Brieven en oare stikken 2008

Utgien

29-10-2008 Provinsje: OANFALSPLAN FRYSK

Op 10 okt. 2007 hiene de Steatekommisje ‘Boarger & Mienskip’ it nije taalbeliedsplan ‘Fan Rjocht nei Praktyk, 2008-2010’ (2007) op de wurklist stean. Dêr steane gâns dingen yn dêr’t wy wiis mei wêze kinne. It is in ferbettering ferlike mei de konseptnoata ‘Better sichtber, mear fertroud’ (2006). Dêr hiene wy mear opmerkings by en ek oan de Provinsje trochjûn. ‘Fan Rjocht nei Praktyk’ beslacht lykwols mar in beheinde tiid: twa à trije jier. Oer it algemien binne der goede ambysjes yn te finen foar de provinsjale oerheden, foar soarch en wolwêzen, de foarskoalske opfang, it ûnderwiis en de ynformaasje- en kommunikaasjetechnology. Wy hoopje dat se wiermakke wurde.

Dochs rjochtsje wy ús ta de Fryske Steaten om omtinken te freegjen foar in bydrage fan in ploechje fan seis minsken út ferskillende Fryske organisaasjes (twa út de FFU), dy’t tinke dat wy der mei it taalbelied op de wat langere termyn noch lang net binne. Minsken dy’t harren lykwols noch grutte soargen meitsje. Minsken dy’t sizze dat der hjoed de dei ek goed neitocht wurde moat oer de tiid nei 2010. Want mei ‘Fan Rjocht nei Praktyk’ en de noata’s en plannen dêr’t dêryn nei ferwiisd wurdt, kinne wy noch lang net in foldwaande antwurd jaan op de grutte gefaren dy’t ús taal bedriigje. En dat antwurd moat wol jûn wurde, om derfoar te soargjen dat de delgong fan it Frysk as libbene omgongs- en kultuertaal wer ombûgd wurdt nei in opgong. Dat freget njonken maatregels dy’t útnoegjend binne, ek om maatregels dy’t ferplichtings meibringe en dy’t de ekonomyske en juridyske grûnslaggen fan ús taal tige fersterkje kinne. ‘Fan Rjocht nei Plicht’, sil neffens ús it biedwurd foar de tiid nei 2010 wurde moatte.

Dat betsjut dus dat it fergrutsjen en it fersterkjen fan de ekonomyske betsjutting en wearde fan ús taal mear sintraal stean moat yn it provinsjale taalbelied. Dat kin benammen troch it Frysk ta in funksje- en beneamingseask te meitsjen yn gâns maatskiplike domeinen. Dan wurdt de behearsking fan it Frysk ommers in wichtige ekonomyske faktor. En dêrmei de foarnaamste reden foar heiten en memmen om it Frysk yn de opfieding fan har bern net ôf te swarren, sa’t dat hoed de dei hieltiten mear it gefal is, mar krekt oer te dragen. Men kin der dan ommers letter yn belangrike maatskiplike domeinen in baan troch krije kin yn Fryslân: tink oan it ûnderwiis, it bestjoer, it rjocht, de soarch en guon media. Allinnich op hiel beskieden skaal sjogge wy dêr hjoed de dei wat oansetten ta, ek wol yn ‘Fan Rjocht nei Praktyk’.

In effektive fersterking fan de ekonomyske basis fan it Frysk sil net maklik gean as de juridyske grûnslaggen fan it Frysk net ferbettere wurde. In fierdere ferankering en fersterking fan de wetlike posysje fan it Frysk is dan in hurd betingst. Der sil wat dat oanbelanget folle mear foech nei de Provinsje moatte om oer sokke fûnemintele saken te kedizen. Oansetten fine wy wer yn fan ‘Rjocht nei Praktyk’. Wy tinke boppedat dat dêr ek in effektive organisaasjefoarm by heart, dy’t wy foarearst mar oantsjut hawwe as ‘Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer’.

