Utgien
In FFU-brief oan Deputearre Steaten (d.d. 22-12-2011) fan Fryslân oer it nét útfieren fan it plaknammebeslút fan de eardere gemeente Wymbritseradiel. In steatsrjochtlik ûndersyk blykt needsaaklik te wêzen om útfiering dêrfan dochs of te twingen. It FFU-brief stipet mei dizze aksje in brief fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân (d.d. 7-12-2011; sjoch dêrfoar ek by ‘ynkommen’) oan DS oer deselde kwestje. |
| Klik op: FFU-brief oan DS oer plaknammekwestje Súdwest-Fryslân, 221211.pdf om ús brief oan Deputearre Steaten te iepenjen. Sjoch ek by ‘ynkommen 2011’ om it brief fan de Topografyske Wurkgroep (fan 7 des. 2011) oan DS te iepenjen en by ‘útgien 2011’ in FFU-brief oan de gemeente Súdwest-Fryslân oer likernôch deselde kwestje: 22-02-2011 Klik op: SWF-ûntfangstbefêstiging SWF fan brief (kopy) oer steatsrjochtlik ûndersyk, 28-12-2011.jpg om de ûntfangstbefêstiging te iepenjen fan de gemeente Súdwest-Fryslân (SWF) fan (in kopy fan) in FFU-brief oan Deputearre Steaten (d.d. 22-12-2011) oer in steatsrjochtlik ûndersyk nei de plaknammejouwing yn SWF. De kopy fan it FFU-brief (oan DS) is op 28 des. 2011 troch SWF ûntfongen en registrearre ûnder nûmer I11.036265. Klik op: SKF-reaksje Steatekomitee Frysk op FFU-brief oan DS oer steatsrjochtlik ûndersyk, 12-01-2012.pdf om de reaksje (d.d. 12-01-2012) te iepenjen fan it Steatekomitee Frysk fan Provinsjale Steaten (foars. Annigje Toering) op in kopy fan in FFU-brief oan Deputearre Steaten (d.d. 22-12-2011) oer ús fersyk om in steatsrjochtlik ûndersyk dwaan te litten nei de plaknammejouwing yn de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân, dy’t in beslút fan de eardere gemeente Wymbritseradiel om Frysktalige plaknammen yn te fieren noch net útfierd hawwe. It Steatekomitee begrypt ús soarch, mar achtet it de taak fan DS om ta te sjen op de útfiering fan it taalbelied yn SWF. As DS tekoartsjitte, komt PS wer yn byld. |
| Yn in FFU-brief oan de Twadde Keamer komme trije punten yn op it rabat: 1. de noch (lang) net tarikkende tapassing fan it Europeesk Hânfêst op it Frysk en it omsetten dêrfan yn Nederlânske ûnderwiiswetjouwing; 2. de needsaak ta it ûntwikkeljen fan in noarmearre learlingfolchsysteem en betroubere, objektive en falide tusken- en eintoetsen foar it Frysk en de finansiering dêrfan; 3. de plicht fan de Ynspeksje fan it Underwiis om de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it fak Frysk te kontrolearjen. |
Klik op: FFU-TK, Europeesk Hânfêst, toetsen Frysk, kontrôle ynspeksje op fak Frysk, 27-09-2011.pdf om ús brief oan de Twadde Keamer te iepenjen. Der is ek in Ingelsktalige wjergea fan it brief makke, dy’t stjoerd is oan de Ried fan Europa (Council of Europe)te Straatsboarch en it Europeesk Parlemint te Brussel. Klik op: FFU-RfE/EP, European Charter, Frisian tests, role inspectorate, 27-09-2011.pdf om ús oersetting yn it Ingelsk foar de Ried fan Europa en it Europeesk Parlemint te iepenjen. Klik op: ECRML-reaksje op it FFU-brief fan 27-09-2011, 291111.jpg om it andertbrief út Straatsboarch (Rie fan Europa) d.d. 29-11-2011 op boppesteande Ingelsktalige oersetting (27-09-2011) te iepenjen (sjoch ek by ‘ynkommen 2011’). |
