Brieven en oare stikken 2013

Utgien

Ynkommen

2013 Twadde Keamer: Wiziging ûnderwiiswetten Fryske taal

Wetsútstel fan deTwadde Keamer 33618, nû. 2, gearkomstejier 2012-2013: ‘Wijziging van onder meer de Wet op het primair onderwijs, de Wet op het voortgezet onderwijs en de Wet op de expertisecentra in verband met het onderwijs in de Friese taal’.

Klik op: Ryk: Wiziging ûnderwiiswetten Fryske taal.pdf om it wetsútstel te iepenjen.

It Konsultatyf Orgaan Frysk (COF) pleitet yn in reaksje op it wetsútstel om it begryp ‘draagvlak [in het onderwijsveld]’, dat net spesifisearre en mjitber is, te ferfangen troch it begryp ‘uitvoerbaarheid’, omdat draachflak [yn it ûnderwiisfjild] as betingst foar troch de provinsje Fryslân te ûntwikkeljen ûnderwiisdoelen net fûndearre wurde kin troch it Hânfêst en it Ramtferdrach; en foar it begryp ‘uitvoerbaarheid’ in toetsingsramt te ûntwikkeljen.

It begryp ‘draachflak’ hie fan ‘De Haach’ grif yn de wet komme moatten as in stôk om de hûn mei te slaan en sadwaande ‘echt’ goed en foldwaande ûnderwiis yn it Frysk feitlik ûnmooglik te meitsjen. It Ryk besiket de Friezen wer op in fyn ynleine wize yn har rjochten te beheinen en te bekrinken.

Klik op: KOF: advies ‘draagvlak’ onderwijs ’Fries’.pdf om de rapportaazje en it advys fan it Konsultatyf Orgaan Frysk te iepenjen.

20-11-2013 VLLT: Fan taalefterstânsbestriding nei taalferskaatbelied (advizen)

Advizen fan de Vereniging van Leraren in Levende Talen (VLLT) foar meartaligensbelied yn it Nederlânske basis- en fuortset ûnderwiis: ‘Van taalachterstandsbestrijding naar taaldiversiteitsbeleid’. De seksje Frysk is ien fan oansletten organisaasjes fan de VLLT (FFU-skriuwer Sytze T. Hiemstra is [ek] seksjebestjoerder en HB-lid VLLT). It stik is opsteld troch Judith Richters (foarsitter), Toon van der Ven (âld-foarsitter) en Guus Extra, emearitus heechlearaar Universiteit fan Tilboarch (Tilburg). De advizen soene benammen goede mooglikheden biede foar âlden en bern dy’t bûten Fryslân wenje, om dêr ûnderwiis yn de thústaal (bgl. it Frysk) te krijen. Mar ek binnen Fryslân soe in skoalle gjin frijstelling (mear) krije meie as Frysktalige âlden, ek al binne it mar in pear, ûnderwiis yn it Frysk foar har bern freegje. De advizen binne ferstjoerd oan steatssekretaris Sander Dekker fan UK&W.

Klik op: VLLT-Van taalachterstandsbestrijding naar taaldiversiteitsbeleid, 131120.pdf om it VLLT-advys te iepenjen.


07-11-2013 Artikel fan Sytze T. Hiemstra & Froukje de Vries oer de Fryske les yn it spesjaal ûnderwiis

Foar de stúdzjemiddei fan de seksje Frysk (VLLT) Fierder  mei Frysk (10) op tongersdei 7 nov. 2013 op de NHL te Ljouwert hat Sytze T. Hiemstra mei help fan Froukje de Vries in bydrage skreaun oer it plak fan it Frysk yn it spesjaal ûnderwiis en it brûken fan de iPad troch Froukje foar it fak Frysk en foar Fryske kultuer en skiednis op Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach. Froukje de Vries hat pionierswurk levere.

Der moat noch hiel wat ferbetterje oan it plak fan it Frysk yn it spesjaal (fuortset) ûnderwiis. Dat moat de lanlike oerheid better en ôfdwaande regelje yn wetjouwing en soks moat in Fryskkundige ynspeksje goed kontrolearje. Froukje lit yn har wurk foar de klasse sjen dat de iPad in grutte ferriking wêze kin foar it Frysk yn dat ûnderwiis en dat der ek noch winsken binne foar ferbettering.

Klik op: STH-Frysk en de iPad yn it spesjaal ûnderwiis.pdf. om dat artikel oer it spesjaal ûnderwiis en de iPad te iepenjen.


07-11-2013 FFU: útrikking eare-oarkonde oan Liskje Flapper yn Ljouwert

Yn 2012 bestie de FFU 25 jier en hat doe syn earste eare-oarkonde útrikt oan Hans de Haan fan Holwert (sjoch by 1212). Yn de maitiid fan 2013 folge Klaske Straatsma-Westerhof  (22 april 2013) fan Ljouwert. En op 7 novimber 2013 waard Liskje Flapper fan Burchwert troch de FFU yn it sintsje setten fanwegen har bysûndere fertsjinsten foar it Frysk yn it ûnderwiis.

