konseptnoata ‘Better sichtber, mear fertroud’ (2006). Dêr hiene wy mear opmerkings by en ek oan de Provinsje trochjûn. ‘Fan Rjocht nei Praktyk’ beslacht lykwols mar in beheinde tiid: twa à trije jier. Oer it algemien binne der goede ambysjes yn te finen foar de provinsjale oerheden, foar soarch en wolwêzen, de foarskoalske opfang, it ûnderwiis en de ynformaasje- en kommunikaasjetechnology. Wy hoopje dat se wiermakke wurde.

Dochs rjochtsje wy ús ta de Fryske Steaten om omtinken te freegjen foar in bydrage fan in ploechje fan seis minsken út ferskillende Fryske organisaasjes (twa út de FFU), dy’t tinke dat wy der mei it taalbelied op de wat langere termyn noch lang net binne. Minsken dy’t harren lykwols noch grutte soargen meitsje. Minsken dy’t sizze dat der hjoed de dei ek goed neitocht wurde moat oer de tiid nei 2010. Want mei ‘Fan Rjocht nei Praktyk’ en de noata’s en plannen dêr’t dêryn nei ferwiisd wurdt, kinne wy noch lang net in foldwaande antwurd jaan op de grutte gefaren dy’t ús taal bedriigje. En dat antwurd moat wol jûn wurde, om derfoar te soargjen dat de delgong fan it Frysk as libbene omgongs- en kultuertaal wer ombûgd wurdt nei in opgong. Dat freget njonken maatregels dy’t útnoegjend binne, ek om maatregels dy’t ferplichtings meibringe en dy’t de ekonomyske en juridyske grûnslaggen fan ús taal tige fersterkje kinne. ‘Fan Rjocht nei Plicht’, sil neffens ús it biedwurd foar de tiid nei 2010 wurde moatte.

Dat betsjut dus dat it fergrutsjen en it fersterkjen fan de ekonomyske betsjutting en wearde fan ús taal mear sintraal stean moat yn it provinsjale taalbelied. Dat kin benammen troch it Frysk ta in funksje- en beneamingseask te meitsjen yn gâns maatskiplike domeinen. Dan wurdt de behearsking fan it Frysk ommers in wichtige ekonomyske faktor. En dêrmei de foarnaamste reden foar heiten en memmen om it Frysk yn de opfieding fan har bern net ôf te swarren, sa’t dat hoed de dei hieltiten mear it gefal is, mar krekt oer te dragen. Men kin der dan ommers letter yn belangrike maatskiplike domeinen in baan troch krije kin yn Fryslân: tink oan it ûnderwiis, it bestjoer, it rjocht, de soarch en guon media. Allinnich op hiel beskieden skaal sjogge wy dêr hjoed de dei wat oansetten ta, ek wol yn ‘Fan Rjocht nei Praktyk’.

In effektive fersterking fan de ekonomyske basis fan it Frysk sil net maklik gean as de juridyske grûnslaggen fan it Frysk net ferbettere wurde. In fierdere ferankering en fersterking fan de wetlike posysje fan it Frysk is dan in hurd betingst. Der sil wat dat oanbelanget folle mear foech nei de Provinsje moatte om oer sokke fûnemintele saken te kedizen. Oansetten fine wy wer yn fan ‘Rjocht nei Praktyk’. Wy tinke boppedat dat dêr ek in effektive organisaasjefoarm by heart, dy’t wy foarearst mar oantsjut hawwe as ‘Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer’.

Gebieten mei oare minderheidstalen binne ús wat de fersterking fan de ekonomyske, juridyske en organisatoaryske basis fan har taal oanbelanget, earder al foargien. Tink bygelyks oan Kataloanje yn Spanje as it grutste mindertallegebiet yn Europa mei inkelde miljoenen ynwenners en de Åland-eilannen yn Finlân mei 27.000 ynwenners, noch minder as dat Drachten hat. Dy regio’s hawwe mei in grut eigen foech harren taal feilich steld en in goede takomst jûn. Soks kin ek yn Fryslân, as wy it echt wolle. As de Fryske polityk der iepen foar stiet. Want de delgong fan in taal is perfoarst gjin natuerwet, mar it gefolch fan politike maatregels dy’t yn de rin fan de tiid tige skealik west hawwe foar ús eigen taal of foar oare minderheidstalen. Wy hawwe dat yllustrearre mei in wiidweidich útwurke noate-apparaat dat oan de ein fan ús Oanfalsplan te finen is. Wy hoopje dus dat de Steateleden dat part net oerslaan sille.

