Poadium 2009
Op dit plak (‘Poadium’) pleatse wy teksten dy’t wy fan belang achtsje foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Se moatte, as it heal kin, (eftergrûn)ynformaasje biede. Se moatte ek motivearje, dat wol sizze arguminten of beweechreden jaan foar ús taalemansipatoarysk hanneljen.
Hâld ús dus op ’e hichte fan wat jo witte en wat jo wolle. Jou ús troch wat jo ‘beweecht’ (ffupost@hotmail.com)! Mei ‘stilsitten’ bedije wy neat foar ús eigen taal en kultuer.
Desimber 2009
Omrop Fryslân (13-11-2009), Bryk Frysk I en II, 09/12-12-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Trije ynstjoerde stikjes yn de Ljouwerter oer it brike Frysk by ús Omrop. Lês fierder >>
It brûken fan de offisjele Fryske wetternammen troch Wetterskip Fryslân, des. 2009 (P-LF)
Lyts Frisia - Twa brieven (d.d. 25 july 2009) fan Bertus Postma yn Lyts Frisia (jrg. LVIII, nû. 4, s. 51-52) oer it net brûken fan de offisjele Frysktalige wetternammen troch Wetterskip Fryslân. Lês fierder >>
Septimber 2009
Taalymperialisme, 15-09-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Bertus Jans Postma jout yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante in andert op in ynstjoerd stik fan Rein Strikwerda. Yn in brief fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân (sjoch by ‘Aktueel 2009”, 28-07-2009) oan de steatssekretaris fan Ynlânske Saken stelt de groep it Ryk ferantwurdlik foar it feit dat weryndieling fan gemeenten net skealik wêze mei foar de nammejouwing fan plakken. Strikwerda tinkt dat de ferfrysking fan plaknammen yn de nije fúzjegemeente yn de súdwesthoeke fan Fryslân in foarm fan Frysk taalymperialisme is. Postma bestriidt dat. Lês fierder >>
July 2009
Taalefterstân?, 01-07-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Zus Wassenaar út Terwispel kritisearret yn in ynstjoerd stikje Frysktalige memmen dy’t Hollânsk tsjin harren bern prate, omdat se tinke dat harren bern oars in taalefterstân krije. De trijetalige skoallen berikke goede resultaten foar Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Wêrom meitsje dy net dúdlik dat bern op sokke skoallen gjin taalefterstannen krije, sa freget se har ôf? Lês fierder >>
Juny 2009
Foarsittersprakkesaasjes, juny 2009 (P-EE)
Each & Ear - Foarsittersprakkesaasje fan Douwe Hoekstra yn Each & Ear (jrg. 25, nû. 2, juny 2009) mei in pleit foar it ‘oplizzen’ fan it learen en brûken fan Frysk by lju mei in foarbyldfunksje (lykas by in algemien direkteur of in haadredakteur fan Omrop Fryslân), in stânpunt dat de FFU ek útdraacht yn syn Oanfalsplan Frysk (sjoch bgl. by Brieven, útgien, 29-10-2008 om dat plan oan te klikken). Lês fierder >>
Maaie 2009
Gjin sifers, mar gesichten, 22-05-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - ‘Dwers’ fan Pieter de Groot (LC, 22-05-2009) oer it sukses fan de trijetalige skoalle en de hâlding foar it belang fan it Frysk oer. De Groot achtet de oprop fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) om in Fryske ûnderwiispriis yn te stellen in treflik idee as der ek rekken holden wurdt mei wat de opbringst (‘output’) is fan de skoallen op it stik fan it Frysk. Lês fierder >>
Oanfalsplan Frysk, 14-05-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Der is no in oanfalsplan Frysk (fan de Feriening Frysk Underwiis en oaren) en dat is in goed ding, seit Jan de Jong út Zweeloo yn in ynstjoerd stikje. Der moat better foar it behâld fan ús taal striden wurde. It Fryske is in estetyske taal, dy’t jin hâldfêst en in identiteit jout yn in ûnwisse en gaoatyske wrâld. Lês fierder >>
April 2009
Underwiis yn it Frysk: in Fryske Underwiispriis?, april-2009 (P-SW)
Swingel - In artikel fan FFU-foarsitter Tom Dykstra yn Swingel 23 (2009, s. 11-13) oer de winsklikens om in Fryske ûnderwiispriis yn te stellen. Lês fierder >>
Maart 2009
Menaldum/Menaam, 22-03-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Gemeentebelangen en oaren hawwe der in hantsje fan en oerdriuw de kosten fan de nammeferoarings yn Menameradiel sterk, seit B.J. Postma yn in ynstjoerd stikje. Se binne mei de wierheid op ’e rin. Lês fierder >>
