Utgien
| Útrikking fan de fjirde FFU-eare-oarkonde oan Froukje de Vries (13-11-2014) te Ljouwert fanwegen har bysûndere fertsjinsten foar it Frysk yn it ûnderwiis. |
Klik op: FFU-oarkonde Froukje de Vries, 141113.pdf om de FFU-oarkonde foar Froukje de Vries te iepenjen, Klik op: FFU-laudatio foar Froukje de Vries, 141113.pdf om de FFU-lofprizing foar Froukje de Vries te iepenjen (sjoch ek by Sjerp & Jittik foar in foto). |
Brief oan de provinsje Fryslân út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging en de FFU oer it fuortsetten fan it provinsjale ûnderwiisstimulearringsprojekt Boppeslach, dat yn 2015 ôfrint. De grûnslach foar dat brief foarmje de FFU-útstellen op dat stik. Dêryn wurde útgongspunten formulearre en mooglikheden oanjûn. |
Klik op: RfdFB/FFU-brief oan Provinsje oer Boppeslach (2), 141021.pdf om it mienskiplik brief fan de Ried fan de Fryske Beweging en de FFU te iepenjen. Klik op: FFU-útgongspunten en mooglikheden foar it Boppeslach-projekt, 141021.pdf om de FFU-útgongspunten en útstellen foar Boppeslach (2) te iepenjen. |
In stikmannich notysjes en winsken fan FFU-foarsitter drs. Tom Dykstra foar FA-ûndersykster Lysbeth Jongbloed oangeande fierder ûndersyk nei it taalgebrûk fan Fryske jongerein op de sosjale media en de relaasje mei it ûnderwiis. |
Klik op: FFU-Taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media, 140712.pdf om de notysje fan Dykstra te iepenjen. |
Publikaasje fan drs. T. Dykstra (foarsitter FFU) en drs. S.T. Hiemstra (skriuwer FFU) oer de taken fan it ‘Taalorgaan foar de Fryske taal’, ornearre foar it orgaan sels en foar belangstellenden. De FFU is fan betinken dat it orgaan in wichtige rol spylje kin yn it krewearjen foar in werklik (oan it Hollânsk) likense posysje fan it Frysk yn it Fryske taalgebiet. De nije ‘Wet gebruik Fries taal’ hat it oer ‘de gelijke rechten van de Nederlandse taal en de Friese taal binnen de provincie Fryslân te waarborgen’. De FFU formulearret in tal konkrete taken foar it orgaan mei it each op it ûnderwiis, û.o. oangeande de ûntheffingskritearia foar skoallen; it taalbelied fan de WEC-skoallen; de ferplichting fan it fak Frysk yn it mbû en in folweardich plak yn de mbû-eksamens; in folweardich plak foar it Frysk as fak en fiertaal yn/op de Fryske pabû’s en in Frysk-freonliker beneamingsbelied yn it hbû; it ûntwikkelje litten fan yntegraal, meartalich lesmateriaal foar alle fakken, mei in folweardich plak foar de Fryske taal en kultuer en de skiednis fan de Friezen (is gâns mear as de skiednis fan Fryslân); it stúdzje meitsjen fan ús ‘Oanfalsplan Frysk’, de advisearring oer in VLLT-advys om yn hiele Nederlân te kommen ta it kieze kinnen fan de eigen thústaal as fak yn it ûnderwiis (is bgl. fan belang foar it kieze kinnen fan Frysk bûten Fryslân). |
Klik op: FFU-De taken fan it ‘Taalorgaan voor de Friese taal’, 140709 om ús stik oer it taalorgaan te iepenjen. |
FFU-brief oer it ûnderwiis yn it Frysk op de Steve Jobsschool (Snits) en it Koopmans College (Hurdegaryp). De FFU hat beide skoallen twa kear in brief skreaun mei in fersyk om ynformaasje oer it plak fan it Frysk op harren skoallen (sjoch hjirûnder by brieven d.d. 08-10-2013/28-01-2014), mar dy wurde net beändere. Om dy reden hat de FFU him no rjochte ta de provinsje Fryslân en de ‘Ynspeksje fan it Ûnderwiis’. |