Dat ynsjoch soe derta liede moatte dat de opgong fan it Frysk ek wer troch de polityk mooglik makke wurdt. Dêr soene de Fryske politisy har sterk foar meitsje moatte. Net allinnich yn de tiid foàr 2010, mar benammen ek yn de tiid dêrnei. It is faaks noch net te let foar it Frysk, mar de tiid driuwt wol. Wy leverje har, neffens ús, inkelde wichtige boustiennen yn de hope dat dy goed achtslein en brûkt wurde.

Wy hawwe ús stik koartwei Oanfalsplan Frysk  neamd, in begryp dat prof. Salverda fan de Fryske Akademy al mear as ien kear brûkt hat.

Wy hoopje dat it stik de Steateleden foar de gearkomste fan de Steatekommisje ‘Boarger & Mienskip’ op 10 okt. 2007 en foar de Steategearkomste fan 7 novimber 2007 ynspirearje mei. En dat se der letter ek gauris nei gripe sille om der dêrnei hiele goede en benammen fûnemintele dingen foar de Fryske taal en kultuer mei te dwaan. Dat misse wy noch tefolle.

Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk.pdf om ús ‘Oanfalsplan’ (digitaal útgongen nei de Steateleden op 02-10-2007) te iepenjen.

Klik op: FFU-Oanfalsplan en kommisje B & M.pdf om de bydrage fan de skriuwersgroep te iepenjen dy’t troch FFU-foarsitter Tom Dykstra foar de Steatekommisje ‘Boarger & Mienskip’ (10-10-2007) ‘ynsprutsen’ is.

Klik op: PS-BM: Besprek Fan Rjocht nei Praktyk.pdf om it besprek fan de ‘Taalnoata 2008-2010, Fan rjocht nei praktyk: Frysk yn Fryslân, taal tusken minsken’ en in earste reaksje op ús ‘Oanfalsplan Frysk’ troch de leden fan de Steatekommisje Boarger en Mienskip op 10 oktober 2007 te iepenjen


01-10-2007 Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten): ' Fries' (4)

Fries
Dorsman noemt zijn school een echte Nederlandse school. “Het klink misschien raar, maar Fries zijn wij allerminst. 80 procent van de leerlingen spreekt Nederlands.” Goed, een half uurtje Friese les per week is verplicht, maar voor het overige staat het Fries op een laag pitje, geeft hij toe. Ja, hij weet van alle onderzoeken waaruit blijkt dat het Fries op scholen knap belabberd is. Maar móet het anders? “Ik heb het idee dat het vooral vanuit de provincie wordt gestimuleerd.” Eigenlijk de omgekeerde wereld, vindt hij. “Het moet vanuit de ouders zelf worden bevorderd.” [Friesch Dagblad, 10-10-2006]

Sa’n stikje yn de krante frege om in reaksje fan de FFU. Op 18-12-2006 hawwe wy bestjoer en direksje in brief skreaun oer wat ús dêrfan tinkt, mei in útstel ta ferbettering. It bleau stil. Op 12-03-2007 folge in twadde brief. It bleau wer trije moanne stil. It lêste brief is op 20-06-2007 ferstjoerd.

Tagelyk hawwe wy ús rjochte ta Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân en ta de Ynspeksje foar it Ûnderwiis (mei de trije brieven as taheakke. Sjoch hjirûnder by 20-06-2007 Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten): ‘Fries' (3). Boppedat hawwe wy in parseberjocht útgean litten.

Mei dit lêste brief rjochtsje wy ús ta de Meisizzenskipsried fan ’t Foarhûs en de Mienskiplike Meisizzenskipsried fan PCBO-Smallingerland mei it fersyk om by direksje en bestjoer op ferbetteringsplannen oan te stean, om de kearndoelen nei te stribjen en te foldwaan oan de easken dy’t oan de kwantiteit en kwaliteit fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer steld wurde moatte.

Klik op: FFU-’t Foarhûs en de [M]MR.pdf om ús brief fan 01-10-2007 oan de beide meisizzenskipsrieden te iepenjen.

