Utgien
Ynkommen
Klik op: TK/PS-moasjes oer aparte status Omrop Fryslân, 19/20-12-2012 om de lanlike en provinsjale moasje te iepenjen. |
Reaksje (brief) fan de ‘Nationale ombudsman’, dr. A.F.M. Brenninkmeijer, oan de FFU oer it net of net foldwaande neikommen fan ferplichtings dy’t it Ryk hat om it Frysk yn ûnderskate domeinen te hoedzjen en noedzjen. De FFU hie op 19 oktober 2012 by de besite fan de ombudsman oan Fryslân syn help ynroppen om it Ryk op syn ferantwurdlikens oan te sprekken en klachten te behanneljen. |
Klik op: NO-brief oan FFU oer ferplichtings Ryk, 121109.pdf om it brief fan dr. Brenninkmeijer te iepenjen. |
De FFU bestiet yn 2012 fiifentweintich jier en hat op de achtste fan ’e slachtmoanne 2012 syn earste eare-oarkonde útrikt oan Hans de Haan fan Holwert. Soks op grûn fan De Haan syn bysûndere fertsjinsten foar it ûnderwiis yn it Frysk (benammen foar syn krewearjen foar de Trijetalige Skoalle). |
Klik op: FFU-eare-oarkonde Hans de Haan, 121108.jpg om de FFU-oarkonde foar Hans de Haan te iepenjen. Klik op: FFU-25 jier FFU, 121108.pdf om de ynlieding oer 25 jier FFU te iepenjen, dy’t FFU-foarsitter Tom Dykstra sa likernôch holden hat by gelegenheid fan de útrikking fan de FFU-oarkonde oan De Haan (mei twa foto’s) op it sympoasium Fierder mei Frysk 9 fan de seksje Frysk fan Levende Talen/Libbene Talen (VLLT) te Drachten. Klik op: FFU-laudatio foar Hans de Haan, 121108.pdf om de FFU-lofprizing foar Hans de Haan (op 8 nov. 2012 te Drachten) te iepenjen. |
De Minister fan Ynlânske saken seit yn har reaksje (brief fan 12-10-2012): Teloarstellend en negatyf is har stânpunt oangeande it Leechsaksysk: |
Klik op: YS-antwurdbrief Ynlânske Saken oan it EBLT oer it Leechsaksysk en it ‘Wetsvoorstel gebruik Friese taal’, 121012.pdf om it antwurdbrief fan minister Spies (d.d. 12 okt. 2012) fan Ynlânske Saken oan it EBLT te iepenjen. |
Direkte skeakel (link) nei in rapport fan it Committee of Experts (Council of Europe). It rapport is yn novimber 2012 frijjûn (datearre:19-06-2012). It is ferskynd nei oanlieding fan de besite en de harksitting fan it Committe of Experts on the Charter yn jannewaris 2012. It rapport hannelet oer de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden troch Nederlân yn de ôfrûne fjouwer jier. |
Klik op: http://www.coe.int/t/dg4/education/minlang/default_en.asp om it rapport te iepenjen. |
Reaksje (brief) fan prof. dr. S. Poppema, foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins, op ús FFU-brief (sjoch hjirûnder by ‘útgien 2012’) oer de bedrige posysje fan de oplieding Fryske Taal en Kultuer oan syn universiteit. |
Klik op: RuG-brief oan FFU oer oplieding Fryske Taal en Kultuer, 120712.pdf om it brief fan dr. Poppema te iepenjen. |
In brief fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), dêr’t de FFU en de seksje Frysk fan Levende Talen (VLLT) diel fan útmeitsje, oan minister Spies fan Ynlânske saken en Keninkryksrelaasjes en oan de Fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken, dêr’t yn oantrune wurdt om faasje te meitsjen mei (1) de ‘Wet gebruik Friese taal’ en om (2) it Leechsaksysk op te nimmen yn Diel III fan it Europeesk Hânfêst. |
Klik op: EBLT-brief oan YS oer it Leechsakysk en de wet ‘Gebruik Friese taal’, 120606.pdf om it brief oan minister mr. drs. J.W.E. Spies en de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken te iepenjen. |
Twa FFU-brieven (d.d. 05-06-2012) oer de bedrige posysje fan de oplieding Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Ien brief is nei de steatssekretaris fan UKenW/OCenW (drs. Halbe Zijlstra) ferstjoerd en de oare oan prof. dr. S. Poppema fan de RuG. |
Klik op: FFU-brief oan OCW oer oplieding Fryske Taal en Kultuer, 120605.pdf om it FFU-brief oan de steatssekretaris (drs. H. Zijlstra) te iepenjen. Klik op: FFU-brief oan de RuG oer oplieding Fryske Taal en Kultuer, 120605.pdf om it FFU-brief oan de RuG (prof. dr. Poppema) te iepenjen. |
De FNP (Annigje Toering) hat op 23-05-2012 fiif mûnlinge fragen steld oan deputearre Jannewietske de Vries oer ús trije brieven oangeande in steatsrjochtlik ûndersyk nei Frysktalige plaknammen yn gemeenten. De trije FFU-brieven binne hjirûnder oan te klikken (sjoch de skeakels [links] by Utgien: 05-03-2012 en 18-05-2012). |