Klik op: FFU-eare-oarkonde Liskje Flapper, 131107.jpg om de FFU-oarkonde foar Liskje Flapper te iepenjen.

Klik op: FFU-laudatio foar Liskje Flapper, 131107.pdf om de FFU-lofprizing foar Liskje Flapper te iepenjen (sjoch ek by Sjerp & Jittik foar in foto).


08-10-2013/28-01-2014 FFU: FFU-brieven oer it plak fan it Frysk as fak en as fiertaal op de Steve Jobsschool en it Koopmans College

Omdat de Master Steve Jobsschool te Snits (basisûnderwiis) en it Koopmans College yn Hurdegaryp (fuortset ûnderwiis) op harren webstek alhiel gjin ynformaasje jouwe oer it plak fan it Frysk as fak en as ynstruksjetaal op harren skoalle, hat de FFU it bestjoer en de direksje fan beide ûnderwiisynstellings oanskreaun. Ein desimber 2013, mear as twa moanne letter, is fan beide skoallen noch gjin reaksje ynkommen. Dat jout te tinken.

Klik op: FFU-brief oan Steve Jobsschool oer fak en fiertaal Frysk, 131220.pdf om it FFU-brief oan de Master Steve Jobsschool te iepenjen.

Klik op: FFU-brief oan Koopmans College oer fak en fiertaal Frysk.pdf om it FFU-brief oan it Koopmans College te iepenjen.

Omdat der ein jannewaris 2014 noch gjin reaksje fan beide skoallen ynkommen wie, hat de FFU in twadde brief oan de skoallen stjoerd.

Klik op: FFU-twadde brief oan de Steve Jobsschool, 140128.pdf om it twadde FFU-brief  te iepenjen.

Klik op: FFU-twadde brief oan it Koopmans College, 140128.pdfom it twadde FFU-brief te iepenjen.


08-09-2013 FFU: De needsaak fan yntegrale metoaden foar it Fryske ûnderwiis

Publikaasje fan de FFU oer de needsaak fan yntegrale metoaden foar (benammen) it trijetalich ûnderwiis (fak en fiertaal) yn Fryslân. It stik wurdt brûkt by it lobby-wurk fan FFU. Bgl. yn de kontakten mei de provinsje (amtlik en polityk) en ynstellings dy’t har dwaande hâlde mei it gearstallen fan learmiddels foar it Frysk. Dy metoaden moatte derta liede dat it Ingelsk, it Hollânsk/Nederlânsk en it Frysk (allegearre ferplichte skoalfakken yn Fryslân) inoar fersterkje troch systematysk de oerienkomsten en ferskillen yntegraal (opinoar behelle) op te nimmen yn de (nije) lear- en helpmiddels foar dy talen. Dat is ek fan grut belang foar it tefoaren kommen en bestriden fan ynterferinsjes (hollânismen en anglisismen) yn it Frysk. It ‘gehiel’ moat mear wêze as de som fan de dielen.

Klik op: FFU-De needsaak fan yntegrale metoaden foar it Fryske ûnderwiis. 130908.pdf  om dy publikaasje te iepenjen.


26-06-2013 Europeesk Parlemint: resolúsje Alfonsi oer bedrige Europeeske talen en oer taalferskaat

Ferslach fan de Kommisje kultuer en ûnderwiis fan it Europeesk Parlemint (rapporteur François Alfonsi) mei dêryn in wichtige resolúsje oer Europeeske talen yn de Europeeske Uny dy’t mei útstjerren bedrige wurde, en oer taalkundich ferskaat. De resolúsje (ek wol moasje Alfonsi neamd) is yn de kommisje en it Europeesk parlemint oannommen.

Klik op: EU-resolúsje Alfonsi, Ned., 26-06-2013 om de Nederlânsktalige wjergader fan de resolúsje Alfonsi te iepenjen.

Klik op: EU-resolúsje Alfonsi, Ing., 26-06-2013 om de Ingelsktalige wjergader fan de resolúsje Alfonsi te iepenjen.

22-04-2013 FFU: útrikking FFU-eare-oarkonde oan Klaske Straatsma-Westerhof te Ljouwert

De FFU bestie yn 2012 fiifentweintich jier en hat yn 2012 syn earste FFU-eare-oarkonde útrikt (sjoch ús webstek by 2012). Klaske Straatsma-Westerhof hat de twadde útrikt krige op de 22ste fan de gersmoanne yn 2013 op grûn fan har jierrenlange bysûndere fertsjinsten foar it Frysk yn it ûnderwiis, benammen yn har frije tiid. Boppedat is se al hiel lang foar de FFU in grutte stipe.

Klik op: FFU-eare-oarkonde Klaske Straatsma-Westerhof, 130422.jpg om de FFU-eare-oarkonde foar  Klaske Straatsma-Westerhof te iepenjen.

Klik op: FFU-laudatio foar Klaske Straatsma-Westerhof, 130422.pdf om de FFU-lofprizing foar Klaske Straatsma-Westerhof  (op 22 april 2013 te Ljouwert) te iepenjen.