Neiskrift FFU:
Tongersdeitejûn, 4 okt. waarden skriuwer en foarsitter fan de FFU skille troch ‘mefrou’ Zantinge-Noorda fan de Mienskiplike Meisizzenskipsried mei de tynge dat se ús brief  net behannelje woe, want dy wie yn it Frysk. Dat wie neffens har slim ûnfatsoenlik. Se easke in oersetting ‘gewoon in het Nederlands, want we wonen toch allemaal in Nederland?’ Foarsitter en skriuwer hawwe har ferdútst dat soks by ús net ‘gewoon’ is en dat dêr gjin sprake fan wêze koe.

Frou Zantinge woe ús brief dan mar ferskuorre. Wy hawwe har te witten dien dat der dan wer in nije (re)aksje fan ús kant te ferwachtsjen is. De lytse taalymperialisten en neo-kolonialen mei har ‘ien lân-ien folk-ien taal’-ideology’ binne noch altiten ûnder ús. In dit gefal ien dy’t al ytlike desennia yn Fryslân wennet.

Fjouwer wike letter hawwe wy dochs noch in ynhâldlik neat sizzende, tige koarte reaksje (d.d. 02-11-2007) krige fan frou Zantinge, de skriuwster. Sjoch by ‘Brieven ynkommen 2007’: 02-11-2007  MMR PCBO-Smallingerland (Hinke Zantinge): Frysk op ’t Foarhûs en oare skoallen om dêr har (net ûndertekene) brief oan te klikken. It wachtsjen is no op in reaksje fan de MR fan ’t Foarhûs.

05-09-2007 Committee of Experts’of the Counsil of Europe: Bydrage fan de FFU

Bydrage fan de FFU oan de harksitting (op it Provinsjehûs) fan de kommisje fan saakkundigen (‘Committee of Experts’) fan de Ried fan Europa yn ferbân mei de útfiering fan it troch Nederlân ratifisearre Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (2006), dat op 1 maart 1998 yn wurking gongen is.

Klik op: FFU-Committee of Experts 2007.pdf om ús Ingelsktalige bydrage te iepenjen. In Frysktalige wjergader is oan de ein tafoege.

De FFU slút oan by de bydrage fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Klik op:
RFDFB-Committee of Experts 2007.pdf om de Ingelsktalige bydrage fan de Ried fan de Fryske Beweging te iepenjen. In Frysktalige wjergader is oan de ein tafoege.


Sjoch ek:
FA-Derde Rapportage Eur. Handvest, 2002-’05.pdf, de tredde rapportaazje [2007] oer de maatregels dy’t Nederlân nommen hat foar de Fryske taal en kultuer yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

RFE-2nd Report Committee of Experts CoE, 2004.pdf. Twadde rapportaazje [2004] fan it ‘Committee of Experts’ fan de Ried fan Europa oer de tapassing fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

16-08-2007 Ynspeksje e.o: ‘Frysk op skoalle’, reaksje fan de FFU op it ynspeksjerapport 2006

Koarte reaksje fan de FFU (Dykstra en Hiemstra) op it ynspeksjerapport De kwaliteit van het vak Fries in het basisonderwijs en het voortgezet onderwijs in de provincie Fryslân, Inspectie van het Onderwijs, sept. 2006. It is/wurdt brûkt foar de ynspeksje (16-08-007) en foar oare belangstellenden.

Klik op: FFU-Reaksje op ynspeksjerapport 2006.pdf om ús reaksje te iepenjen.


20-06-2007 Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten): ' Fries' (3)

Fries
Dorsman noemt zijn school een echte Nederlandse school. “Het klink misschien raar, maar Fries zijn wij allerminst. 80 procent van de leerlingen spreekt Nederlands.” Goed, een half uurtje Friese les per week is verplicht, maar voor het overige staat het Fries op een laag pitje, geeft hij toe. Ja, hij weet van alle onderzoeken waaruit blijkt dat het Fries op scholen knap belabberd is. Maar móet het anders? “Ik heb het idee dat het vooral vanuit de provincie wordt gestimuleerd.” Eigenlijk de omgekeerde wereld, vindt hij. “Het moet vanuit de ouders zelf worden bevorderd.” [Friesch Dagblad, 10-10-2006]

Sa’n stikje yn de krante frege om in reaksje fan de FFU. Op 18-12-2006 skreauwen wy bestjoer en direksje in brief oer wat ús dêrfan tinkt, mei in útstel ta ferbettering. It bleau stil. Op 12-03-2007 in twadde brief. It bleau wer trije moanne stil. It lêste brief is op 20-06-2007 ferstjoerd.