Klik op: FNP-fiif fragen oan DS oer steatsrjochtlik ûndersyk, 23-05-2012.doc om de fiif fragen oer ús trije net beändere FFU-brieven oan Deputearre Steaten oan te klikken. |
Op 1 juny 2012 hat de FFU lang om let dochs noch in tige ûnbefredigjend en teloarstellend brief (datearre op 22-05-2012) krigen fan DS oer de kwestje fan in steatsrjochtlik ûndersyk nei Fryske plaknammen yn Súdwest-Fryslân (sjoch hjirûnder ek by: 18-05-2012 > FFU: twadde FFU-brief oan Deputearre Steaten oangeande út útbliuwen fan in andert op ús eardere FFU-brieven fan 22-12-2011 en 05-03-2012). In toetsing oan it steatsrjocht achten en achtsje wy needsaaklik, benammen ek mei it each op Frysktalige plaknammen yn takomstige weryndielingsgemeenten. |
Klik op: DS-brief DS oer steatsrjochtlik ûndersyk plaknammen SWF, 120522.pdf om it brief fan Deputearre Steaten (22-05-2012) oan de FFU te iepenjen. |
Omdat de FFU twadde helte maaie 2012 noch gjin ûntfangstbefêstiging en/of ynhâldlike reaksje krige hie fan Deputearre Steaten fan Fryslân op syn brieven fan 22-12-2011 en 05-03-2012 hawwe wy ús op ’en nij ta Deputearre Steaten (DS) rjochte en no ek wer ta Provinsjale Steaten om de saak fan de Frysktalige plaknammen yn Súdwest-Fryslân en oare gemeenten oan te fiterjen. Moatte wy konkludearje dat de provinsje de kwestje op ’e ronge slepe lit? |
Klik op: FFU-twadde brief oer útbliuwen andert DS op FFU-brieven 221211 en 050312, 120512.pdf om ús brief oan DS, PS en it Komitee Frysk (in steatekomitee) te iepenjen. |
Omdat de FFU begjin maart 2012 noch gjin ûntfangstbefêstiging of ynhâldlike reaksje krige hie op syn brief fan 22-12-2011 (hjirûnder) hawwe wy ús op ’en nij ta Deputearre Steaten (DS) rjochte en Provinsjale Steaten in ôfskrift takomme litten. De saak driuwt neffens ús. |
Klik op: FFU-brief oer útbliuwen andert DS op FFU-brief 221211, 120305.pdf om it FFU-brief oan DS te iepenjen. Klik op: FFU-brief oan DS oer plaknammekwestje Súdwest-Fryslân, 221211.pdf om ús brief oan Deputearre Steaten te iepenjen. Klik op: SWF-ûntfangstbefêstiging SWF fan brief (kopy) oer steatsrjochtlik ûndersyk, 28-12-2011.jpg om de ûntfangstbefêstiging te iepenjen fan de gemeente Súdwest-Fryslân (SWF) fan (in kopy fan) in FFU-brief oan Deputearre Steaten (d.d. 22-12-2011) oer in steatsrjochtlik ûndersyk nei de plaknammejouwing yn SWF. De kopy fan it FFU-brief (oan DS) is op 28 des. 2011 troch SWF ûntfongen en registrearre ûnder nûmer I11.036265. Klik op: SKF-reaksje Steatekomitee Frysk op FFU-brief oan DS oer steatsrjochtlik ûndersyk, 12-01-2012.pdf om de reaksje (d.d. 12-01-2012) te iepenjen fan it Steatekomitee Frysk fan Provinsjale Steaten (foars. Annigje Toering) op in kopy fan in FFU-brief oan Deputearre Steaten (d.d. 22-12-2011) oer ús fersyk om in steatsrjochtlik ûndersyk dwaan te litten nei de plaknammejouwing yn de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân, dy’t in beslút fan de eardere gemeente Wymbritseradiel om Frysktalige plaknammen yn te fieren noch net útfierd hawwe. It Steatekomitee begrypt ús soarch, mar achtet it de taak fan DS om ta te sjen op de útfiering fan it taalbelied yn SWF. As DS tekoartsjitte, komt PS wer yn byld. |
Op 29-02-2012 stie it Konvenant Fryske taal yn it ûnderwiis 2011 yn de Staatscourant. |
Klik op: SC-Konvenant Fryske taal yn it ûnderwiis, 29-02-12.pdf om it konvenant te iepenjen. |
Parseberjocht fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân. Boargemaster Apotheker fan de nije (fusearre) gemeente Súdwest-Fryslân soe witte moatte dat it konvenant fan de eardere fúzje-gemeenten nét tastiet dat de Fryske plaknammen ûnderoan op it komboerd by de doarpen en stêden komme te stean. Apotheker is hoeder en noeder fan it steatsrjocht en dêrmei ferantwurdlik foar de ymplemintaasje fan de nommen besluten. |
Klik op: TWF-Frysktalige plaknammen op kombuorden boppe yn SWF, 13-02-2012.pdf om it parseberjocht te iepenjen. Sjoch hjirûnder ek by: 12-01-2012 |