Gebieten mei oare minderheidstalen binne ús wat de fersterking fan de ekonomyske, juridyske en organisatoaryske basis fan har taal oanbelanget, earder al foargien. Tink bygelyks oan Kataloanje yn Spanje as it grutste mindertallegebiet yn Europa mei inkelde miljoenen ynwenners en de Åland-eilannen yn Finlân mei 27.000 ynwenners, noch minder as dat Drachten hat. Dy regio’s hawwe mei in grut eigen foech harren taal feilich steld en in goede takomst jûn. Soks kin ek yn Fryslân, as wy it echt wolle. As de Fryske polityk der iepen foar stiet. Want de delgong fan in taal is perfoarst gjin natuerwet, mar it gefolch fan politike maatregels dy’t yn de rin fan de tiid tige skealik west hawwe foar ús eigen taal of foar oare minderheidstalen. Wy hawwe dat yllustrearre mei in wiidweidich útwurke noate-apparaat dat oan de ein fan ús Oanfalsplan te finen is. Wy hoopje dus dat de Steateleden dat part net oerslaan sille.

Dat ynsjoch soe derta liede moatte dat de opgong fan it Frysk ek wer troch de polityk mooglik makke wurdt. Dêr soene de Fryske politisy har sterk foar meitsje moatte. Net allinnich yn de tiid foàr 2010, mar benammen ek yn de tiid dêrnei. It is faaks noch net te let foar it Frysk, mar de tiid driuwt wol. Wy leverje har, neffens ús, inkelde wichtige boustiennen yn de hope dat dy goed achtslein en brûkt wurde.

Wy hawwe ús stik koartwei Oanfalsplan Frysk  neamd, in begryp dat prof. Salverda fan de Fryske Akademy al mear as ien kear brûkt hat.

Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk, 2de pr.291008.pdf om ús twadde, útwreide en ferbettere printinge fan ús ‘Oanfalsplan Frysk’ te iepenjen. It is ek in basisdokumint foar in gearkomste fan saakkundigen ('expertmeeting') op 29-10-2008, dy't útgiet fan de Kommisje Boarger & Mienskip fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Klik op: RS-Inleiding Aanvalsplan, 291008.pdf om de ynlieding te iepenjen fan prof. dr. Reinier Salverda (direkteur Fryske Akademy), dy’t er holden hat by de ekspertmoeting op 29-10-2008. Salverda ornearret dat der mear ynvestearre wurde moat yn taalbelied en dat der in Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer komme moat foar it ûntwikkeljen en realisearjen fan in yntegraal en effektyf taalbelied.

Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk.pdf om ús ‘Oanfalsplan’ (digitaal útgongen nei de Steateleden op 02-10-2007) te iepenjen.

Klik op: FFU-Oanfalsplan en kommisje B & M.pdf om de bydrage fan de skriuwersgroep te iepenjen dy’t troch FFU-foarsitter Tom Dykstra foar de Steatekommisje ‘Boarger & Mienskip’ (10-10-2007) ‘ynsprutsen’ is.

Klik op: PS-BM: Besprek Fan Rjocht nei Praktyk.pdf om it besprek fan de ‘Taalnoata 2008-2010, Fan rjocht nei praktyk: Frysk yn Fryslân, taal tusken minsken’ en in earste reaksje op ús ‘Oanfalsplan Frysk’ troch de leden fan de Steatekommisje Boarger en Mienskip op 10 oktober 2007 te iepenjen


15-09-2008 Twadde Keamer en Kabinet: It Hânfêst moat better en flugger útfierd wurde

Brief fan de FFU en in oar brief fan de Fryske Rie oer it tapassen fan it Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen (‘European Charter for Regional or Minority Languages’) troch it Ryk yn it ûnderwiis en oare maatskiplike domeinen. Mei it útfieren fan de 48 bepalings dy’t it Ryk ûnderskreaun hat, is in protte mis, seit in Kommisje fan Saakkundigen fan de Ried fan Europa. FFU en Fryske Rie litte De Haach dúdlik witte dat it oars en better moat.

Klik op: FFU-Tapassen Hânfêst, 150908.pdf om it FFU-brief te iepenjen.

Klik op: FR-Tapassen Hânfêst, 150908.pdf om it brief fan de Fryske Rie te iepenjen.

Sjoch ek by Utgien 05-09-2007 om de bydrage fan de FFU oan in harksitting (op it Provinsjehûs) fan de Kommisje fan Saakkundigen (‘Committee of Experts’) fan de Ried fan Europa yn ferbân mei de útfiering fan it troch Nederlân ratifisearre Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (2006), dat op 1 maart 1998 yn wurking gongen is.