Tagelyk hawwe wy ús rjochte ta Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân en ta de Ynspeksje foar it Ûnderwiis (mei de trije brieven as taheakke).

Klik op: FFU-'t Foarhûs.pdf om ús earste brief fan 18-12-2006 te iepenjen

Klik op: FFU-'t Foarhûs (2).pdf om ús brief fan 12-03-2007 te iepenjen

Klik op: FFU-’t Foarhûs (3).pdf om ús brief fan 20-06-2007 te iepenjen

Klik op: FFU-’t Foarhûs en DS/PS.pdf om ús brief fan 21-06-2007 oan de Steaten fan Fryslân te iepenjen

Klik op: FFU-’t Foarhûs en de ynspeksje.pdf om ús brief fan 21-06-2007 oan de ynspeksje te iepenjen


26-03-2007 Canon van Nederland: Bystelling steatsnasjonale Kanon

Brief fan de FFU, Ried fan de Fryske Beweging, VLLT (seksje Frysk), Fryske Rie en it Pedagogysk Wurkferbân (FA) oer de needsaak om mear omtinken te jaan oan de Fryske taal, skiednis en kultuer yn de lanlike kanon, dy’t ûntwikkele is troch de ‘Commissie-Van Oostrom’. It produkt fan dy saneamde ‘lanlike kommisje’ is net in ‘lanlike kanon’ wurden, mar in kanon foar ‘Holland’ of ‘Klein Nederland’ (de trijehoek Alkmaar-Amersfoort-Hoek van Holland).

Klik op: FFU-Commissie Canon 2.pdf om ús twadde brief (26-03-2007) oan de kommisje te iepenjen.

Us earste korrespondinsje mei de lanlike kommisje is fan 07-12-2005: FFU-Commissie Canon.pdf (earste brief) en FFU-Fries taalbeleid.pdf (bylage I, wetten en regelings).
Klik op: KH-Friesland heeft zijn eigen verhaal.pdf. Pleit foar in net-Rânestêdlike skiedniskanon fan drs. Kerst Huisman (23-03-2007), mei in krityske ynlieding (10 siden) en in mear útwurke útstel (16 siden) foar in Fryske kanon as dat fan twa jier earder (KH-Canon Friese geschiedenis.pdf, 23-02-2005).

Drs. Huisman syn Friesland heeft zijn eigen verhaal is ek yn de foarm fan in boekje ferskynd (Steven Sterk Uitgevers, 2007) en is as bylage taheakke oan ús twadde brief oan de ‘Commissie-Van Oostrom’.

Sjoch ek by ‘Brieven útgien 2005’ (07-12-2005) foar ús earste krewearjen op it kanonmêd en by ‘Brieven útgien 2006’ (03-06-2006) foar ús korrespondinsje mei de  provinsje Fryslân oer: Hoe fierder mei de Fryske kanon? By ‘Brieven ynkommen 2006’ (17-02-2006) stiet de meidieling fan in lid fan de lanlike kommisje (dr. Beliën) dat de kommisje gjin provinsjale Fryske kanon meitsje sil.


12-03-2007 Kristlike basisskoalle ’t Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (2)

Fries
Dorsman noemt zijn school een echte Nederlandse school. “Het klink misschien raar, maar Fries zijn wij allerminst. 80 procent van de leerlingen spreekt Nederlands.” Goed, een half uurtje Friese les per week is verplicht, maar voor het overige staat het Fries op een laag pitje, geeft hij toe. Ja, hij weet van alle onderzoeken waaruit blijkt dat het Fries op scholen knap belabberd is. Maar móet het anders? “Ik heb het idee dat het vooral vanuit de provincie wordt gestimuleerd.” Eigenlijk de omgekeerde wereld, vindt hij. “Het moet vanuit de ouders zelf worden bevorderd.” [Friesch Dagblad, 10-10-2006]

Sa’n stikje yn de krante frege om in reaksje fan de FFU. Op 18-12-2006 skreauwen wy bestjoer en direksje in brief oer wat ús dêrfan tinkt, mei in útstel ta ferbettering.