Klik op: AR-Lektorale rede A.M.J. Riemersma: Gelijkwaardigheid en continuïteit van meertalig onderwijs in Europees perspectief-120209.pdf om de op 9 febr. 2012 yn ferkoarte foarm útsprutsen lektorale rede ‘Gelijkwaardigheid en continuïteit van meertalig onderwijs in Europees perspectief’ oan te klikken. |
Yn 1996 hat Nederlân it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ratifisearre. Nederlân hat út diel III fan it Hânfêst 48 ferdrachsferplichtings ûndertekene foar it beskermjen en it befoarderjen fan it Frysk. Yn septimber 2011 hat de ryksoerheid syn fjirde rapportaazje oan de Rie fan Europa oanbean. Dêryn wurde de maatregels beskreaun dy’t de ryksoerheid nommen hat oangeande de Fryske taal en kultuer. Dy sjitte neffens ús slim tekoart. |
Klik op: FFU-bydrage FFU foar de CoE fan de Rie fan Europa, 240112.pdf om de FFU-bydrage (op 24-01-2012) oan te klikken. Twa oan de bydrage taheakke (eardere) FFU-stikken binne hjirûnder ek te iepenjen: Klik op: SF-bydrage seksje Frysk foar de CoE fan de Rie fan Europa, 240112.pdf om de bydrage fan de seksje Frysk fan de VLLT foar de kommisje fan saakkundigen (op 24-01-2012) oan te klikken. Klik op: TWF-brief Topografyske Wurkgroep Fryslân foar de CoE fan de Rie fan Europa, 240112.docx om de bydrage fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân (in oersetting yn it Ingelsk fan in Nederlânsktalich brief fan 11-04- 2011 oan it Ministearje fan Ynlânske Saken (TWF-Konsultaasje WgFT, 11-04-2011.pdf ) oer in konsept fan de Wet gebruik Friese taal) foar de kommisje fan saakkundigen (op 24-01-2012) oan te klikken. Klik op: FTK-RuG-Reaksje ôfd. Frysk RuG foar de CoE fan de Rie fan Europa, 170112.docx om de Ingelsktalige bydrage te iepenjen fan de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Universiteit fan Grins (d.d. 17-01-2012) foar de kommisje fan saakkundigen fan de Rie fan Europa. This document is written in reply to the request for an evaluation of official language planning and policy efforts in the timespan 2008-2011 which have had an influence on the teaching of Frisian language and culture at a university level. Our report contains five main points:
Our main argument is that the opportunity to study Frisian at university level is being jeopardised by current political developments in the Netherlands. It is therefore of utmost importance that the effects of changes in higher education policies on Frisian (and the role of Frisian as an academic degree programme) are lessened by a (soon to be) renewed Administrative Agreement (Bestuursafspraak) between state and province. This renewal should be the result of the ratification of the Charter of Regional and Minority Languages by the Dutch government. A renewal can help ensure maintenance of Frisian as an academic subject at university level, and thereby increase the status of the language. |
Reaksje fan it Steatekomitee Frysk fan Provinsjale Steaten fan Fryslân op in FFU-brief oan Deputearre Steaten (d.d. 22-12-2011) fan Fryslân oer it nét útfieren fan it plaknammebeslút fan de eardere gemeente Wymbritseradiel. In steatsrjochtlik ûndersyk blykt neffens de FFU needsaaklik te wêzen om útfiering dêrfan dochs of te twingen. It FFU-brief stipet mei dizze aksje in brief fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân (d.d. 7-12-2011; sjoch dêrfoar ek by ‘ynkommen 2011’) oan DS oer deselde kwestje. |
Klik op: SKF-reaksje Steatekomitee Frysk op plaknammebeslút Súdwest-Fryslân.pdf om it brief fan it Steatekomitee te iepenjen. Provinsjale Steaten achtsje Deputearre Steaten yn it foarste plak ferantwurdlik foar it tafersjoch op de oerienkomst oer it taalbelied mei en it inisjearjen fan in ûndersyk nei it neilibjen fan de beslútfoarming troch de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân. In reaksje fan Deputearre Steaten yn ús rjochting is oant no ta útbleaun. Klik op: FFU-brief oan DS oer plaknammekwestje Súdwest-Fryslân, 221211.pdf om ús brief (d.d. 22-12-2011) oan Deputearre Steaten te iepenjen. Sjoch ek by ‘ynkommen 2011’ om it brief fan de Topografyske Wurkgroep (07-12-2011) oan DS te iepenjen en by ‘útgien 2011’ foar in FFU-brief oan de gemeente Súdwest-Fryslân oer likernôch deselde kwestje: 22-02-2011 |
Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html