Brief FFU (lâns de wei fan ynternetkonsultaasje) oan minister Donner (Ynlânske Saken) en de Twadde Keamer oangeande de konsultaasje Wet gebruik Friese taal. De FFU is der wiis mei dat Donner no avensearret mei de ‘Wet gebruik Friese taal’, mar wy wize op 11 tekoartkommings en winsken. |
Klik op: FFU-YS/TK, Konsultaasje ‘Wet gebruik Friese taal’, 22-04-2011.pdf om ús reaksje oan Ynlânske Saken en de Twadde Keamer te iepenjen. Fan belang binne ek de útgiene kommentaren op it konsept fan de ‘Wet gebruik Friese taal’ (‘WgFT’) fan Tom Dykstra (26-04-2011) en fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân (11-04-2011). Klik op: TWF-Konsultaasje WgFT, 11-04-2011.pdf om it brief (d.d. 11 april 2011) fan de topografyske wurkgroep (dr. R.J. Jonkman) te iepenjen. Klik op: TD-Konsultaasje WgFT, 26-04-2011.pdf om de reaksje fan Tom Dykstra (d.d. 26 april 2011, mei in ferwizing nei de reaksjes/brieven fan de RfdFB (Van der Bij) en de FFU (Hiemstra/Dykstra) te iepenjen. |
Frysktalich FFU-brief oan de leden fan de Gemeenteried en it Kolleezje fan Boargemaster & Wethâlders fan de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân oer harren taalbelied by it beänderjen fan Frysktalige brieven. De FFU hie op syn Frysktalich brief oer plak- en gemeentenammen (sjoch hjirûnder by 23-02-2011) in Hollânsktalich ûntfangstberjocht krige. De FFU sprekt syn fernuvering út oer it feit dat de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân dy beänderet mei in Hollânsktalige ûntfangstbefêstiging. Dat is net neffens de ‘Oerienkomst oangeande Fryske taalbelied yn de nije te foarmjen fúzjegemeenten Súdwest-Fryslân’ (fan 1 maart 2010). |
Klik op:FFU-Taalbelied Súdwest-Fryslân by it beänderjen fan Frysktalige brieven, 18-03-2011.pdf om it FFU-brief oan de gemeente te iepenjen. Der kaam (alwer) in Hollânktalich ûntfangstberjocht fan de gemeente (d.d. 22-03-2011) op werom dat it brief registrearre wie ûnder nûmer l11.003950. It FFU-brief hie dus net folle holpen. Klik op: SWF- Taalbelied Súdwest-Fryslân by it beänderjen fan Frysktalige brieven, 22-03-2011.jpg om it (twadde) Hollânsktalige ûntfangstberjocht fan de gemeente (d.d. 22 maart, fan B & W), rjochte oan de FFU, te iepenjen. Klik op: SWF-Taalbelied Súdwest-Fryslân by it beänderjen fan Frysktalige brieven, 12-04-2011.jpg om it (tredde) Frysktalige ûntfangstberjocht fan de gemeente (d.d. 12 april 2011, no fan de Gemeenteried, behannele troch frou A. van der Valk), rjochte oan de FFU, te iepenjen. |
Frysktalich FFU-brief oan de leden fan de Gemeenteried en it Kolleezje fan Boargemaster & Wethâlders fan de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân om te kommen in Frysktalige gemeentenamme en Frysktalige plaknammen dy’t foldogge oan de Fryske stavering sa’t dy yn 1980 offisjeel fêststeld waard. Sa kin de namme Súdwest-Fryslân net sûnder keppelstreekje en moat Súdwestergoa perfoarst mei in -oa oan de ein. Der kaam in Hollânktalich ûntfangstberjocht fan de gemeente (d.d. 25-02-2011) op werom dat it brief registrearre wie ûnder nûmer l11.002787. |