Klik op: FFU-'t Foarhûs.pdf om ús earste brief fan 18-12-2006 te iepenjen

Omdat wy nei hast trije moanne noch net in reaksje krige hiene, hawwe wy in twadde brief skreaun om opheldering.

Klik op: FFU-'t Foarhûs (2).pdf om ús brief fan 12-03-2007 te iepenjen


Ynkommen

01-12-2007 Meisizzenskipsried  basiskoalle ’t Foarhûs (Drachten): It Frysk op ‘t Foarhûs

Ynkommen brief fan de Meisizzenskipsried fan ’t Foarhûs dêr’t yn suggerearre wurdt dat it ûnderwiis yn it Frysk neffens de rjochtlinen fan de ynspeksje jûn wurdt en dat Deputearre Steaten har gjin soargen meitsje oer it Frysk ûnderwiis op ’t Foarhûs. Wy tinke lykas de direkteur dat it ûnderwiis yn it Frysk ‘op een laag pitje’ stiet. Wy tinke ek dat it gâns better kin en moat.

Klik op: MZR- ’t  Foarhûs en it Frysk.jpg om it brief fan foarsitter xxxxxxxx en skriuwster xxxxxxxx fan 01-12-2007 te iepenjen.

Sjoch foar de foarôfgeande korrespondinsje by ynkommen brieven 02-11-2007 < MMR PCBO-Smallingerland (Hinke Zantinge): Frysk op ’t Foarhûs en oare skoallen en by ‘Brieven 2007, útgien’: 01-10-2007 > Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (4).


02-11-2007 MMR PCBO-Smallingerland (Hinke Zantinge): Frysk op ’t Foarhûs en oare skoallen

Reaksje fan de Mienskiplike Meisizzenskipsried (MMR) fan PCBO-Smallingerland op ús brief fan 01-10-2007 (sjoch ûnder), mei it fersyk om by direksje en bestjoer op ferbetteringsplannen oan te stean, om de kearndoelen nei te stribjen en te foldwaan oan de easken dy’t oan de kwantiteit en kwaliteit fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer steld wurde moatte.

Klik op: MMR-SM.-’t Foarhûs en it Frysk.jpg om it (net ûndertekene) brief fan Hinke Zantinge (sekr. MMR) te iepenjen. De MMR giet net yn op de kwantiteit en kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk op de skoallen dy’t ûnder it bestjoer fan PCBO-Smallingerland falle. Net allinnich de iepenens fan ’t Foarhûs, mar ek de iepenens fan de MMR falt ús net ta.

Klik op: FFU-’t Foarhûs en de [M]MR.pdf om ús brief fan 01-10-2007 oan de beide meisizzenskipsrieden (MR fan ’t Foarhûs en MMR fan PCBO-Smallingerland) te iepenjen.

Sjoch foar de foarôfgeande korrespondinsje by ‘Brieven 2007, útgien’: 01-10-2007 Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (4).


18-09-2007 FFU-foarsitter Tom Dykstra: Taalgedrach ‘Wetterskip Fryslân’

Brief fan FFU-foarsitter Tom Dykstra oan it algemien bestjoer fan ‘Wetterskip Fryslân’ oer de swierrichheden dy’t er hat om Frysk te praten as er tillefoanysk kontakt siket mei it wetterskip. Dat moat yn de takomst better regele wurde.

Klik op: TD-Wetterskip Fryslân.pdf om Dykstra syn klacht te iepenjen.

Sjoch ek op ús webstek by ‘Sjerp & Jittik’ (6) (april 2007): Wetterskip Fryslân en Frysk taalbelied: hoe’t slûpendewei ús taal ûnderstek dien wurdt.