Klik op: FFU-brief oan ûnderwiisynspeksje oer it Frysk op de Steve Jobsschool en it Koopmans College, 140505.pdf om it FFU-brief oan de ynspeksje te iepenjen. |
Op 7 april 2014 is yn de bestjoerskommisje fan de nije fúzjegemeente ‘De Friese Meren’ it foarstel ynbrocht om de gemeentenamme te feroarjen yn ‘De Fryske Marren’, yngeande 1 july 2015, om dêrmei útfiering te jaan oan it koalysje-akkoart FNP-CDA 2014-2018. |
Klik op: FFU-ynspraak Hiemstra: ‘It kultuerpedagogyske belang fan Frysktalige toponimen’, 140407.pdf om de FFU-bydrage fan Hiemstra te iepenjen. Sjoch ek by ‘Aktueel 2014’: Inspreker gekapitteld, 08-04-2014 (A-LC). De Jongfries dr. Bertus Jans Postma hat yn deselde gearkomste ynsprutsen oer ‘Fan Friesche Meeren nei Fryske Marren’. Klik op: BJP-ynspraak Postma: ‘Fan Friesche Meeren nei Fryske Marren’, 140407.pdf om de bydrage fan Postma te iepenjen. Dy hat ús folle ynstimming. It liket derop dat de aksjes foar in Frysktalige gemeentenamme fertuten dogge. Ien en oar is ek op fideo opnommen. Klik dan op de skeakel (link): http://player.companywebcast.com/gemeentefriesemeren/20140407_1/nl/Player om nei 20 min. by de bydrage fan Postma te kommen en nei 27 min. by dy fan Hiemstra. It trijehoekje op it balkje efkes trochskowe. Klik op: https://www.facebook.com/photo.php?v=520079411436227 om allinnich de opname fan Hiemstra (in oare fideo) te iepenjen. |
Doe’t ek de Feriening Frysk Underwiis (FFU) yn de kollum fan Abe de Vries (‘Ynfiering fan Sovjetfrysk?, Frysk Deiblêd, 26 febr. 2014) yn negative sin behelle waard yn de ‘diskusje’ oer de oanpassing fan de stavering en oer in (noarmearjende) standertwurdlist Frysk, tocht de FFU der goed oan te dwaan om de taalkundigen fan de Fryske Akademy in stipe yn ’e rêch te jaan. Tefolle wiene tsjinstanners as Pieter Breuker en Henk Wolf mei prosedurele spultsjes dwaande. Boppedat achte de FFU harren arguminten tsjin it fierder standerdisearjen fan it Frysk, foarsafier’t dy der wiene, net falide. Soarch oer de takomst fan it Frysk hawwe wy allegearre en dan leit it swart meitsjen fan minsken net foar de hân. De FFU is fan betinken dat de standert fan it Frysk fierder ûntwikkele wurde moat troch de Fryske Akademy, mei foldwaande stipe fan de provinsje. |
Klik op: FFU-brief oan Fryske Akademy oer stavering en standert, 140304.pdf om it FFU-brief oan de taalkundige ôfdieling fan de Fryske Akademy te iepenjen. |
Omdat de Master Steve Jobsschool te Snits (basisûnderwiis) en it Koopmans College yn Hurdegaryp (fuortset ûnderwiis) op harren webstek alhiel gjin ynformaasje jouwe oer it plak fan it Frysk as fak en as ynstruksjetaal op harren skoalle, hat de FFU it bestjoer en de direksje fan beide ûnderwiisynstellings oanskreaun. Ein desimber 2013, mear as twa moanne letter, is fan beide skoallen noch gjin reaksje ynkommen. Dat jout te tinken. |
Klik op: FFU-brief oan Steve Jobsschool oer fak en fiertaal Frysk, 131220.pdf om it FFU-brief oan de Master Steve Jobsschool te iepenjen. Klik op: FFU-brief oan Koopmans College oer fak en fiertaal Frysk.pdf om it FFU-brief oan it Koopmans College te iepenjen. Omdat der ein jannewaris 2014 noch gjin reaksje fan beide skoallen ynkommen wie, hat de FFU in twadde brief oan de skoallen stjoerd. Klik op: FFU-twadde brief oan de Steve Jobsschool, 140128.pdf om it twadde FFU-brief te iepenjen. Klik op: FFU-twadde brief oan it Koopmans College, 140128.pdfom it twadde FFU-brief te iepenjen. |