Of:
Klik op: FFU-Committee of Experts 2007.pdf om ús Ingelsktalige bydrage te iepenjen. In Frysktalige wjergader is oan de ein tafoege.

De FFU slút oan by de bydrage fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Klik op:
RFDFB-Committee of Experts 2007.pdf om de Ingelsktalige bydrage fan de Ried fan de Fryske Beweging te iepenjen. In Frysktalige wjergader is oan de ein tafoege.

Klik op: NHL-Tapassen Hânfêst, 120908.pdf om it kommentaar fan de Learaarsoplieding Frysk fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden oan de Minister fan Ynlânske Saken op it rapport fan de Ried fan Europa oer it úfieren fan it Hânfêst te iepenjen.

01-09-2008 Deputearre en Provinsjale Steaten: ferplichting Frysk yn it mbû

Brief fan de FFU en inkelde oare Fryske organisaasjes oan Deputearre en Provinsjale Steaten oer de needsaak om it Frysk as fak, ynstruksjetaal en eksamenfak te ferplichtsjen yn it middelber beropsûnderwiis yn Fryslân.

Klik op: FFU-ferplichting Frysk mbû, 010908.pdf om ús brief te iepenjen.


10-07-2008 Meisizzenskipsried basisskoalle ’t Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (7)

Twadde brief  fan de FFU oan de meisizzenskipsried fan kbs ’t Foarhûs op in twadde, koarte, wòl Frysktalige, mar nèt-ûndertekene formele skriftlike reaksje (fan de skriuwster J. Kramer-Toering) fan de meisizzenskipsried (19-05-2008) oan de FFU, ek oan te klikken by ‘ynkommen 2008’ (blauwe part hjirûnder).

Wy skriuwe de meisizzenskipsried (MZR) dat it ús muoit dat de ried en de skoalle harren fyzje op ‘iepenens’ nei de wrâld yn ús rjochting net wiermeitsje wolle as it om it Frysk giet, dat wy sadwaande nei oardel jier skriuwerij noch net witte hoe’t it derfoar stiet mei de kwaliteit en kwantiteit fan it ûnderwiis yn de Fryske taal, kultuer en skiednis op ’t Foarhûs en dat wy ús dus fannijs rjochtsje ta de ûnderwiisynspeksje (hjirûnder ek oan te klikken)

Klik op: FFU-MZR ’t Foarhûs en it Frysk (3), 100708.doc om ús twadde brief (10-07-2008) oan de MZR fan ’t Foarhûs te iepenjen.

Klik op: MZR-’t Foarhûs en it Frysk (2), 190508.jpg om it ynhâldlik lege briefke fan de MZR fan ’t Foarhûs(19-05-2008) oan ús te iepenjen.

Klik op: FFU-’t Foarhûs en de ynspeksje (2), 100708.doc om ús twadde brief (10-07-2007) oan de ûnderwiisynspeksje (drs. J.S. Oudeboon) te iepenjen (de earste oan de ynspeksje wie fan in jier ferlyn: 21-06-2007). Wy stelle de ynspeksje op ’e hichte fan ús korrespondinsje sûnt 18-12-2006 mei ’t Foarhûs (almeast by ‘brieven en oare stikken 2006-2008, útgien en ynkommen’, oan te klikken) en steane oan op iepenens as it giet om de kwaliteit en kwantiteit fan it ûnderwiis yn de Fryske taal, kultuer en skiednis fan yndividuele skoallen.


27-03-2008 Meisizzenskipsried basisskoalle ’t Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (5)

Reaksje fan de FFU op in ynkommen brief fan de Meisizzenskipsried fan ’t Foarhûs dêr’t yn suggerearre wurdt dat it ûnderwiis yn it Frysk neffens de rjochtlinen fan de ynspeksje jûn wurdt en dat Deputearre Steaten har gjin soargen meitsje oer it Frysk ûnderwiis op ’t Foarhûs. De soargen fan de FFU binne lykwols noch lang net weinommen.

Klik op: FFU-MR ’t Foarhûs en it Frysk (2), 270308.doc om de reaksje (brief) fan de FFU oan de meisizzenskipried te iepenjen.

Klik op: MZR- ’t  Foarhûs en it Frysk.jpg om it foarôfgeande brief fan MR-foarsitter xxxxxxxx en MR-skriuwster xxxxxxxx (01-12-2007) oan de FFU te iepenjen.