Klik op: FFU-Frysktalige plak- en gemeentenammen yn Súdwest-Fryslân, 230211.pdf om it Frysktalich FFU-brief oan de gemeente te iepenjen. Klik op: SWF-Frysktalige plak- en gemeentenammen yn Súdwest-Fryslân, 250211.jpg om it Hollânsktalige ûntfangstberjocht fan de gemeente, rjochte oan de FFU, te iepenjen. Klik op: SWF-Frysktalige gemeentenamme yn Súdwest-Fryslân, 130411.jpg om de Hollânsktalige kundskip (d.d. 13 april 2011 fan de Gemeenteried, behannele troch frou Y. Spits) dat mei ‘21 stemmen is gekozen voor de enquêteresultaten als basis voor definitieve naamgeving’ (d.w.s. foar it Frysktalige Súdwest Fryslân of Súdwest-Fryslân). It skynt dus fan de gemeente-amtner dy’t de reaksje opstelt/ferstjoert, ôf te hingjen hokfoar taal oft der brûkt wurdt (Hollânsk of Frysk). Sjoch hjirboppe ek by: 12-04-2011 (Frysktalige reaksje) |
Ynkommen
Yn in brief oan Deputearre Steaten fan Fryslân fersiket de Topografyske Wurkgroep Fryslân oan it kolleezje fan DS om op basis fan in mienskiplik konvenant (fan 1 maart 2010), sletten troch fiif fúzjegemeenten (dy’t no de gemeente Súdwest-Fryslân útmeitsje), de Provinsje Fryslân en it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes in ûnôfhinklik steatsrjochtlik ûndersyk te inisjearjen, dat ûndersykje moat oft oan it Europeesk Hânfêst en it konvenant rjocht dien is. De eardere gemeenterie fan Wymbritseradiel hie op 20 maaie 2008 besletten om yngeande 1 jannewaris 2009 de Frysktalige plaknammen offisjeel te brûken. Dat is oant no ta noch net ymplemintearre. |
Klik op: TWF-brief oer ynfiering Frysktalige plaknammen yn SWF, 07-12-2011.pdf om it brief fan de nammekundigen oan DS te iepenjen. Klik op: SKF-útfiering taalbelied en Frysktalige plaknammen yn SWF, 16-11-2011.pdf om in brief (d.d. 16 nov. 2011) fan it Steatekomitee Frysk fan Provinsjale Steaten oan de Topografyske Wurkgroep (as reaksje op in TWF-brief fan 27 okt. 2011) te iepenjen. It Steatekomitee ferwiist de wurkgroep nei DS (sjoch earste skeakel hjirboppe). |
It haad fan it sekretariaat skriuwt ús: ‘This information will be forwarded to the Committee of Experts of the Charter, in accordance with Article 16, paragraph 2 of the Charter, to be taken into account during the preparation of the Committee’s fourth evaluation report on the application of the Charter in the Netherlands. The information will also be forwarded to the Advisory Committee of the Framework Convention for examination during the next monitoring round for the Netherlands.’ |
Klik op: ECRML-reaksje op it FFU-brief fan 27-09-2011, 291111.jpg om it andertbrief út Straatsboarch (Rie fan Europa, d.d. 29 nov. 2011) te iepenjen. |
Yn in FFU-brief oan de Twadde Keamer (sjoch ek boppe by brieven ‘útgeand’, 27-09-2011) kamen trije punten op it aljemint: |
Klik op: TK/OCW-reaksje op it FFU-brief fan 27 sept. ’11, 111010.jpg om de formele (net ynhâldlike) reaksje (d.d. 10 okt. 2011) fan de fêste kommisje foar OCW op ús FFU-brief fan 27. okt. 2011 (sjoch hjirûnder) te iepenjen. |