Ynkommen
Brief (d.d. 11-11-2014) fan de Ried fan de Fryske Beweging oan de fêste kommisje fan Underwiis. Kultuer en Wittenskip (OCW) fan de Twadde Keamer oer de soarchplicht foar de Fryske taal. Yn it brief wurdt de needsaak oanjûn fan in folweardich, selsstannich en breed programma-.media oanbod yn de Fryske taal. De taakopdracht (ek: taalopdracht) foar Omrop Fryslân is wêzentlik oars as dy foar oare regio’s. Dy taalopdracht is neffens de FFU ek tige fan belang foar it ûnderwiis yn it Frysk. |
Klik op: RfdFB/OCW-brief oan OCW oer folweardich Frysk by de Omrop, 141111.pdf om it brief fan de Ried oan de fêste Keamerkommisje foar OCW te iepenjen. |
Op persoanlike titel skreaun kommentaar fan FFU-foarsitter Tom Dykstra op it ‘Strategysk Beliedsplan 2014-2017’ fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dykstra sit foar de FFU yn it Algemien Bestjoer fan de Ried. Omdat der rekken holden wurde moast mei de kapdatum foar it ynleverjen fan in reaksje (heal jannewaris 2014) wie de tiid te koart foar de FFU om it beliedsplan noch yngeand te besprekken. It FFU-bestjoer kin it lykwols lykfine mei Dykstra syn kommentaar. |
Klik op: TD-Kommentaar op Strategysk Beliedsplan RfdFB, 140114.pdf om de reaksje fan Dykstra te iepenjen. |
Op 14 jannewaris 2014 joech it Friesch Dagblad omtinken oan it ferskinen fan it twadde rapport fan de Advyskommisje foar it Ramtferdrach foar it Beskermjen fan Nasjonale Minderheden, dat de Ried fan Europa (sept. 2012) op 13 jannewaris 2014 frijjûn hie. It FD sinjalearret dat it tal learkrêften dat de taal echt goed genôch behearsket om dy oerdrage te kinnen, lyts is. It tal learlingen dat yn it fuortset ûnderwiis Frysk yn it pakket hâldt, is ek lyts. It kabinet dielt dy soargen, skriuwt it yn in skriftlike reaksje, dat tagelyk taheakke is. Op side 35 fan dit twadde rapport stiet û.o. oer de ûnderwiiskêsten 12-14: |
Klik op: RfE/KfE-Twadde rapportaazje Ried fan Europa oer it neilibjen fan it Ramtferdrach troch Nederlân, 140113.pdf om it rapport te iepenjen. It ‘adviescomité’ of ‘riejaand komitee’ foar it Ramt- of Kaderferdrach hat in twadde advys oer Nederlân útbrocht, dat te Straatsburg goedkard kard is op 20 juny 2013. De wichtichste befinings komme per artikel op it aljemint, û.o. oer it Frysk yn it ûnderwiis (kêst 14 Ramtferdrach; s. 24-25 yn it Hollânsktalige rapport en s. 22-23 yn de Frysktalige wjergader). Klik op: RfE/AC/NED-Tweede advies over Nederland, 130620.pdf om it advys yn it Hollânsk te iepenjen. Klik op: RfE/RK/FRYSK-Twadde advys oer Nederlân, 130620.pdf om it advys yn it Frysk te iepenjen. Klik op: KAB-Kabinetsreaksje op de befinings fan it riejaand komitee RfE, 131218.pdf om de kabinetsreaksje te iepenjen op de befinings fan it advyskomitee fan de Ried fan Europa, op 18 des. 2013 ûnderskreaun troch dr. R.H.A. Plasterk, minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en oanbean oan de Twadde Keamer. |
Op 30 jannewaris 2014 is it wetsfoarstel foar it wizigjen fan de wetten op it primêr ûnderwiis, it fuortset ûnderwiis en de ekspertizesintra yn ferbân mei de Fryske taal (336118) yn de Twadde Keamer plenêr bepraat. |
Klik op: TK-ferslach Twadde Keamer-beried oer wetten Fryske taal, 280114.pdf om in part fan it oerlisferslach te iepenjen. |
Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html