Sjoch ek by ‘Brieven 2007, ynkommen’: 01-12-2007 < Meisizzenskipsried  basiskoalle ’t Foarhûs (Drachten): It Frysk op ’t Foarhûs.
De oanlieding fan ús korrespondinsje wie in útspraak fan skoaldirekteur Dorsman yn it Friesch Dagblad (10-10-2006):
Fries
Dorsman noemt zijn school een echte Nederlandse school. “Het klink misschien raar, maar Fries zijn wij allerminst. 80 procent van de leerlingen spreekt Nederlands.” Goed, een half uurtje Friese les per week is verplicht, maar voor het overige staat het Fries op een laag pitje, geeft hij toe. Ja, hij weet van alle onderzoeken waaruit blijkt dat het Fries op scholen knap belabberd is. Maar móet het anders? “Ik heb het idee dat het vooral vanuit de provincie wordt gestimuleerd.” Eigenlijk de omgekeerde wereld, vindt hij. “Het moet vanuit de ouders zelf worden bevorderd.” [Friesch Dagblad, 10-10-2006]

Sa’n stikje yn de krante frege om in reaksje fan de FFU. Op 18-12-2006 hawwe wy bestjoer en direksje in brief skreaun oer wat ús dêrfan tinkt, mei in útstel ta ferbettering. It bleau stil. Op 12-03-2007 folge in twadde brief. It bleau wer trije moanne stil. It lêste brief is op 20-06-2007 ferstjoerd. Fan de skoalle is nea in antwurdbrief ynkommen.
Tagelyk hawwe wy ús rjochte ta Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân en ta de Ynspeksje foar it Ûnderwiis (mei de trije brieven as taheakke). Sjoch ek by brieven 2007, útgien, 20-06-2007 > Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten): ‘Fries' (3) om fiif ferskillende FFU-brieven oan te klikken. Boppedat hawwe wy in parseberjocht útgean litten.
Omdat de skoalle nea net reagearre en ús deaswei, hawwe wy ús yn in ferfolchbrief rjochte ta de Meisizzenskipsried fan ’t Foarhûs en de Mienskiplike Meisizzenskipsried fan PCBO-Smallingerland mei it fersyk om by direksje en bestjoer op ferbetteringsplannen oan te stean, om de kearndoelen nei te stribjen en te foldwaan oan de easken dy’t oan de kwantiteit en kwaliteit fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer steld wurde moatte
Klik op: FFU-’t Foarhûs en de [M]MR.pdf om ús brief fan 01-10-2007 oan de beide meisizzenskipsrieden te iepenjen. Fan de MMR krigen wy in neatsizzend briefke werom.
Sjoch foar de foarôfgeande korrespondinsje ek by ynkommen brieven 02-11-2007 < MMR PCBO-Smallingerland (Hinke Zantinge): Frysk op ’t Foarhûs en oare skoallen en by ‘Brieven 2007, útgien’: 01-10-2007 > Kristlike basisskoalle 't Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (4).


31-03-2008 R. Cazemier: Lokwinsk mei beneaming ta direkteur Omrop Fryslân

FFU-brief oan mr. R. Cazemier mei ús lokwinsken foar syn beneaming ta direkteur fan Omrop Fryslân  Wy steane oan op it krewearjen foar in folsleine, folweardige, lanlike, Frysktalige radio- en tv-stjoerder. It liket ús ek needsaaklik ta dat der gâns mear Frysktalige berneprogramma’s útstjoerd wurde en dat de omrop in dúdlik profyl kriget op it stik fan de taalbefoardering.

Klik op: FFU-Cazemier direkteur Omrop Fryslân.doc om ús brief te iepenjen.


Ynkommen

18-12-2008 Ministearje fan OCW: It tapassen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen yn Nederlân
Tige ûnbefredigjende reaksje fan it ministearje fan OCW (steatssekretaris Sharon A.M. Dijksma, De Haach) op ús brief fan 15-09-2008. It is in werhelling fan âlde sankjes. It foech oer it ûnderwiis moat dus mei gauwens nei de Provinsje.

Klik op: OCW-Tapassen Hânfêst, 181208.pdf om it andert fan de steatssekretaris (18-12-2008) op ús earder brief te iepenjen.

Klik op: FFU-Tapassen Hânfêst, 150908.pdf om it FFU-brief te iepenjen.