De provincie Fryslân krijgt wat meer ruimte om, samen met de scholen in de provincie, het onderwijs in de Friese taal zelf in te richten. Dat staat in de reactie van minister Van Bijsterveldt van OCW en minister Donner van BZK op het advies van de commissie Hoekstra. De provinsje Fryslân kriget wat mear romte om, yn gearspraak mei de skoallen yn de provinsje, it ûnderwiis yn guon skoaltypen sels stal te jaan. Dat stiet yn in reaksje fan minister Van Bijsterveldt fan UKW/OCW en minister Donner fan YSK/BSK op it advys fan de kommisje Hoekstra. Dy romte is de FFU fierste beheind. De FFU freget folsleine autonomy foar de Provinsje op dat mêd: foar alle skoaltypen (dus ek foar it spesjaal ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis) en mei ferplichte eksamens Frysk foar alle learlingen fan Fryske skoallen as dy der foar it Hollânsk/Nederlânsk ek binne. |
Klik op ûndersteande Frysk- of Hollânsktalige reaksje om dy te iepenjen: Kabinetsreactie Fries: rapport van de onderwijsinspectie en rapport van de stuurgroep Hoekstra (1/2) |
Brief (reaksje) fan Deputearre Steaten fan Fryslân oan de FFU (en oaren) as antwurd op in brief fan de FFU (d.d. 1 sept. 2008) oer de needsaak fan in ferplichting fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis (mbû) en - doe’t der gjin reaksje fan it provinsjaal bestjoer kaam - (jitris) in brief fan de FFU (d.d. 26 nov. 2010) oer: |
Klik op: DS-FFU, ferplichting Frysk yn it mbû, mbû-beropsstanderts foar Frysk, toetsen Fryske kanon, 170611.pdf om de reaksje fan Deputearre Steaten op ús beide brieven te iepenjen. Us beide brieven oan Deputearre en Provinsjale Steaten (d.d. 01-09-2008 en 26-11-2010) binne hjirûnder ek (wer) oan te klikken. Klik op: FFU-ferplichting Frysk mbû, 010908.pdf om ús earste brief (fan 1 sept. 2008) oer de winsklike ferplichting fan it Frysk yn it mbû te iepenjen. |
Oprop oan de nije gemeente Súdwest-Fryslân en Provinsjale Steaten om yn it ramt fan de weryndieling oan it Europeesk Hânfêst te foldwaan. Der is yn 2010 in konvenant "Belied Fryske taal gemeente Súdwest-Fryslân" sletten tusken fiif fusearjende gemeenten, de provinsje en it Ryk. De TWF ropt op om der op ta te sjen dat it konvenant net skansearre wurdt troch juridyske trúks. De plaknammen hearre yn de nije gemeente Frysktalich te wêzen. |
Klik op: TWF-Belied Fryske plaknammen yn SWF, 150411 om it parseberjocht te iepenjen. |
Brief fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân (bydrage oan de ynternetkonsultaasje, d.d. 11 april 2011) foar minister Donner (Ynlânske Saken) en de Twadde Keamer mei it fersyk om kêst 10: 2g fan it Europeesk Hânfêst ta te passen: […] verplichten de Partijen zich ertoe toe te staan en/of aan te moedigen: […] g. het gebruik of de aanneming van de traditionele en juiste vormen van toponiemen in de streektaal of taal van een minderheid, indien noodzakelijk tezamen met de naam in de officiële taal of talen. D.w.s. dat it brûken fan de Frysktalige toponimen ek yn de ‘Wet gebruik Friese taal’ as taalrjocht opnommen wurde moatte soe. |
Klik op: TWF-Frysktalige toponimen en de Wet gebruik Friese taal, 110411.pdf om it brief fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân oan minister en parlemint te iepenjen. De FFU ûnderskriuwt en stipet it stânpunt fan de wurkgroep. Offisjele Frysktalige Fryske toponimen binne ek fan grut belang foar de oerdracht fan in wichtich stik Fryske taalkultuer yn it ûnderwiis (yn bygelyks learmiddels en toetsen), dus foar it hoedzjen en noedzjen fan ús taal. |
Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html