Niks ‘maakbaar’, 13-03-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Fryske bestjoerders moatte mei har moaie fiersichten oer in ‘duorsum’ Fryslân mei beide fuotten op de grûn stean bliuwe, seit Pieter de Groot yn syn rubryk ‘Dwers’ (13-03-2009, s. 14): “Sjocht allinnich mar ris wat de provinsje de ôfrûne fyftich jier op it mêd fan it Frysk bakt hat. Dat is in beskamsum bytsje [...]. Lês fierder >>
Meartaligens soarget net foar ûnderwiisefterstannen, 06-03-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Yn ‘Te Gast’ (LC, 28-02-2009; sjoch by ‘Poadium 2009’) hâldt IJsbrand Jepma fan Sardes út, dat de saneamde efterstân yn it ûnderwiis yn Fryslân foar in grut part feroarsake wurdt troch te min omtinken foar it Nederlânsk. Mar minsken leare in twadde taal net op kosten fan de earste, sizze Sikke de Jong en Alex Riemersma yn harren reaksje (‘Te Gast’) op Jepma syn foaroardiel. Lês fierder >>
Friesche crèches, 05-03-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Yn in ynstjoerd stikje reagearret J.J. Luhoff op in ‘Te Gast’ fan IJsbrand Jepma (LC, 28-02-2009; sjoch by ‘Poadium 2009’), dy’t bewearde dat der net folle doocht oan de Fryske kresjes en dat ûnderwiisefterstannen te witen binne oan te min omtinken foar it Hollânsk op skoalle. Luhoff jout oan dat de relaasje tusken it Frysk en ûnderwiisefterstannen hiel wat yngewikkelder is as Jepma suggerearret: ‘Niet een afwijkende moedertaal, maar een taalarme omgeving is funest. Daarbij maakt het niet uit of er in het Nederlands, Fries of Turks gezwegen wordt.” (sjoch ek de reaksje fan Sikko de Jong en Alex Riemersma op Jepma by ‘Poadium 2009’, 06-03-2009). Lês fierder >>
Update 01-03-2010:
Op 1 maart 2010 reagearret Johannes Jenze Luhoff oer de e-post op it pleatsen fan it LC-stikje op ús webstek. Dat pleatsen fynt er bêst, mar hy foeget deroan ta dat syn ynstjoerd krantestikje oarspronklik skerper wie. Dêryn wurdt in folle dúdliker toan oansetten tsjin Jepma c.s. Neffens Luhoff frege it stik fan Jepma om dy toan. De FFU is ek fan dat betinken. Jo kinne sadwaande no ek it stikje fan Luhoff oanklikke sa as it ‘écht’ bedoeld en skreaun wie. It wykt dus ôf fan wat de LC der fan makke hat (klik foar it LC-stikje op de skeakel hjirboppe). Lês fierder >>
Febrewaris 2009
Friesland verdient betere crèches, 28-02-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - IJsbrand Jepma, ûndersiker by Sardes, is de safolste dy’t ûnderwiisefterstannen yn Fryslân taskriuwt oan te min omtinken foar it Hollânsk. Omdat sok tinken besmetlik is, weve Sikko de Jong en Alex Riemersma ôf mei dat foaroardiel yn harren artikel ‘Meartaligens soarget net foar ûnderwiisefterstannen’ (LC, 06-03-2009, s. 4; sjoch by ‘Poadium 2009’). J.J. Luhoff docht itselde yn syn ynstjoerd stikje ‘Friese crèches’(LC, 05-03-2009, s. 7; sjoch by ‘Poadium 2009’). Lês fierder >>
Canoncommissie reageert op kritiek: Historisch denken als leerdoel, 27-02-2009 (P-FD)
Friesch Dagblad - De afgelopen weken verschenen er in deze krant vier bijdragen over het voor en tegen van de Friese historische canon. Als Commissie Canon zijn we uiteraard blij met zoveel aandacht, maar maken we ook graag gebruikt van de geboden gelegenheid om een slotreactie te geven. Door Goffe Jensma.. Lês fierder >>
Jannewaris 2009
Fryslân opheffen voor lansdeel Noord?, 30-01-2009 (P-LC)
Friesch Dagblad – In zijn nieuwjaarstoespraak waarschuwde burgemeester Van den Berg van Ferwerderadiel dat de provincie net zo goed opgeheven kon worden als door de herindeling te grote gemeenten zouden ontstaan. Volgens Doede Damsma heeft van den Berg gelijk. Hij vindt dat de ondermijning van de provincie moet worden gestopte door de herindeling tegen te houden. Lês fierder >>
Efterstân, 28-01-2009 (P-LC)
Leeuwarder Courant - Meartalich ûnderwiis mei in rom plak foar de memmetaal is better foar bern, ornearret Johannes Kramer (FNP) yn in ‘Te Gast’ yn de LC (28-01-2009, s. 4). Utgeande fan in ien lân, ien-taal, ien-folk-ideology set de PvdA yn syn notysje ‘Verdeeld Verleden, Gedeelde Toekomst’ alle oars-as-Hollânsk-praters op efterstân. Dy partij soe him better drok meitsje kinne oer de lege kwaliteit fan it ûnderwiis. Lês fierder >>