29-09-2008 Commissie OCW: Tapassen fan it Hânfêst yn Nederlân

Reaksje fan de fêste kommisje foar OCW op ús FFU- brief fan 15 sept. 2008 oer it tekoart sjitten fan it Ryk by it útfieren fan it Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen (‘European Charter for Regional or Minority Languages’) yn it ûnderwiis en oare maatskiplike domeinen yn Fryslân. DeOCW-kommisje sil de ministers fan OCW en Ynlânske Saken freegje om in kopy fan har andert op ús brief en dêrnei witte litte oft der noch neiere stappen dien wurde sille en sa ja, hokfoar.

Klik op: COCW-Tapassen fan it Hânfêst, 290908.pdf om it brief fan de fêste Keamerkommishje OCW oan ús te iepenjen.

Klik op: FFU-Tapassen Hânfêst, 150908.pdf om it FFU-brief te iepenjen.


27-09-2008 Provinsjale Steaten fan Fryslân: Ferankering Nederlânske en Fryske taal yn de Grûnwet

Dûbeltalige tekst (yn it Hollânsk en it Frysk) fan Provinsjale Steaten ornearre foar de wurdfierders Grûnwet fan de fêste kommisje BZK/YSK (‘Binnenlandse Zaken’) fan de Twadde Keamer mei it fersyk dat dy kommisje it kabinet freget dat de steatskommisje Grûnwet him, njonken de Nederlânske taal, ek bûget oer it opnimmen fan de Frysk taal yn de Grûnwet. Bygelyks om dêryn de bepaling op te nimmen: “Binnen Nederland is het Nederlands de offisiële taal. In de provincie Fryslân fungeren het Nederlands en het Fries beide als officiële talen.”

Klik op: PS-Fryske taal yn de Grûnwet, 270908.pdf om it fersyk te iepenjen.


25-08-2008 Tweede Kamer der Staten-Generaal: Vragen gesteld door de leden der Kamer, met daarop door de regering gegeven antwoorden over de verwaarlozing van minderheidstalen

Keamerfragen fan de leden Atsma, Koopmans, Schreijer-Pierik, Mastwijk, Jager en De Pater-van der Meer (allegearre CDA) oer it ferwaarleazgjen fan minderheidstalen lykas it Frysk (ynstjoerd 16 july 2008) mei de antwurden fan it regear (minister Ter Horst, mei út namme fan de minister fan OCW; gearkomstejier 2007-2008, ‘Aanhangsel van de Handelingen’, nû. 3316) d.d. 25 aug. 2008.

Klik op: TK-Ferwaarleazging minderheidstalen, 250808.pdf


18-08-2008 Konsultatyf Orgaan: It tredde rapport fan de Ried fan Europa  oer it nimmen fan maatregels foar it Frysk, de konklúzjes en oanbefellings en Keamerfragen dêroer

It Konsultatyf Orgaan meelt ús (18-08-2008):
“Taheakke stjoer ik jim it tredde rapport fan de Committee of Experts fan de Ried fan Europa, útkaam op 9 july 2008. Ik wol fan dizze gelegenheid gebrûk meitsje om jim hertlik tank te sizzen foar de ynbring dy’t jim levere hawwe op de harksitting mei de kommisje fan saakkundigen.”

Sjoch by ‘Brieven en stikken 2007, útgien’ de FFU-bydrage (fan 05-09-2007) oan de harksitting (op it Provinsjehûs) fan de kommisje fan saakkundigen (‘Committee of Experts’) fan de Ried fan Europa yn ferbân mei de útfiering fan it troch Nederlân ratifisearre Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (2006), dat op 1 maart 1998 yn wurking gongen is.

Klik op: FFU-Committee of Experts 2007.pdf om ús Ingelsktalige bydrage (05-09-2007) te iepenjen. In Frysktalige wjergader is oan de ein tafoege.

Klik op: Netherlands_3th_report_en.pdf
It rapport is tige kritysk as it giet om de ferplichtings oangeande it ûnderwiis en brûkt hjir faker as yn de foargeande rapporten de term ‘strongly urges’. Foarhinne koe it Ryk noch ta mei oanbefellings dy’t foarsjoen wie fan lichtere driuwende termen, bygelyks ‘urge’ of ‘encourage’.