16/22-04-2013 Ryk en Provinsje: Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2013-2018

Yn april 2013 is de nije ‘Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2013-2018’ ûndertekene troch de Steat fan de Nederlannen en de provinsje Fryslân

Klik op: Bestjoersôfpraak Fryske Taal en Kultuer 2013-2018.pdf om dy te iepenjen.


11-04-2013 NPLD: European Roadmap for Linguistic Diversity

On April 11, the Network to Promote Linguistic Diversity launched the European Roadmap for Linguistic Diversity, an initiative aimed at providing new ideas on the promotion of all languages of Europe, including official, Constitutional, regional and migrant languages. The initiative was part of the Irish Presidency of the European Union and counted on the support of the Government of Ireland, the European Commission and the European Parliament.

The NPLD’s Chair, Ms Jannewietske de Vries, gave an overview of the main issues to be covered by the Roadmap and highlighted the need for all language communities to participate on equal footing. For their part, the ambassador of Ireland to Belgium, Mr Eamonn Mac Aodha, and the Irish Minister of State at the Department of Arts, Heritage and the Gaeltacht, Mr Dinny McGinley, exposed the situation of Irish and emphasized the economic and social benefits of being a multilingual Europe.

As for the European institutions, Ms Kinga Gal, Member of the European Parliament and former Chair of the Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages expressed the continuous support and commitment of the Parliament to the promotion of languages and announced her direct involvement in the elaboration of the Roadmap. And finally, Mr Jonathan Hill, Deputy Head of Cabinet of Commissioner Vassiliou welcomed the initiative and encouraged the NPLD to continue the promotion of Europe’s linguistic diversity.

The event was attended by a high number of representatives from a wide variety of institutions, including Think Tanks such as the Migration Policy Group or the Yuste Foundation, Permanent Representations of European States, Members of the European Parliament and European Associations working in the field of language and culture such as the European Union National Institutes for Culture (EUNIC), among others.

Over the next few months, the Roadmap for Linguistic Diversity will develop a high level vision of a multilingual and linguistically diverse Europe and will provide some guidelines which will outline future developments for all the languages of Europe, including state, regional, minority, lesser used, cross border and migrant languages. It will also outline the collective responsibility of the European Union and its members to preserve, promote and enhance the use and status of all the languages spoken in Europe today.
www.npld.eu

Provinsje Fryslân

Foto’s: http://www.facebook.com/media/set/?set=a.10151625792504374.1073741826.87136599373&type=1

Klik op: NPLD-European Roadmap for Linguistic Diversity, 130411 om it stik te iepenjen.


01-03-2013 FFU: bydrage Tom Dykstra oan it sympoasium ‘Taalrijk Europa’

Op eigen inisjatyf skreaune en oan de organisators opstjoerde bydrage fan FFU-foarsitter Tom Dykstra foar it sympoasium ‘Taalrijk Europa – beleid en praktijk in Fryslân, Nederland en Europa’, dat op 1 maart 2013 te Ljouwert op de Fryske Akademy holden is. De konklúzje fan Dykstra is dat it taal- en ûnderwiisbelied fan de ryksoerheid noch (lang) gjin sprekken lije kin en dat de effekten marzjinaal binne.

Klik op: FFU-Taalrijk Europa, taalbeleid en taalpraktijk in Fryslân, 130301.pdf om de bydrage fan Tom Dykstra (FFU) te iepenjen.


28-01-2013 DS-brief oan FFU oer de provinsjale noata ‘Grinzen oer’

Hoewol’t de FFU syn winsken en krityk oangeande it ûntwerp fan de nije yntegrale noata ‘Grinzen oer’ al op 5 july 2012 yn in provinsjale ynformaasjegearkomste oer de haadlinen op amtlik nivo (ek skriftlik) op it aljemint brocht hat, liket dêr neat fan trochkrongen te wêzen by Deputearre Steaten. Wat de ynfloed fan ús brief en ús Oanfalsplan (2008) west hat op de úteinlik (op 23 jannewaris 2013) fêststelde noata, is likemin dúdlik. Net folle liket ús ta.

Klik op: DS-brief oan FFU oer de noata ‘Grinzen oer’, 130128.pdf om it brief fan Deputearre Steaten (d.d. 28-02-2013) oan de FFU te iepenjen. Sjoch hjirûnder by ‘Utgien 2013’ (05-01-2013) om it FFU-brief oan Deputearre en Provinsjale Steaten te iepenjen.


05-01-2013 FFU-brief oan PS en DS oer oanpassing kultuernoata ‘Grinzen oer’

Ynhâldlike reaksje fan de FFU op it earste konsept fan de yntegrale beliedsnoata kultuer, taal en ûnderwiis 2013-2016 ‘Grinzen oer’ fan de provinsje Fryslân. Yn dat FFU-brief jouwe wy ús opmerkings en winsken foar ferbettering oan. Wy ferwize dêryn geregeld nei ús ‘Oanfalsplan Frysk’ út 2008.

Klik op: FFU-brief oan PD en DS oer de noata ‘Grinzen oer’, 130105 pdf om it FFU-brief te iepenjen.

Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk, 2de pr.291008.pdf om ús ‘Oanfalsplan Frysk’ te iepenjen.



 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html