Sept.-2007 Swingel (nû. 18, 2007): Underwiismoeting foar learkrêften en studinten 24-27 oktober 2007

Fan woansdei 24 oktober oant sneon 27 oktober is der in moeting fan learkrêften en studinten (‘Lehrertreffen”) út Noard-, East- (ynklusyf Sealterlân) en Westerlauwersk Fryslân. It doel is om de ynterfryske kontakten te fersterkjen en om ynformaasje út te wikseljen. De moeting wurdt mei yn Westerlauwersk Fryslân organisearre fanwegen 100 jier Frysk yn it ûnderwiis. Oant 1 okt. 2007 kinne lju mei in ûnderwiiseftergrûn of -belangstelling ynskriuwe. Dwaan!

Klik op: FR-Underwiismoeting 24-27 okt. ’07 [1].pdf foar it folsleine programma.
Klik op: FR-Underwiismoeting 24-27 okt. ’07 [2].jpg foar it artikel dêroer yn Swingel, nû. 18, 2007.

Ynformaasje is ek te finen op www.fryskerie.nl.


21-08-2007 Ryk (Ministearje OCW): Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer, de Trijetalige Skoalle en it Frysk yn de Grûnwet: Toetsing taal- en ûnderwiisbelied op skoallen

Antwurden fan OCW-steatssekretaris Sharon A.M. Dijksma op fragen fan de Fryske Keamerleden Atsma, Jacobi en Zijlstra oer de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2001, de Trijetalige Skoalle en it Frysk yn de Grûnwet.

Klik op: OCW-Fragen en antwurden Fryske taal.pdf om it OCW-brief te iepenjen.


29-06-2007 Inspectie van het Onderwijs: Toetsing taal- en ûnderwiisbelied op skoallen

Reaksje fan de Inspectie van het Onderwijs op ús klacht (FFU-brief  fan 21-06-2007; sjoch by ‘Brieven ynkommen, 2007’) oer it tekoartsjittend ûnderwiis yn de kbs ’t Foarhûs te Drachten. Wy kinne net hielendal gelokkich wêze mei it andert fan de ynspeksje. Dat it 'onderwijsleerproces over het geheel genomen voldoende’ achte wurdt op dy skoalle, miskent tefolle de betsjutting fan goed ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer en it grutte plak dat soks ynnimme moat yn de beoardieling fan skoallen. Wy binne bang dat de ynspeksje dêr by syn eardere besite(n) amper of net nei sjoen hat.

Klik op: IvhO-’t Foarhûs en de ynspeksje.jpg om it andert fan de ynspeksje (29-06-2007) te iepenjen.
Klik op: FFU-’t Foarhûs en de ynspeksje.pdf om it FFU-brief fan 21-06-2007 oan de ynspeksje te iepenjen.

Sjoch ek by ‘Brieven útgien, 2007’: 20-06-2007 > Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten) : ' Fries' (3) om ús fiif brieven oer de kwestje te iepenjen.


18-01-2007 Ryk (Ministearje OCW): Fries in het onderwijs

Minister M.J.A. van der Hoeven (OCW) lit de Earste Keamer witte dat de tredde rapportaazje oan de Ried fan Europa oer it troch Nederlân tapassen fan it Europeesk Hânfêst foar ’t neist yn de maitiid fan 2007 ree komme sil. It ynspeksjerapport ‘De kwaliteit van het vak Fries in het basisonderwijs en het voortgezet onderwijs in de provincie Fryslân’ (2006) is (mei) opsteld om te foldwaan oan de ferplichtings dy’t de ratifikaasje fan it hânfêst jout. De minister referearret oan de debat op 21 juny 2005: “Dat wil zeggen dat ik er zorg voor draag dat de relevante kwaliteitsaspecten voor het Fries in het onderwijstoezicht worden opgenomen.” 

Klik op: OCW-Tafersjochsramt Frysk (2) 180107.doc om it brief te iepenjen en sjoch ek by 'Brieven 2006' of klik op OCW-Tafersjochsramt Frysk (1) 221106.doc.


16-01-2007 Deputearre Steaten : Provinsje lit behearsking Fryske taal ûndersykje

It kolleezje fan Deputearre Steaten lit mei it each op de tarieding fan de konsept-taalnoata ‘Better sichtber, mear fertroud’ in quick scan útfiere ûnder 32.500 ynwenners om it brûken fan de Fryske taal yn de húshâldens te hifkjen (sjoch ek by ‘Aktueel’: Provincie peilt beheersing Friese taal, 17-01-2007 (A-LC)

Klik op: DS-Quickscan Taalbehearsking.pdf

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html