Klik op: KO-Gearfetting 3de rapport 090708.doc om de konklúzjes en oanbefellings te iepenjen, mei de Keamerfragen dy’t dêroer steld binne op 16 july 2008.


06-08-2008 Inspectie van het Onderwijs: ’t Foarhûs (Drachten) en it Frysk (8)

Twadde brief fan de Underwiisynspeksje oan de FFU oer it neffens ús tekoartsjittende ûnderwiis yn it Frysk op de kristlike basisskoalle ’t Foarhûs te Drachten. De ynspeksje skriuwt dat der in saneamd ‘signaal’ oanmakke is en dat ús soargen bepraat wurde sille mei de kontaktynspekteur fan ’t Foarhûs (sjoch by Brieven 2007, ynkommen, 29-06-2007, om it earste ynspeksjebrief oan de klikken).

Klik op: IvhO-’t Foarhûs en de ynspeksje (2), 060808.pdf om de reaksje fan de ynspeksje op ús twadde brief fan 10-07-2008 te iepenjen. Dat twadde FFU-brief is oan te klikken by Brieven 2008, útgien (10-07-2008) en hjirre: FFU-’t Foarhûs en de ynspeksje (2), 100708.doc

Yn de twadde reaksje fan de ynspeksje wurdt boppedat tige rillevante ynformaasje jûn oer de stân fan saken oangeande it: (1) Wurdearringsramt PU; (2) Wurdearringsramt FU; (3) Wurdearringsramt MBU. Oft dat lêste ramt der komt is noch ûnwis. De FFU achtet it needsaaklik dat soks der foar it mbû ek komt.


19-05-2008 Meisizzenskipsried basisskoalle ’t Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (6)

Net-ûndertekene reaksje fan de Meisizzenskipsried fan kbs ’t Foarhûs (Drachten) op in brief fan de FFU (27-03-2007) oan dy ried. It FFU-brief wie wer in reaksje op in brief fan de meisizzenskipsried (01-12-2007) op ús earder skriuwen (01-10-2007) oan harren.

Klik op: MZR-’t Foarhûs en it Frysk (2), 190508.jpg om it twadde brief fan de meisizzenskipsried oan de FFU te iepenjen.

De meisizzenskipsried achtet de kwestje fan it Frysk op ’t Foarhûs in ynterne oangelegenheid en giet net op de ynhâld fan ús brief yn. De FFU moat him dêr neffens har net mei bemuoie. It briefke fan de meisizzenskipsried bestiet út twa sinnen en is Frysktalich. Dat lêste is in stap foarút. De ynhâld fan de beide sinnen tsjûget net fan de ‘iepenheid’ dy’t de skoalle en ried sels sa wichtich achtsje foar it opfieden fan de bern (Schoolgids, 2007/2008,  s. 19). As de kniper op de (Fryske) skine komt, dan blykt dy fyzje (de lear) net in stoer wurdich (it libben).

Sjoch foar de hiele korrespondinsje oer it (noch) tekoartsjittende ûnderwiis yn it Frysk en it Frysk ûnderwiis op kbs ’t Foarhûs by ‘Brieven en oare stikken 2008, útgien’: 27-03-2008 > Meisizzenskipsried basisskoalle ’t Foarhûs (Drachten): ‘Fries’ (5). Op dat plak wurdt ek ferwiisd nei de eardere korrespondinsje.


16-04-2008 CVO Zuid-West Fryslân (Snits):  it Frysk op it Marne College yn Boalsert
Ynkommen brief fan CVO Zuid-West Fryslân oer it twa- en meartalich ûnderwiis by  de skoallen fan dy stifting, benammen yn it Marne Kolleezje (Boalsert). It is in reaksje op ús brief (d.d. 22-02-2008) oan it Kolleezje fan Bestjoer (drs. H.G.J. Steur) mei it fersyk it Frysk, lykas it Ingelsk, ek as ynstruksje- en fiertaal by (guon) oare fakken te brûken, bgl. yn it ramt fan in trijetalich skoallemodel (Frysk-Hollânsk-Ingelsk) foar fuortset ûnderwiis.

Klik op: CVO-ZWF-Frysk op it Marne Kolleezje.pdf om it brief (kopy, d.d. 16-04-2008)en in taheakke Taalbeliedsplan fan CVO Zuid-West Fryslân te iepenjen.

 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html